Tael…

It ammet en it libbet,
Wy neame dat gewoan natūr.
Wy preauwe en wy rūke,
Is it swiet of is it sūr.

De maerteblom, mei wite klokjes,
Sizze śs de maijtiid oan.
De narcis en de tulp,
Bloeije straks wźr wūnderskoan.

De katsjes, van de els en wylgen,
Pronkje tsjin in blauwe loft.
Sa ūntjouwt him al it moaijens,
Nei it kālde winterskoft.

It fordwaelde lytse lamke,
Ropt skriemend oan it ālde skiep.
De koekoek jowt in oar syn aeike,
Dy fūgel is sa slim en liep.

Troch it greate himelrom.
Elk siket sa syn eigen plakje,
Al wat libbet komt werom.

De būnte kealtsjes yn ‘e greiden,
Springe gysten yn it rūn.
In wūnder is it, dy ūntjowing,
Fan śs ālde Fryske groun.

In blide mem stiet by it widske,
Fan har alderleafste skat,
Docht mei de mūle hwat meneuvels,
Sjuch, se laket ek al hwat.

It glimket, docht gelūden,
Tsjin har mem en tsjin har heit.
Hoe lang sil it noch duorje,
Dat se Fryske wurden seit?

Sawol de fūgels, bist’ en blommen,
Sprekt sa elk syn eigen tael.
Dat giet al sūnt de skepping,
’t Is in moai en wier forhael.

De minsken brūke safol talen,
En kin’ elkoar faek net forstean.
Se moatte by ’t begjin fan ’t libben,
Al nei greate skoallen gean.

Us Fryske tael al sa foroare,
En wźrom moat dat nou?
Hoe moatte wy it einliks skriuwe,
In kou bliuwt dochs in kou.

Dźr moat opslach in ein oan komme,
It kin sa wier net langer gean.
Straks moatte al die leave memmen,
Mei ’t wurdboek by de widze stean.

Tsjommearum, foarjier 1980
J.H.W.