Hearringfiskers....

It heucht ús noch, as wie it juster,
Dy boafsjes efter de seedyk.
Se wienen fan de hjerringfiskers,
Har bestean net botte ryk.

Mei it gean fan de getijen,
Swalken hja oer 't wide Waad.
Fisken yn in eigen rigel,
Elkenien hie sa syn paad.

Fűkenfol mei sulveren hearrings,
Moedsum yn de boaten helle.
Harren lean net bjuster heech,
Waard mar amper útbetelle.

Binnenfol mei grouwe fisken,
Tôgjend oer it glystrich strân.
Waarden faak net iens fersutele,
Kamen dan mar oer it lân.

Winterdeis, dan wie it liddich,
Hy joech him del by 't finsterrút.
Nofiik by de hekjekachel,
Breide hy syn fűken út.

Foar de nacht, as fęste regel,
Noch in eachweid oer de see,
Stoarje, nei de wylde baren,
By de dyk it weidzjend fee.

Us tinzen gean noch faak en folle,
Nei de fiskers fan seedyk.
Sa sűn en sterk, sa dreech en krigel,
Fan it bealgjen suver bryk.

Sjogge wy no de kimen,
Dan docht it ús noch efkes sear.
It Waad mei al dy moaie swarte boatsjes,
Nee, dy binne der net mear.-

Tjommearum J.W.H.