Frysk, om útens...

Greate Durk fan Doede Djoke,
Wie mei fekansje yn 'e stêd.
Dêr wenne lang syn twaling Suster,
Har man wie master, tige glêd.

Op in dei, ’t wie yn ‘e simmer,
Sloech him de nearens om it hert,
Yn 'e hûs wie ’t net to hurden,
Hy hie it op in kuierjen set.

Men seach yens eagen út 'e holle,
Hast alle strjitten ta syn skrik.
Wienen rykelik bisiedde,
Mei dat nijesoartich blik.

Hege huzen, stiif fol minsken,
En dêr trochhinne fleach de tram.
It koe yen dochs wol sa binearje,
De holle waerd jin suver klam.

Opiens, dêr seach er hwat nijsgjirrigs,
Hy roan d 'r rigelrjocht op ta.
Soks fynt men ek net alle dagen,
Dêrfan, moast hy it sines ha.

In âlde auto, fol mei stickers,
Ut it moaije Fryske lân.
Durk dy waerd op slach pûrrasend,
Hy stie suver yn'e brân.

Mei hiele lange greate trêdden,
Stevene hy op 't lykje ta.
Hy liez bikinde spreuken,
Fan de bolle en de boer en sa.

In kop kaem troch it rút fan boppen,
En rôp lûdroftich ,,zoekt u wat? "
Durk wiisde nei de stickers,
En raesde, kwat moat dat?

Earst tocht er, dit is troffen,
En balte, ,, bin' jo ek in Fries".
Wizende op al dy spreuken,
Wol hast amperoan in snies.

Lang om let kaem 't mantsje ûnder,
En bliawde by syn auto stean.
It hier hwat wyld om ’t smalle kopke,
Yn in snústrich pakje klean.

,, Ik was daar eens in 't hoge Noorden,
Op vakantie zoo gezeid.
En vond dit in een boekewinkel,
Bij zoo'n toffe boeremeid.

Ik dacht, het is weer eens wat anders,
Die lui, die brabbelen zoo leuk. "
Durk wiisde nei de auto,
It âldermeaste, dat wie –deuk-.

Hy lake hwat om Durk syn praetsjes,
Mar die naem hy net to fiter.
Dat sleauwe eigenwize mantsje,
Wie mar in rare stûpeskiter.

Syn swager moest d’r wol om laitsje,
..Dat heb je in een grote stad”.
Syn suster lier er noch op folgje,
,,Dyn fryske akte, - die wol hwat” .

Durk, gie wer op nei hûs ta,
En foun it mar in great skandael.
Sa healwiis om te griemen,
Mei ús moaije memmetael.

Tsjommearum, Rispmoanne 1979
J.H.W.