Yn 't fet ...

It wie al wer sa goed bitsjûksle,
De redens bliuwe wêr yn 't fet.
Fan snie en iis hie men gjin witten,
Winter, - né dat waer him net.

Mannichien siet al to tinken,
Mei fekânsje nei it strân.
Winterwille, sa as eartiids,
Koe net mear yn 't Fryske lân.

Nou wy haw ' it witten,
Genoch, tofolle iis en snie.
Honger, lêst en ûngemakken,
Men wist op it lêst gjin rie.

Ut 'e loft, dêr kaem in ropstim,
Mei treast en help foar bist' en boer.
Iz'ren fûgels, greate skouwers,
Brochten útkomst en it foer. . .

Meiinoar, hast net to leauwen,
De striid, tsjin oermacht en de need.
Eltsenien dy wie sa warber,
Op it paed, de dyk en reed.

Men sjucht sa út net taei en sinne,
Fé en fûgels yn it lân.
Untdien fan alle swierichheden,
De lyster, yn de iere moarn.

Wy kinne dan wêr oeral komme,
En fiele ús sa rom om 't hert.
Snie en iis mar gauw forjitte,
En de redens yn it fet. . .

Tsjommearum, Sniemoane 1979.
J. H. W.