Dit was het laatste gedicht van vader.
Baukje van der Zee- Westra
30-09- 1989 .

Kompjūters .

Mei it ferskowen fan de jierren,
Ha ferskate minsken skreaun,
Dźrtroch is sadwaande,
In hiele soad bewarre bleaun.

Yn de kleasters en de tsjerken,
Minsken mei in grut ferstān,
Lieten soks dan ek wol printsje.
Prachtich yn in gouden bān.

De hiele wrāld sit fol mei boeken,
Platen, skiven en de bannen.
Se binne hast wol siedde,
Yn alle ūnderskate lannen.

It waard sa probeare,
Der is ek lang nei socht.
Troch wriuwing en wat koper,
Sa ūntstie 't elektrysk ljocht.

It būtenlān, de steammasine,
Net te leauwen en sa’n kracht.
Izeren stźven troch de fjilden,
En se rieden ek by nacht.

Net ferjitte klank en lūden,
Troch en mei en sūnder tried.
Alles koe men sa beharkje,
Al wie it waar ek noch sa wiet.

De radio, de televyzje,
Kaam der nea in ein?
Raketten yn de romte,
't Is de takomst wurdt der sein.

De bern, dy kinne der net sūnder,
Hja geane sa de takomst yn.
Is dįt wol sa goed en nedich,
Binne wy ek sjende blyn?

Fjochtsje, tsjin de slimme sykten,
Party minsken hawwe stres.
Mei alderhanne apparaten,
Stean' de dokters op 'e bres.

Is alles wol sa klear en suver?
As wy troch de bosken gean',
Moatte wy ek net ris tinke:
Sil’ hjir ea noch beammen stean?

Mar de minsken ha kompjūters,
Dįt is de takomst, sūnder mis,
Bliuwt foar mannichien de frage,
Binne wy ek wol sa wis?

Wapke stiet by 't wite widske,
By bar libbene kompjūter.
In kūltsje yn it lytse kin,
Hy skattert as in toeter.

Se kin der sa mei piele,
Dat soks yn ,t libben ek noch kin.
Weidzje mei de gleone eachjes.
Hy hat it sa nie ’t sin.

It binne grutte wūnders,
Alles sit der oan.
En hoe ’t sa ’n kompjūter wurket,
Dįt giet boppe śs ferstān.

Tsjummearum J.H.W.