Ien….!

Gelearden kin’ it krekt bisiferje,
De wrāld is al sa ivich āld.
It rint yn de miljoenen,
Rounom oalje, gas en sālt.

Grave, yn ‘e ierdske boaijum,
Leit men wol sa folle bleat.
Fan in biskaving yn it forline,
Hienen wy noch nea fan heard.

Yn 't oanbigjin, alles sa rźstich,
Men seach it doe sa net.
Iet ryklik fan de fruchten,
Fierders wie der gjin forlet.

It minsklik brein kaem yn biweging,
Wy neame dat ek wol forstān.
Ploegden, siedden en se wjudden,
Bibouden sa it ierdske lān.

Sa gie dat ieuwen altyd fierder,
Geslachten kamen en binne gien.
Mei lūden en gebaren,
Hat men doe elkoar forstien.

De ierde moast yn stikken,
Keningen kamen oan it roer.
Doe koe men it net mear fine,
En makke elk it libben sūr.

Sa ūnstie de striid fan minsken,
En mei dy striid de slavernij.
Mei stronken, stokken, swiere kneppels,
Focht in folk har doe wer frij.

Nou is alles o sa ryklik,
Mar wy binne lang net frij.
Hwat hjoed en moarn noch moai is,
Is oaremoarns al net mear nij.

Miljoenen minsken op ‘e ierde,
Hawwe it net mear net 't sin.
Binimme sa in oar syn libben,
As men it oars net skikke kin.

Hie ea de man de macht op ierde.
Hjoed komt ek de frou oan 't wurd.
Alle lānnen bin ' yn aksje,
Gripe nei it skerpe swurd.

Nou pas kinne wy it hearre,
Hoe as hja dźr altyd lije.
Fjochtsje foar it sels bihāld,
Litte har net mear bisnije.

It is ōfgryslik yn dy lānnen,
Sa in minske, sa in lyk.
Sille wy mar net mear kibje,
Hwat binne wy ūnmjitlik ryk.

Dit tiidrek sil it net bilibje,
Mar srtiid giet troch en wol massael.
Komt der ea in wiere frede,
Ien folk, ien wrāld, ien memmetael.

Tsjommearum, simmer 1980
J.H.W.