Masterlik …

Op 'e legere skoalle,
't Wie al yn de trêde klas.
Stie in ûndermaster,
Mei swarte strik yn dûnkere jas.

Wie men knap en bêst yn 't learen,
Mei in goed ferstân.
Dan noch nei de boppemaster,
Dy koe de bern ek hiel wol oan.

Juffer, ek in noflik minske,
Strang en koe sa beare.
Hja joech les yn gymnastyk,
Famkes moasten breidzjen leare.

Bern, fan de gegoede âlden,
Moasten earst mar nei de stêd.
It waard 't yn 't earst probearre,
Al wie men net sa glêd.

Fammen moasten foar har trouwen,
By in oar oan 't lyntsje lûke.
Mefrou, de bakker en de boer,
Koen’wol sokke fammen brûke.

En by 't simmer op 'e fjilden,
Yn 'e biten en it koarn.
It ripe flaaks mei lûke,
En de weet mei yn de bân.

Tegearre yn in húske,
Trouwe, nee, dat hoecht no net.
De tiid sil it wol leare,
Fan bern ek gjin ferlet.

Studearje yn 'e boeken,
Kennis hat men noait tefolle.
Mar ek it jonge dat wurdt âlder,
Sjocht men it lok net oer de holle.

De iene skoalle nei de oare,
Deis mar yn de bus of trein.
Altydoan mar yn de stúdzje,
Komt der ea in ein?

Ingenieur of doktorandus,
Fynt men hiel gewoan.
Alles is sa masterlik,
Gjin warber folk mear op it lân.

Masterlike grutte ploegen,
Skuorre troch it romme fjild.
Hastich, altyd mar wer hurder,
Want de tiid is ek it jild.

De swarte lyster yn 'e beammen,
Sjongt wer fan de heechste top.
Hy lit ús efkes heare,
Ik slaan hjir foar master op.

Minsken binne nea tefreden,
Sykje 't al mar heger.
In keunstich eilân yn ‘e see,
Dy boarje al mar leger.

Faken moat’ wy sels ek masterje,
Oan ús lichem en ús siel.
Mei de pillen en troch rêsten,
En it goed úttochte miel.

Straks komt wer it nije libben,
Wyn en wolken, it grien is fris.
It duorret mar in hoartsje,
Dan sjogge wy wa ’t Master is.

Tsjummearum 16-09-1989,
J.H.W.