Camping ....?

De snie lei suver noch op richels,
doe 't Wibe thús kaem fan `t febryk.
Mei in pompier, om yn to follen.
Fekânsje koe net tagelyk.

Wietske sei moat dat dan nou al?
Ik fyn, se binne wol bitiid.
Mar Wibe die to witten,
elk bidriuw hat syn bilied.

It is in treffend skriuwen,
fan de greate direkteur.
Mei sa’n kliber ûnderdanen,
wol de man wier gjin meleur.

Wy moatte allegearre skikke,
Hwant alles stiet op til.
De man, hy sei it noch sa dudlik, De mesines, kinne wier net stil.

Forline jier yn Limburg,
mar, dat wie har nou to fier.
Se moasten ek hwat greater tinte,
dy hiene se al, op drukt pompier.

Fekânsje, it wie de bidoeling,
net alto fier fan hûs.
En de bern dy koenen fytse.
In camping, mei hwat beamgerûs.

D 'r kaem ek noch in nije tinte,
dat koe noch fan't fekânsjejild.
Rom en sokke moaije kleuren,
hwat stie dat prachtich op it fjild!

Lang om let wie alles regele.
De reis gie op nei Appelsgea.
De bern, dy koenen dêr gedije.
En fleane yn har bleate lea.

Yn hartinzen, wy kin't bigripe,
alle dagen sinneskyn.
It hiele lichem ris ûntspanne.
En perfoast gjin hurde wyn.

Mei geduld en o sa'n oerliz,
Stie de tinte op it grien.
Mar de sinne wie forskûle,
de loft, liet gauris in trien.

Nou net, dat se har forfeelden,
mar sieten faken binnendoar.
De bern, dy dienen spultsjes,
mei de bern wer fan in oar.

Dy Hans de Jong, koe 't moaij fortelle,
dat is dat mantsje fan Gerdyk.
Syn Rono waerbirjochten,
dy rounen lang net lyk.

De dagen wienen net sa bjuster.
Ien wike gie noch wol.
Mar al de oare dagen,
stie de wyn mar frij hwat bol.

By de thúskomst yn it stêdsje,
Woe Wietske, ek net wer nei Appelsgea.
Wibe liet him flot ûntfalle,
Dan takom’n jier nei Parregea.

Tsjommearum, simmer 1979
J.H.W.