It wiif…

Meidert mingel mei syn toeter,
Moarns yntiid al op in paed.
Sûpenbrij en dreage molke,
Ja, hy hie in hiel ferskaet

Winterdeis wie ’t san geknoffel,
Lange swarte katsjes oan.
Fûleindich blaze op ‘e toeter,
Mei in falske, skrille toan.

Roûn yn ’t doarp mar by de karre,
De kêde wist trochgeans de haltes,
De bûtenkrite noch al wiid.

As it frear, it spul yn sekken,
De sûpenbrij woe hast net gean.
Froulju moasten tiden wachtsje,
En klomsk by kêde en karre stean.

Meindert net sa krekt en sindlik,
Mar it koe ek hast net oars.
As it kald wie en ûnlijich,
Gau in feech ûnder de noas.

Soms wie 't ek in frjemde handel,
Foaral sa mei de sûpenbrij.
Mannich wyfke seach mei niget,
As ik mar de mjitte krij.

De brijboer koe ek sa ferhale,
Sei it soms mar snedich op.
Koe meiïens ûnhurich fervje,
Dat hearde ek by syn berop.

It doarpke prate wol oer Meindert,
Hie in frjemd en nuver wiif.
Wie no just ek net oanfallich,
Noartsk en hûnsk en stroef en stiif.

Ik snap it net, sei Timens Tetsje,
Soks dat liket nearne nei.
Dy goeie man, 'k soe my betinke,
Sa’n wiif, dêr roun ik fuort by wei.

Bouwe Bjefke hie him dien jown,
Hja krige molke fan de boer.
Meindert wie in gekoanstekker,
Dêr koe hja alhiel net oer.

De brijman gie sa deis syn krite,
Stie altyd bleat oan doarpskretyk.
Feije Tryn ek al sa 'n eamel,
En se wie noch lang net lyk.

It hiele jier mei kêde en karre,
Lâns de dyk en troch de drek.
Wie it stourich of wat reinich,
Sei er faek, it mingelt ek.

Op in kear, wêr by de karre,
It is foar my in rare dei.
'k Sil it jim ' mar roûnút sizze,
‘k Bin ek by myn wyfke wei.

Hja lusteren mei iepen earen,
Myn goeie man, wat al in lêst.
As jimme dan elkoar net passe,
Dan krije jo teminsten rêst.

Ja, sei Meindert dêr oer hinne,
'k Bin d 'r noch fan yn 'e sûs.
Mar om toalve ûre hinne,
Gean ik gau wer op nei hûs.

Tsjommearum, winter 1981
J.H.W.