Fjoer …

Alles wie sa keunstich makke,
Troch it machtich albestjoer.
De loft, it wetter yn 'e seeën,
Yn 'e djipte, gas en fjoer.

De minske waard der skepen,
Yn it moaiste beammegrien.
Ryklik en rojaal it fiedsel,
Bergen, fan it hurdste stien.

It fee, de fûgels en de bisten,
Ja, wer wie de ein.
Machtich al dy blommen,
Prachtich, sa folslein.

De minske moast ek net allinnich,
Der kaam in oare helte bij.
Meiïens wie dêr de sûnde,
Gedonder yn de rizenbrij.

De skiednis lit ûs witte,
Hoe dat ieuwen lyn ferrûn.
Wy libje no mei ús miljoenen,
Op itselde stikje grûn.

Net sa moai it slimme kweade,
Dat ek yn de minske sit.
Om it rjocbt wurdt altyd fochten,
Mannichien dy't libben lit.

Op it kastke yn de keamer,
Seagen wy in kleurparade.
Miljoenen minsken mei har flaggen,
Op de grutte Olympiade.

It lytse famke mei har fakkel,
Trof ús wol it aldermeast.
Dat jong en âld dêr meiïnoar tsjûge
Mei in heldere, sûne geast.

t’Is hast net te freegjen,
Frede is sa piperdjoer.
Famke mei dyn moaie fakkel,
Bring ús dei oan dei, Olympyskfjoer.

Tsjummearum, 19-11-1988
J.H.W.