Parade...

Op it djûre kleurekastke,
Is alle dagen hwat to sjen.
In ryk forskaet fan al it barren,
Foar de greaten en de bern.

Wy steane dan sa fuort en daliks,
Each yn each mei hiel de wrâld.
Yn waerme lânnen, o sa'n droechte,
Op de noardpoal izich kâld.

Kloften minsken bin' opstannich,
Stride foar har sels bistean.
Dan wer folken dy dêr liije,
Lytse berntsjes, sûnder klean.

Ek yn drege kommentaren,
Giet it ús net nei it sin.
Hiele lange nijsprogramma’s,
Hwer elk syn sechje sizze kin.

It kriichsgeweld yn mannich lannen,
Is meast ôfgrys ‘lik en sa fel.
’t Earme folk stiet dan to skriemen,
It libben is foar har in hel.

It kleurekastke is in wûnder,
Dat soks nou kin yn ús bistek.
Wy tinke gauris oan dy tiden,
Fan sa 'n fyftich jier tobek.

Doe libben wy hjir wol sa fredich,
Alles wie dan wol biheind.
Gauris seach men nei de loften,
Four it gêrs, as’t hjoed mar reint.

Wy seagen ek dat kleurich skouspul,
Ien greate lange feestparade.
Atleten, fier de flaech omheech,
Op de omstriden olympiade.

Wie dát net o sa prachtich,
Dy ynternasjonale sfear.
Einliks dochs in folksparade,
Sûnder militaire ear.

Sa moast it fierders altyd wêze,
Alle dagen en yn sa'n sfear.
Net mear slimme wapens brûke,
Hwat wie dát in greate ear….

Al de dagen yn parade
De hiele wrâld in pronkklaed oan.
Dan hienen wy ús fierder libben,
In himel op ‘e ierde hawn.

Tsjommearum, winter 1980
J.H.W.