It ramt .. .

Wybrens Wapke hie in foarstel,
Hja siet mei yn it doarpsbelang
It pleatslike ferieningslibben,
Fan wurk dan ek net bang.

Wat hja woe gie net sa maklik,
It moast yn trije kranten printe.
Om ālde doarpsgenoaten,
Byinoar swylje yn in tinte.

Mei de help fan Gryt en Geiske,
Skriuwden hja de minsken oan.
It gie wol om in tūzend nammen,
Fersille oer it hiele lān.

Ek oan har dy't emigrearden,
Amearika en Kanada.
Stjoerden se, wat it ek koste,
In aardich, freonlik briefke ta.

Men hoegde nearne om te tinken,
Oeral wie al wol om tocht.
By famylje en by freonen,
Waarden hja dan ūnderhrocht.

Yn it earstoan al wat skruten,
Hoe sil alles gean.
As it no mar slagge,
It koe net sūnder kosten gean.

Nei in dreech skoft fan tarieding,
Kaam de heugelike dei.
Ja, as wie it yn in wūnder,
De minsken kamen rūnom wei.

't Wie hast net te leauwen,
Elk in namme op 'e jas.
Mannichien dy seach it daliks,
Wy sieten yn deselde klas.

It rūze as in keppel guozzen,
Mei in drokte fan komsa.
Och heden ju, wat bist feroare,
Sa kaam de ien op de oare ta.

Allegearre sa tefreden,
Wat wie dit dochs in moaije dei.
De hichte en de lichte,
En de stān foel hjir ek wei.

Douwe hie in graad bihelle,
Durk bebuorke noch wat lān.
By it lytse taffeltsje.
It giet as mei it ālde fytske,
Wat west hat rźst by de ālde toer.
Wat wy dogge of wat wy binne,
It ramt, dat bliuwt allinnich oer.

Tsjummearum
J.H.W.