Rûchhouwers …

It sprekwurd seit,
De wrâld is rûch.
Dy't himsels net rêdt,
Is wol slûch.

Sjogge wy sa om ús hinne,
De wide romme fjilden oer.
Hjir en dêr de hege stikels,
Dan is dát in rûge boer.

Tryn hat wer in oare jûpe,
Dat liket al sa gek.
Skean en bryk, ûnder de raffels,
It hat wol fan in sek.

It winkeltsje fan Pibe en Akke,
Dêr is 't ek sa’n brol.
Men kin de kont net keare.
't Is rûnom allike fol.

Klaas is fêste skriuwer,
En wurket op 't kantoar.
Syn hânskrift net te lêzen,
Mar wol in protte smoar.

Nim no Doaitzens Doetsje,
Dat seach ik lêsten freed.
Fage mei in grutte feger,
De rûchte ûnder ‘ t kleed.

Sije, fan Paulus Buske,
Docht it wol sa gek.
Rint net oer it tegelpaad,
Nee, de bonken oer it stek.

Dy jonge fan Sytse Styn,
Hy moat it ek mar witte.
Moat er hastich út 'e broek,
Kin dan tiden yn 'e reiden sitte.

Mei de tûme en de finger,
Just, dat is grouwe Ate.
Net yn in bûsdoek snute,
Moats my der net fan prate.

Hja meitsje ús fan alles wiis,
Se romje op it giftich gas.
Dêroer ha 'k myn betinken,
Der is noch mear ûnder de jas.

De hiele wrâld dat is in rûchbult,
Dat sjocht men dei oan dei.
De grûn, besiedde mei de liken,
Dêr is de ein fan wei.

Tusken rommel en de rûchte,
Al is der mar in plakje bleat.
Dát is sa ferwûnderlik,
Dêr bloeie blommen út it neat.

Sjogge wy mei bleate eagen,
Nei de lytse griene sprút.
Hy wurdt stadichoan wat grutter,
En aanst’ komt dêr in blomke út.

De iene hat it oer de oare,
Dat sil ek wol sa bliuwe.
En hoe ’t it ea noch komme sil,
Dêryn moat de minske leauwe.

Tsjummearum, J.H.W.