Eare….

Fan lyts ôfoan, altyd mar skreppe,
Wy moasten almar hurder gean.
Dienen meastentiids gjin muoite,
Om ris efkes stil te stean.

Earst as beuker, stap foar stapke,
Altyd fêst oan mem har hân.
Letter, foar by heit op ’t fytske,
Op ‘e stange, nei it lân.

Doe mar nei de greate skoalle,
Hwa net learde bliuwde dom.
Fuort dêrnei it baitsje lûke,
Hwant, 't wie meastal net to rom.

In pear dy koenen fierder leare,
Dy fielden net foar fé en lân.
Hja hienen ek hwat better klaeijing,
Dat paste by in heger stân.

Foar in Studint mei ry k 'lik sinten,
Lei yn de takomst wol in kâns.
Hy waerd soms doctor of professor,
Ja, dan wienen jo hwat mâns.

Sa kaem men mei forrin fan jierren,
Op in aerdich nommel doel.
De soarch foar 't eigen soune Lichum,
De gymnastyk, dat holp sa 'n boel.

Wy moasten noch mar mear presteare,
Altyd nei in heger plak.
Al lei jins hert ek op 'e knibbels,
De master, dy wie net sa mak.

De sport, wie net to kearen,
En it gie fan lân nei lân.
Ien fan wrâldske heechste minsken,
Hie in fakkel yn 'e hân,

Wy bouden greate, lange romten,
Foar it folk en foar de striders.
Kunstich waerd it iis bifêrzen,
In lange baen mei sterke riders.

Wy fielden ús sa lokkich,
Alle minsken meiïnoar ien.
Net mear nei de wapens gripe,
Oarloch, -dat wie einliks dien.

Wer makke men in greate romte,
Yn in fier en machtich lân,
Yn tinzen, wer in linich minske,
Mei in fakkel yn syn hân.

Fier omheech, mei greate tredden,
Bisiele mei 't Olympysk fjûr.
Brocht hy wer syn fredesfakkel,
Op dy greate, hege toer.

It soe sa heftich wêze,
Allegearre sa optein en klear.
Hiel de wrâld soe it fornimme,
It gie wer om de heechste ear.

It kaem sa oars as dat wy tochten,
In oermacht luts oan ’t skerpe swurd.
It jowt ús hjoed de dei to tinken,
Gean wy eins, wol o sa hurd.-

Tsjommearum , winter 1980
J.H.W.