Reiziger, hwerhinne. . . ?

Yn it fier forline,
Kaem de minske op 'e wrâld,
Mei twa earmen en twa skonken,
Kôgjend foar syn selsbihâld.

Se hoegden net safier to rinnen,
It iten groeide tichtebij.
’t Wiernen fan de bêste fruchten,
Der wie doe noch gjin rizenbrij.

Tige sterk en goed folwoeksen,
Mei in ridlik goed forstân.
Libben hja dêr o sa fredich,
Yn dat nou sa hilge lân.

Men bigoun al gau to tinken,
En ien, dy wie sa glêd.
Hy makke wol sa kunstich,
It sterke, houten, roune rêd.

Doe ek noch mar in fûge karre,
En dat gie mar al en oan.
Sa bigoun doe al it reizgjen,
Fan sté net sté, fan lân nei lân.

It fornuft wie net to stuitsjen,
En bigoun meast yn it lyts.
Net mear nei de faem to rinnen,
Mar op in sterke, geve fyts.

It is hast net to leauwen,
De trein, de auto en de tram.
Sels de greate ûndernimmers,
Makken op it lêst de Fram.

Nou is it wêr in hiel gedokter,
En it is ek noch net foun.
Yn it doarp in skûles plakje,
Oeral is it hil’ge groun.

De fûgels om us hinne,
Dy hawwe gjin forlet.
Hja fleane wêr se wolle,
En hoege ek gjin reisbiljet.

Waer en wyn, wat kin 't har skele,
De himmel is har ûnderdak.
Yn in net to mjitten romte,
Ha se allegearre plak.

Oan 'e dyk, yn 't goare ûnwaer,
Stie in minske, pûr allinne.
Yn ‘e fierte komt de lêste bus,
Foar de reiziger, - werhinne- ?

J.H.W.

Tsjommearum, Simmer 1979