De krante…

Alle dagen komt de nije krante,
Hast by elk wol troch de doar.
Mei blide berte adfortinsjes,
Dêrneist, -dyjinge dy ’t forstoar.

By it omslaen mannich stikken,
Oer de wrâld en maetskippij.
Kolommen leed en oarlogsdriigjen,
Och, it is faek net mear nij.

Dan in krante mei ryk’lik iten,
De reklame,- o dy blinder.-
Earst in priis foar safol sinten,
En nou, in groue goune minder.

By Albert, dêr moat jo it keapje,
Syn prizen binne wier net heech.
Dan komt Fedde noch mei sifers,
Dy slacht álles net omleech.

Lang en dreech, ynstjûrde stikken,
Hjir rommet elk syn brûzjend hert.
Inerlik efkes stikelstekke,
Mar iens, dat bin ' se ’t meastal net.

De bern, dy hawwe ek in hoekje,
O sa earlik, oprjucht en gol.
Dy skriuwe altyd sa 't se tinke,
Ut in hert, oerrinnend fol.

Foto’s, fan it slimme barren,
Fan brân mei fé en lâns de dyk.
Hjir en dêr, forskûorde auto’s,
Mei woune minsken, - faek in lyk. -

Sykte, honger en ellinde,
Yn mannich lân en greate stêd
Alle dagen 't leed foar eagen,
Mar, - it leit net by ús bêd.

In fredesuster leit op knibbels,
By 't bonkeramtsje fan in bern.
Yn har herte, leauwend, freegjend,
Hoop'lik is 't noch net forlern.

De kreas optearde nije krante,
Leit aenst' wer op de plusenstoel.
Moarn mar gau nei 't âlde skuorke,
Dêr lizze wol sa 'n boel.

Takom sneon komt wer de auto,
Mei Sies en Stietse en greate Roel
Dy binne altyd tige dwaende,
Mei âld pompier foar 't goeie doel.

Blêd foar blêd sjucht men de krante,
It is wol sa bihaechlik thús.
Noch efkes eagje nei de foto’s,
Nei dy suster, - fan it reade krús.-

Tsjommearum, winter 1980
J.H.W.