Twaling…

Alhiel fan ’t stuk, oerstjoer fan blidens,
Fleach Jehannes troch de doar.
Tige hastich en sa rimpen,
Op in Hilversums kantoar.

Menhear, Jo moat ris nei my harkje.
Ik wol it blide boadskip dwaen,
Yn de pleatselike krante,
Us lytse twaling oan to jaen.

Myn frou en ik, wy bin ' sa lokkich,
Dat dit nou krekt ús barre mei.
Wy hiernen ek allang in famke,
En nou dy twa, sa ik al sei.

Wy wolle dit nou kundich meitsje,
Wol hast oan de hiele wrâld.
Dit moat ek ús Pake lêze,
'k Siz it Jo, hy is al âld.

De menhear kaem net út,Fryslân.
Mar hy harke nei de man.
Dy dér so oerstjûr oan 't wurd wie.
Hy stie allykme neist de skûon.

Jehannes die yn 't hege Hollânsk,
De tekst en út lech fan syn doel.
En de man efter it buordsje,
Siet noflik yn syn leuningstoel.

Myn âlden en myn Pake,
Dy hawwe noch in hechte bân.
Eartiids binne hja ek berne,
Yn dat fiere, Fryske lân.

En dêrom wol ik Jo nou freegje,
Kin 't ek yn de Fryske tael.
’t Hoecht net sa lyts en sa bihindich,
It mei yn opset wol rejael.

De kranteman dy naem de pinne,
En sette op in fel pompier.
Jehannes, Jelle, Peiter Ketel,
En Adriana van der Vlier.

De redacteur sei tsjin Jehannes,
Wol menhear, sa is ’t dan klear.
Jehannes wie de man sa tankber,
En sei oermoedich-mar oan ’t sjens menhear-.

De oare deis koe elk it lêze,
Yn’e Stêd en yn it lân.
D'r bin’twa lytse tsjettels berne,
Mei in rydlik goed forstân.

Mem en Heit, dy bin ' sa lokkich,
Se kinne d 'r hast net oer út.
Twa leave lytse tsjetteltsjes,
Ien mei, - en de oare sûnder tuet. -

Tsjommearum, Jier fan it bern, 1979

J. H. W.