,, De lange baen’’

Mei spanning hawwe wy se folge,
De striders op de lange baen.
Op ‘e snelle i’zren jukken,
Nou, ik jouw it jim te dwaen.

It like mar sa mak’lik,
It stappen oer de foet.
De striid, fan hwa sil’t winne,
Dat die ús wol sa goed.

It gie om parten fan sekonden,
Alles folgens de technyk.
Men hoegde wier gjin mankeminten,
Hwant dan gyng jo keninkryk.

Earbetoan, oan d’ allerhurdste,
Dat koe men yn ‘e kranten sjen.
Mar ien dy koe it ommers winne,
En de oaren, nou, dy hawwe dan forlen.

Neist de keninklike foto’s,
Stie ek in printsje fan in boer.
Treas’tleas by syn bistestâllen,
As in skipke sûnder roer.

De hearen út de keamer,
Dy kamen ek noch efkes oan.
As it wol sa slim wie,
Mei de winter yn it lân.

Sels kaem ek noch in menister,
En hy seach it Fryske gea.
Syn eigen eagen skôg’jend,
Oer it ûnheil en de skea.

’t Ferget wer in hiele training,
Foar de túnder en de boer.
Alles wer oerein te helpen,
Kostet grif in rûge stoer.

Yn ‘e need en yn de oermacht,
Seit men faek in wurd fan treast.
Lûkt men oan de sulvren ponge,
Dan jout men noch al gau de geast.

Alles wer oerein to hysen,
Nou, ik jou it jim te dwaen.
It regear moat gau yn training,
Op in net to lange baen.

Tsjommearum, winter 1979
J.H.W.