It boadskip…

Doede drúf wie al fan jongsôf,
Yn 'e grientehannel gien.
In ûnbikende hie him holpen,
Sels hie hy ek net in bien.

Eartiids opgroeid by syn beppe,
Dêr hie ek syn widze stien.
In heit, dy hie hy nea net kinnen,
‘t Wie allegear hwat nuver gien.

Foar it lânwurk net de sterkste,
Hie hwat mei syn iene hân.
Mei de swiere mudden sjouwe,
Koe syn lichum lang net oan.

Earstoan mei hwat kninen kwânselje,
Dêryn wol bitûft en glêd.
Forkocht dan wêr mei lytse oerwinst,
Oan in keapman út de stêd.

Wie sa alle dagen dwaende,
Mei kêdde en karre op 'e dyk.
Seach op it lân de minsken wrotten,
Fielde him sa himelskryk.

It doarpke seach mei niget,
Nei Doede yn syn knappe klean.
Hy hoechde net lyk as de oaren,
Yn ‘e klaei en drek to stean.

Koe ek wakker mei de froulju,
Elk wie him wol tagedien.
In tige earlik, aerdich mantsje,
Sa oprjocht en net gemien.

Je koenen Doede sa fortrouwe,
Levere ek it bêste spul.
Salaed yn grouwe kroppen.
En andyvje mei in krul.

Apels ite út it hantsje ,
Parren raenden jy yn ‘e snút .
Drúven , prûmen, dadels, f igen,
It swiete sop dat roun d’r út.

Alle dagen wêr de streek op,
Hwant hy gie fan doar nei doar.
Wist binei hast alle nijtsjes,
Men hoechde d’r gjin krante foar.

Op in moarn, ‘t wie yn 'e simmer,
Kaem hy by Jeltsje op it sté .
En sei, sa yn’e rin wei,
Hinke wachtet Jo foar thé.

Man, ik stean krekt foar de tobbe,
Hwat moat ik mei dy wiete brol.
Nou, dat wie myn earste boadskip,
En ‘t waskjen fyn ' Jo moarn dan wol.

Sa ‘n boadskip die d'r ek oan Hinke,
Krekt mei de keamer oan 'e gong.
Doede sei, 'k gie d'r mar hinne.
‘t Hoecht net sa sear op stel en sprong.

De middeis, sahwat healwei trijen,
Stean twa froulju by de tille.
Dy Doede mei syn smoute praetsjes,
Hja hienen noch de measte wille.

De grienteman moast hiel hwat heare,
Mar se joegen him net dien.
Mei syn kedde en de karre,
Is hy fleurich fierder gien.-

Tsjommearum, 1980.
J.H.W.