It Skipke. . .

Der lei in lyts en suterich skipke,
Earne yn ‘e âlde feart
dat wie it plak fan Geart en Gjetsje,
Elk dy hie der wol fan heard.

Hja wienen net sa botte krigel,
Mar dienen wier gjin minske kwea.
It wie dêr sa ûnhurich smoarch,
Geart, altyd in luie lea.

Nei tige drokte en krewearjen,
Wienen se út de wente set.
Fan de gemeente mar in skipke,
It miel wie net sa botte fet.

It doarp dat die ek net safolle,
Hwant sokke minsken wienen sleau.
De earmfadij en de gemeente,
Joegen nou en dan in greau.

Der wie gjin salve oan to striken,
De bern har bêd hwat wier as strie.
It stonk dêr yn dat lytse roefke,
Mar nimmen dy 't der hwat oan die.

't Wie wer safier mei Gearte Gjetsje,
Grietsje hie der al om tocht.
Dat nou die goeije earrebarre,
Hjir wer in lytse poppe brocht.

Griet wie yn it doarp de baekster,
In frommes mei in kante lea.
Mei elk koe hja it wakker fine,
Se wie bikend yn ‘t hiele gea.

Earst har mem oan 't lêst forsoarge,
Dat fielde hja as heechste doel.
Dêrnei luts har in nije ropping,
Helpe, hwer't to helpen foel.

Hja sei noch tsjin de nije dokter,
Sa en sa leit it der hinne.
Dan en dan is it de tiid,
As jo dêr dan ek binne

Dokter hie it yn ‘e holle,
De hiele brot die moast der wei.
De earrebarre yn sa ’n skipke,
Dat like nearne nei.

By Griet stie op ‘e souder,
In âlde sinterklasekoer.
Dêryn makke hja in bedsje,
Mei moaije tekkentsjes dêroer.

Har mem gie faek, ek út 'e krapte,
Winters met dy greate koer.
Mei swietekou en taei en letters,
Nei de wolgestelde boer.

De natûr hie alles regele,
Kaem ek nou wer op 'e tiid.
Brocht in alderleafst lyts famke,
De bern dy wienen al sa bliid.

Dokter kaem fanwege drokte,
Dizze kear werk rekt to let.
Griet dy wist no ek fan wanten,
En hie har sels der mar mei ret.

Sa stie hja, dy amper lins hie,
Alyd klear foar freon en sibben.
Frege nea nei jild of stân,
Se hie in wurklist foar it libben.

In raer birjocht gie troch de krite,
Hiel it doarp dat libbe mei.
It wie net wier, men koe ’t net leauwe,
Mar Grietsje rekke hastich wei.

It âlde hôf wie swart fan minsken,
En nimmen dy 't hwat sei.
Oer it doarp dêr lei in wale,
Dit barren, dat gie elk sa nei.

Dûmny spruts in wurd ta ôfskied,
Oan de freonen en har sibben.
Oer de wei fan alle minsken,
En it brosse, yn dit libben.

Dokter wie ek noch oanwêzich,
Stie mei sin hwat efteroan.
Dy Grietsje dochs, sa sterk en krigel,
Hy hie in bûsdoek yn 'e han...

Gjetsje roun mei al dy memmen,
Wol sa himmel yn 'e klean.
Hja luts dokter oan 'e mouwe,
Kom, - wy moatte fierder gean. -

Tsjommearum, hjerst 1980