Rampen...?

't Is wol sa kommen as wy tochten,
De lźste winter wie gjin ramp.
De hoop, it skeinde gau oerein to helpen,
Gie wźrop yn waes en damp.

Se stjūrden sūnder te bitinken,
In roubrief nei it noarden ta.
Dat men earst sa goed biloafd hie,
Dźr moast men no wźr neat fan ha.

De menister spriek do sa oertsjūgend,
It Fryske folk hie goede hoop.
En nou, mei sa 'n ūnnoazel briefke,
Sit mannichien wźr yn 'e knoop.

Foar radio en televysje,
Wie wol to sjen hoe 't is forroun.
Lange rigels moaije beamen,
Tofretten, ōfknapt tsjin'e groun.

By rampen yn de takomst,
Slute hja de telefoan.
Nou hawwe wy dan wol de hichte,
Hwer bliuwt in minsk syn soun forstān.

Op in ūnbirikber plak.
En de net forwachte earebarre,
By jonge minsken op it dak.

Om noch mar net te swijen,
Fan in heiselike brān.
It earste hat men dan wol nedich,
De sa fortroude telefoan.

Sa’n kammenet op hege poaten,
Mei staesje en gebaer.
Dat fine wy mar frij hwat gammel,
Jow śs dan mar in geef dressoir…

Tsjommearum, foarjier 1979
J.H.W.