Keatse . . .

Us doarpke stie yn vroeger jierren,
Gouris yn it keatsersljocht.
Greate sulvren aerballen,
Waerden dan nei hûs ta brocht.

Jan en Otto, mar foaral dy Tsjebbe,
Sloegen fier de ballen yn it roun.
Se wiernen do wol sa fûleindich,
It gêrs stoude út 'e groun.

Kloften minsken om 'e touen,
Op sa 'n greate keatspartij.
Trebunes fol mei earegasten,
En de froulju d 'r hwat bij.

Do kaem er wêr in oare rite,
Mei in folle greater bal.
Men koe it lytse baltsje slite,
En dat gie ús, wer fiersto mâl.

Mar lokkich is it nou wêr rêdden,
Hwant de -five - kaem ta stân.
Manlju, jonges en sels froulju,
Joegen foar it keatsen oan.

't Is in fleurige fortoaning,
Keatse op in tarre dyk.
En fûl as se dan binne,
It is gauris seis gelyk.

Niget oan de lytse jonkjes,
Altyd bin' se yn 'e skrep,
Linich yn 'e hânnen spuije,
Oer it hier in sinneklep.

De bijinoar skrabe priizen,
Dy lige d 'r net om.
Konnifearen út it túntsje,
Mei in roaske en in blom.

Efkes moat it ús bikrûpe,
As it bistjûr de priis útrikt.
En in mem har lokkich jonkje,
Nei it eareplakje skikt.

Sa hâlde wy it doarp yn eare,
En ek noch yn in goede glâns.
Meiinoar is alles mooglik,
Jow de jongerein in kâns.

Litte wy dit goed bigripe,
In doarp is wol sa 'n djûr bisit.
Dat kin' wy altyd wol fornimme,
As immen nei de frjemdte gjit.

Gjin fiven en gjin seizen,
Allegearre hwat gelyk.
Dan just wurdt it libben draechlik,
En ús doarp, - in keninkryk -.

Tsjommearum, simmer l979
J.H.W.