Ienfâld...

It soe der wol fan komme,
Dit wie grif de lęste nacht.
Alle trije greate soanen,
Hâlden by bar heit de wacht.

Sibe Sjoerds, in man yn oansjen,
Birekkene, mar net foaroan.
Troch in drok en wurksum libben,
Garre hy wol aerdich lân.

Ek syn trije soune soanen,
Wienen warber en net sleau.
Mei troch heit syn goede wurken,
Hienen se in goed bidrieuw.

Sibe kaem net faek yn tsjerke,
Ja, dat is doe frjemd forroun.
Eartiids wie der o sa 'n wrevel,
Oer de hier fan tsjerkegroun.

Dochs hie hy sa syn bitrouwen,
Yn him wol in lieuwend hert.
F’ral sa tsjin de kâlde winter,
Forgeat hy ek de widdo net.

Mei in weinfol bęste reade,
Earst mar oan by âlde IJtsje,
En dan mar op nei Gaukes Riem.

De stumpers wienen dan sa lokkich,
Hwat wie dy Sibe goed en gol.
Fregen Se, - hwat bin ' de kosten -,
In hân omheech, - 't komt letter wol.

Yn dizze nacht stie elk to tinken,
Hoe har libben wie forroun.
Striid en swit, roungear fan 't bealchjen,
Op dit lytse plakje groun.

De âldste, sei it hiel forsichtich,
Komt foar ús heit de iv 'ge ein.
Dan trije mooije swarte hynders,
Foar ús âlde boerewein.

De middelste, wie hwat biheinder,
En seach dat greatske ek net sa.
Dy ornearre, goed bedoeld ek,
It kin om my ek wol mei twa.

De jongste, wie fan oars bitinken,
Altyd wie hy lytse Oeds.
Us heit, dy wie wolsa ienfâldich,
Ien hynsder, foar ús âlde koets.

Dizze nacht noch dreamde Sibe,
Syn libben dat wie gau foarby.
Yn tinzen seach hy noch de griene fjilden,
Mei syn moaije stamboekkij.

De âlde boer hie alles lustere,
En prevele noch ta einbislút.
Hwa jout my myn âlde toffels,
Dan gean ‘k dy kant alfęst mar út.

Tsjommearum, winter 1979
J.H.W.