Bjusterbaerlik...?

Ja, dat wie it waer yn Frjentsjer,
Dat soks, dan ek noch kin.
Hielendal wer net forwachte,
Wol sa bjusterbaerlik min.

It is dan o sa spitich,
Foar mannichien, - de dei -
Al it hiele jier foar garre,
It folk, dat komt dan rounom wei.

Tinke, oan de âlde freonen,
Op sa 'n feestelike moarn.
Har geast, net út to wiskjen,
Yn it âlde Sjûkelân.

Elkenien dy hat sa’n niget,
Oan it fûle keatsersfolk.
Mar de loft, dy smiet mei wetter,
As wie, út in jarrekolk.

Men hie de measte wille,
Op it gledde, griene mêd.
Dy it waer net koe fortarre,
Naem in hapke yn 'e stêd.

De krigele, bitûfte keatsers,
Dy sloegen ta de ein.
Har doel, - it lytse roune baltsje, -
Seagen net, nei Wyn en rein.

It keatsen yn us lytse lântsje,
Dat hâlde wy ûnwitend heech.
Kloften minsken om 'e touen,
Al is it waer ek noch sa dreech.

Takom jier, wêr yn it âlde Frjentsjer,
Meiïnoar, ien greate bân.
De greate dei, - dy fan it keatsen.
Yn ús moaije Fryske lân.

Tjsommearum, Wettermoanne 1979
J.H.W.