De brul…

De kranten skriuwe altyd,
Advertearje hat syn doel.
Ha jin faken hwat to missen,
Al is it mar in âlde stoel.

Greate saken, sa kinne wy lêze,
Brûk ús ark, dát is foar jierren.
En salve, út ‘e stêdsaptheek,
’t Is samar hiel, by brân en blierren.

Der wie sels noch in greate winkel,
Dêr hienen se wol sa’n heap.
Men koe it net sa bryk bitinke,
Dêr wie no wier gjin né to keap

In hiel lyts mantsje út ‘e wâlden,
Roun op in freed de strjittwe lâns.
Seach de reklame foar de rúten,
En tochte, hjir ha ik in kâns.

De bitsjinde, by de toanbank,
Frege oan de lytse boer.
Minhear, hwat sil it wêze,
Ik tink misskyn in einekoer?

Né, sei ’t boerke, ‘k sil ’t jo sizze,
‘k Sit hwat mei myn muffig hea.
Dy iene ko dy wol ’t net frette,
’t Is foar my, oars neat dan skea.

Dêrom wol ik jo nou freegje,
Foar dy kou in griene brul.
Dan tinkt hy dat it gers is,
En ha wy hielendal gjin spul.

Ja, sei ’t smelle jonge feintsje,
Dy binne yn ús filiael.
Earst rjuchts, dan om ‘e hoeke,
Dan rinne jo net op ‘e dwael.

It boerke gie wer út ‘e winkel,
Tocht, hjir binne se hwat mâns.
En sjuttele manhaftig,
De lange stjinnen strjitte lâns.

Wylst hie ’t feintsje ek al skille,
Meitsje gau sa ’n griene brul.
As it earne mar op liket,
’t Kin wol fan plastyk spul.

De filiaeldoar dy gie iepen,
Jo kamen foar dy kouebrul.
Hjir hawwe wy fan alles,
Sjuch, hjir is ’t bistelde spul.

Ja, sei ’t boerke dy hwat prumke,
Fan it poatsjen ek al wurch.
En graech lytse klompkes foar myn hoanne,
As ’t reint, dan makket hy de hinnen smoarch.

Tsjommearum, hjerst 1979
J.H.W.