Rêdderwurk…

It moast d’r wol fan komme,
’t Wie al fan tofoaren sein.
De knappe koppen út ús Haechje.
Hienen by ’t forkearde ein.

Al tiden is d 'r egaweare,
Oer it lean is al sa stint.
Smiet men gauris mei miljoenen,
Nou wer om in heal persint.

It minskdom wrakselt sa al ieuwen,
In greate striid, fan heech oant leech.
Dagen wurdt der redekavele,
Yn petearen o sa dreech.

Forline jier, jim sit 't noch witte,
Oan 'e hals ta yn'e snie.
Gjin forkear op al ús diken,
En wy skrepten dat 't hwat die.

Hjoed de dei, hoe is it mûg 'lik,
Su'ver maijtiid op 'e til.
En dan sa fuort en dalik
Stiet it rêdderwurk wer stil.

It foarich jier, doe mei de winter,
Striid tsjin oermacht en natûr.
Nou moast men sa nedich fjuchtsje,
Foar de wurkman en de boer.

Fakenfolle heart men sizzen,
Wy hawwe hjir noch gjin tokoart.
Sjuch ris nei de earme lannen,
Dêr men honger lije moat.

Hwer minsken wenje, libje en stjerre,
Giet it meast mar frjemd om ta.
Elk wol leafst it âldermeaste,
It midden en de einen ha.

It rêdderwurk lei ûren stil,
Hiel it lân op stel en sprong.
De sinne, moanne en de ierde,
Gyngen as fanâds har gong.

Tsjommearum, winter 1980 J.H.W.