Jild…
Swarte Fêdde fan de pôlle,
Mei fakânsje efkes thús.
Op it hiem dêr stie syn auto,
Binnenyn it moaiste plús.
Elkenien foel dêr it each op,
Seach it fuort, sa fan ‘e dyk.
Yn it doarp gie al it nijtsje,
Fêdde is ûnhurich ryk.
Yn de oarloch frjemde hannel,
Hie de fijân foar de gek.
Neat wie him ûnmooglik,
Kwansele mei fleis en spek.
It folk dat wist fan swarte Fêdde,
Hie him ek diy namme jûn.
Kaem it fjûr nei oan ‘e skinen
It spul bistoppe yn ‘e grûn.
Soarge goed foar beide âlden,
Hie har altyd goed bitocht.
Mei in hânfol swarte sinten,
Ek it âlde húske kocht.
Doe de fijân op nei hûs gie,
Wie it Fryske folk wer frij.
Fêdde koe it hjir net fine,
It bûtenlân, dat wie wer nij.
It boerewurk wol machtich,
Mar fielde gau syn sûne lea.
Hâlde net fan swit en bealchjen,
Handel ja, dat wie syn brea.
Seach ek wakker om him hinne,
Koe it dêr wol rêdde.
Wie betûft en slim en glêd,
Hy doarst it oan, dy Fryske Fêdde.
Holp saneamd ek folle minsken,
Oan in wenplak mei wat grûn.
Barde moai wat rûge sinten,
It lok wie him temjitte rûn.
Syn namme ek alhiel feroare,
Ferry, stie dêr op in boerd.
Je koenen dêr omskik terjochte,
Foar in húske, geef en goed.
Syn âlden, ek al oer de sawntich,
Wienen grutsk har soan wer thús.
Sieten sa prinshearlik,
Yn de auto mei it plús.
Fêdde, al sa kleurich oanklaeid,
In prachtich pak mei grutte hoed.
Do bist’in echte gentleman,
Sei syn buorman, lytse Sjoerd.
Sneins, as fêste regel,
Yn ‘e âlde tsjerkebank.
Hja hienen no in nije dûmny,
It oargel noch deselde klank.
De man koe sa fûleindich preekje,
Sei elkenien mar dêr ’t op stie.
As elk dêr mar nei die.
De minsken moasten har betinke,
Al hienen hja it noch sa fet.
Jild makke alle doarren iepen,
Mar de himelpoarte net.
Tsjommearum, simmer 1981
J.H.W.