De frage . . .

Tabe siet mei noch hwat jongfolk,
By dûmny yn ‘e konsistoarje.
Sa jûns mei allerhande fragen,
Oer de hillige histoarje.

It witten en de skriftekennis,
Wie net sa bjuster botte heech.
De fragen fan de doarpske dûmny,
Wienen meastal fiersto dreech.

De jonges fan de leeg ‘re skoalle,
Wrotten meastal op it lân.
Mar mei hwat takt en moed en oerliz,
Brocht dûmny it har yn 't forstân.

Hy frege op in kear oan Tabe.
De Israëlieten kamen troch de reade see.
En hoe as alles dêr doe barde,
Op dát, foar har, sa hil’ge sté.

Nou, dat wol ik jo wol sizze,
Sei Tabe, glimkjend en hwat swiet.
Alderearst har lea ôfdroegje,
Hwant se wiene dweil trochwiet.

Doe waerd d’r wol sa freeslik lake,
Dy Tabe, hie it altyd bryk.
Mar hwa soe him dat dochs ûntkinne,
Misskyn hie hy ek wol gelyk.

Hy krige doe opnij in frage,
Dy wie foar him ek fiersto dreech.
Dat moat ik dochs oars ek wol witte,
Mar ’t boppe-ein is suver leech.

Dûmny koe `t mar net bigripe,
In jonge mei sa 'n goed forstân.
Hy moast opslach doch soks wol witte,
De man. dy wie d 'r glêd mei oan.

Tube sei doe tsjin de herder,
En miende dat, út hiel syn hert.
Wêr bleau de hûd fan Bileams ezel,
It stiet biskreaun, jo wit it net.

Nou, sei dûmny, slim neitinkend,
Dit is eins wol hwat oerdreaun.
D'r stiet ek yn de hiele bibel,
Us nearne hwat, dêroer biskreaun.

Op it lêst moast by bikenne,
Né, bislist, dát wit ik net.
De jonges stienen stom to eagjen,
Mar Tabe wie opslach biret.

De hûd fan Bileams ezel,
Wie makke fan in stof’lik klaed.
En nei it einigjen fan syn libben.
Werom gien, lâns itselde paed.

Dûmny moast de slach forlieze,
Hwat kin it dan dochs raer biteare,
Hy as herder fan it doarp,
Koe ek noch hwat fan Tabe leare.

Tsjommearum, winter 1980
J.H.W.