Miljeu...

Mei niget ha wy harke,
Nei dat wyfke by de se.
Hja wol perfoarst werom nei’t âlde,
It himelwetter foar de thé.

Foaral ek by it waskjen,
Gjin djûre middels met fosfaet.
Mar it skjinne himelwetter,
Ut in bak en út de saed.

Bang fan al dat goare plestyk,
It iten wer yn skjin papier.
Net al to folle apparaten,
Mei nijmoaderich gemier.

It ôffal fan safolle grienten,
Datjinge hwat forrotsje kin.
Alles op'e tún biwarje,
It kompost, dát hat wer sin.

Ek it gas kin wol hwat sunich,
En as it moat, de waekflam ut.
Komme wer de kâlde jounen,
Dan de blinen foar it rut.

Net sa fleane mei de auto 's,
Mannichien moat nei de stêd.
Yn it doarp is 't ek to krijen,
Keapje mear op 't eigen mêd.

Sa wol hja it nou probearje,
En is dat nije wol sa beu.
In ropstim oan de Rono-harkers,
Foar in goed en skjin miljeu.

't Kin allegear wol hwat biheinder,
Griene sjippe is al sa goed
De hiper nije wasmesinen,
Sûpe wol sa 'n wetterfloed.

Ek wer mear de hannen brûke,
Dat makket faek in soune lea.
Alle dagen lekker switte,
Dat docht de minske wier gjin kwea.

It wienen wer oprjuchte lûden,
Foar it doarp en foar de stêd.
By de winter kâlde fuotten,
In waerme balstien mei yn 't bêd.

Dit is goed om oan to hearren,
’tIs noch mar in lyts bigjin.
Allegeare ris probearje,
Dan wurdt ús wrâld fansels wer skjin.

Tsjommearurn, hjerst 1979
J.H.W.