Snein…

Al dagen wie it goar en reinich,
En de sinne kaem mar net.
It hea dat lei al hast to rotsjen,
Fan droechte wie wol sa’n forlet.

De troanjes stienen net sa fleurich,
Fan de boer en great gernier.
Skôgen deis faek de loften,
Mar dat holp fansels gjin spier.

Op de freeds doe kaem de sinne,
De wyn dy fage alles skjin.
En mei de wyn kaem ek de droechte,
Elkenien wie op ‘e rin.

Mei harken en mei foarken,
Stie mannichien nou yn it lân.
It hea dat wie noch wol to rêdden,
It slimste hie men nou al hawn.

De sneontojouns sei Doitzen Doekes,
Wy kinne moarn net nei de preek.
It hat der nou alhiel op wierre,
En binne wol sa moai op streek.

De sneintomoarns lei Doitzens Anne,
It wite himd en strik mar klear.
Wy geane hjoed al nei de tsjerke,
En moaije dagen komme mear.

En Rinse Oeges en Jehannes Hessels,
En Douwe en har, gean hjoed yn’t hea.
Dy iene snein, de muoite wurdich,
It is dochs ek ús deistich brea.

De boer en de boerinne,
Stienen by de tsjerkedoar.
Eagen nei it lytse stientsje,
Har famke, dat to ier forstoar.

It oargel galme troch de tsjerke,
De sinne kipe oeral hinne.
Dûmny sei it noch sa treflik,
De Skepper helpt, wêr wy ek binne.

De wyks dêrop wie ’t suver waerm,
Men hie it no wol yn ‘e macht.
De swietrook lei oer sleat en fjilden,
Bulten hea, it wie in pracht.

In mannich wiken letter,
’t Wie ek op in freed.
Minsken wakker oan it tôgjen,
By Wibe Ates op ‘e reed.

En ek by Rinse Oeges,
Skûorden hja de golle bleat.
It hea wie net to daeijen,
De roede stie hast gloeiend read.

Anne skonk noch mar ris kofje,
Hja struts Doatsen oer it hier.
De snein dy is om út to rêsten,
Dat is de ieuwen troch al wier.

Tsjommearum, simmer 1980
J.H.W.