Fekânsje . . .?

Berend Blokker, in eptich mantsje,
Siet by de notaris op 't kantoar.
Akkuraat en sa oanfallich,
Mar wol greutsk, dat sei in oar.

Hij hie fansels in oare namme,
Mar dat hie it doarp út foun.
Wie in oar faek oan it keatsen,
Dan learde hy ta oan 'e joun.

It gie fansels net út 'e romte,
Mar master seach der wol hwat yn.
Mem dy sei, hwat moat er blokke,
't Giet him wier net foar de wyn.

De bern, allang úthuzich,
De soan al oan it wiif.
It famke hie in stêdske keamer,
Dus hielendal gjin ûngeriif.

Klaske, o sa'n warber wyfke,
Om it jild koe it nou skoan.
Dy krige 't yn 'e holle,
Togearre nei it bûtenlân.

It moast der nou fan komme,
Oars dan waerd him net.
Foaral op tiid de boel yn streken,
Dan wienen se mar net to let.

Ut sa 'n fûge tweintich folders,
Kaem op 't lêst de bêste út.
Nei de Switserlânske bergen,
Ja, dat wie har einbislút.

Greate koffers fan 'e souder,
En dy fol mei nije klean.
As men op sa 'n greate reis gie,
Moast elk dochs hwat netsjes gean.

Berend tôge mei de koffers,
Klaske, in taske oan 'e hân.
Dêryn hwat poeier en hwat ferve,
En salve, four de sinnebrân.

Tsien dagen nei de bergen,
De bus dy brocht har oeral lâns.
Oer de heuvels, troch de dalen,
Sa 'n sjefeur, dy wie hwat mâns.

De dagen wienen suver omflein,
It hie har beide skoan foldien.
Berend hie as souvernierke,
In nijskjirrich stikje stien,

Op ‘e joun it wie al skimer,
Kamen se wer thús.
Berend sakke yn it bankstel,
En hy stinde, o myn krús.

Dokter kaem to ûndersykjen,
Myn leave man, dit is akkút.
Jo binne hielendal forbealge,
En beslist de doar net út.

Klaske foel sahwat fan ‘t hynsder,
Hwat wie dit in rare boel.
Berend, dy siet heal forwrongen,
Mei in folder yn ‘e stoel.

Tsjommearum, Simmer 1979
J.H.W.