P.C. 1989. . .

Treffend en oandwaanlik,
Foar keatser en partoer.
De taspraak fan de lieder
Fan it P.C.-bestjoer.

Oan elk joech hy in stipe,
Foar de striid yn 't keatsersperk.
Elkenien dy wol it winne,
En fielt him tige sterk.

It keatsersfolk sit al te grútsjen,
Dat partoer sil it wol winne.
Sjochris hoe't dy boppeslacht,
Der kin gjin mins omhinne.

It waar berûn en suterich,
Dat koe wol wat beter.
Hurde wyn, de ballen kwea,
No en dan in snjitsje wetter.

Op tribunes en banken,
Folget elk de fûle striid.
Slacht in keatser dan wer boppe,
Dan klapt mannichien sa bliid.

Oan ‘e ein fan ’t fûle keatsen,
Machtich sa’n famyljedei.
Noch it moaje folksliet,
Elkenien dy sjongt it mei.

Dan wâlet it yn ús herte,
Dat soks noch barre kin.
Ik fiel my dan sa lokkich,
Dat ik in bern fan Fryslân bin.

Tsjommearum, J.H.W.