STANBYLDEN

opdroegen oan alle
warbere meiwurkers
fan Frysk & Frij

Jimme kinne it ek net helpe
dat by it kolleezje
fan deputearre steaten
macht boppe ferstân giet.

Ljouwert is it haad fan Fryslân,
Mei syn mânske Aldehou.
En hy stiet dêr ek al ieuwen,
Unbidich, stiif en grou.

Piter Jelles, fuort dêrnjonken,
Strider foar in folk en rjocht.
Freegje my sa faak en folle,
Wat sa ’n man dêr docht.

De lange Grutte Tsjerkestrjitte,
Ammet alles fan ús taal.
't Prinssessehôf en taalmuseum,
Alles keunstich en rojaal.

Buorkje wy wer efkes fierder,
In man mei sabel en gereid.
Mannich Fries sil it wol witte,
Dat wie no ús Heit.

Waling Dykstra, net fergetten,
Beskieden efter beam en strûke.
Waling-om, dy grutte Fries,
Fertsjinne wol in bettere hoeke.

Mercurius, dy hat de romte,
Dochs ek mar in keal bestean.
Elk hat hjir wol syn betinken,
Sa bleat en neaken, sûnder klean.

Us mem, dy stiet dêr sa ferheven,
Mei fierheid en mei glâns.
Oeral wurdt hja tige priizge,
En giet de hiele ierdbol lâns.

't Is Wat frjemd om oan te tinken,
’t Sil miskien sa’n feart net rinne.
Mar komt de tiid, men wit mar nea,
Wêr moat’ wy mei de deputearren hinne…?

Tsjummearum 30-1-1988
J.H.W.