Suster...

Jo wienen by myn berte.
Mem dy hat dat faken sein.
Nei slimme pine en krewearjen,
My,yn't wite widske lein.

Helpleas en alhiel ôfhinklik,
Lei ik foar it finsterrút.
Mei jo soarch en noed en eachweid
Groeide ik ta dat koerke út.

Elkenien hie my yn hannen,
'k Hie hwat kroes en kroldrich hier.
Altyd moast ik dan wer laitsje,
Hwant myn troanje wie sa blier.

'k Moast nei skoalle om te learen,
Hwant sa giet de libbensrin.
Yn in hiel aparte keamer,
Kaem ik jo wêr tsjin.

Dêr wie ek noch in wite dokter,
Mei twa slankjes yn it ear.
Dy lústere mei niget,
Mar jim’diene my net sear.

In mannich jierren letter,
Hie 'k it gauris yn'e kiel.
Jimme knipten my de mangels,
Mar dat wie al gau wêr hiel.

'k Bin Jo folge troch de jierren,
Fleane troch it sikenhús.
Ek by rampen en yn tsjinspoed,
Seach ik Jo by't reade krús.

Is d'r pine, of net sliepe,
Hat men faken o san toast.
Elkenien kin dan mar skilje,
En Jo binne dêr perfoast.

Jouns dan doovje Jo de ljochten.
Dogge dan de wacht.
Alles is dan op Jins hoede,
De hiele lange gânske nacht.

Is men âld en hast forsliten,
Meastentiids mar amper gean.
Jo helpe ek ta oan it lêste,
En bliuwe jimmer by ús stean.

Wy moatte ek, lyk al dy oaren,
Ienris dizze wrâld forlitte.
't Is hjir ek gjin bliuwend plak,
Dat sil elkenien wol witte.

Al it moaijens op ús ierde,
Sil mei koarten wêr fortarre.
Hwat west hat yn’t forline,
wurdt yn boek en skrift biwarre.

Hwat ek bard en komt of driget,
Al is de wrâld faek tige tsjuster.
Jo bliuwe troch de ieuwen,
Eale, leave, wite suster.

Tsjommearum, simmer 1982 J.H.W.