In ropstim …

Oerstjalpend wie de mannichte,
Dy in fredestichter, wolkom hiet,
It wie wol sa doeltreffend,
Op in wrantelich gebiet.

Mei in greare fredesfûgel,
Kaem hy út ‘e himel oan.
Tute, foar de leauwenden,
It sa fel omstriden lân.

It gie yen oan, hy de forlosser,
Fan it militaire kwea.
Dat ryk’lik kûgels sieddet,
En driget mei de dea.

De mannichte, dat wie ien tekken,
Kloften minsken op in fjild.
Mei forheven hannen rôp er,
Libje net foar macht en jild.

Sokke tiden streamt sa faken,
In inerlik langstme toch ús hert.
Wie dat nou wier in fredestichter.
Yn in wrâld, fol leed en smert.

Fierder, fleach de fredesfûgel,
Mei in man, in hert sa tear.
It folk, dat die him útgeliede,
Mar wol, mei militaire ear…

Tsjommearum, hjerst 1979
J.H.W.