Ald Nijs 1985

januari

It kin dizze kear hast net oars, wy moatte it aI even ha oer de jierwikseling '84 ‘85, want dy is, ek by ús net ûngemurken foarbijgien.
Want nei st it gebrûkelike f jûrwurk ek wer de útkynd e grappen.
AlIe jierren op’e nij is der by in grut part minsken om dy tiid in soart fan spanning te bespeuren fan: ”Wat sil der mei âld en nij no wer útfûn wurde” en it blykt hast âlle jierren wer in ferrassing te wêzen.
Sa ek dit jier.
En it sil tinkt ús ek net sa faek foarkomme dat lytse doarpen foarpaginanijs binne yn streekbléden en kranten as “ Frysk Deibléd, en de Ljouwerter krante, mar sels grutte kranten út it lân, lyk as De Telegraaf en Trouw.
It spile him no wer ôf by toer en tsjerke.
Gong it earder al ris om de Bingel (klepel) dy’t ut è klok helle wie, no wie it de gelûdsbàn dy’t it belije moast.
Sa waerd it kloklieden aI wer it swijen oplein en yn it plak derfan, koe min in stim út’e kloksgatten heare die’t min nog net earder galmjen heard hie.
Tagelyk koene de tsjerkegongers op nijjiersmoarn de alvestêden tocht dwaen bij de buorden lâns dy’t ophelle wiene en oan it stek hongen bij de skoaIle.
Om ús hie men it net sagau ophelje hoechd, mar it hat blykber lang genôch duorre, om rûnom bekend te wurden en ik tink dat wy it net allinne binn, dy ‘t folle wurdearring opbringe kinne foar soksoarte nijjiersgrappen.
Der sil faeks wol guon wêze dy’t tinke dat it no mei de klokken wol ris utlet wêze sil, mar men kin it nea witte.
Wa wit wat der by’t simmer mei ús doarpsfeest wer nei foaren komt.
Wy hearre no by Frjentsjer en die klokkedieven kinne wol ris op har iepenst wêze moatte.

K. H.

Februari (historysk ± 1910) Twa bargen.

Heit en omke, twa bruorren.
Hja koene goed opsjitte togearre en doe't hja troud wiene kamen hja earst neist in oar te wenjen yn it selde hûs oan " De kade”.
Hja wennen der “massaal” , sa ‘t dat destiids wol mear foarkaem.
Heit wie "lyts gernier”, hie syn eigen wurk.
Omke wie by de túnman yn ’t wurk en wie dus op ûre en tiid.
Efter hûs stie in flink grut hok, der ’t hja beide gebrûk fan makken.
0p in kear kaem omke mei in útstel by heit.
Sjoch Tsjipke sei er, wy ha yn ús hok wol wat rornte oerr,wy koene tinkt my togearre wol in pear bargen meste, dan hawwe wy de oare winter ek wat yn' e pânne.
lt tike heit ek net sa min ta, dat 't soe mar oangean.
Mar doe't er ôfpraat wurde moast wat, t ien en oar berêde moast, fuorjen en sa, kaem dat foar heit op, want, sei omke: “Do hast dyn eigen wurk".
De beide froulju soene om bar kriel ierappels siede.
Der waerd wei út it febriek helle en dan noch wat koarnmoal der by, dan kamen hja net djûr te si tten mei ‘t fuorjen.
De beide bargen groeiden bêst en doe ‘t se klear wiene en slachte waarden, woech de iene 305 en de oare 310 pûn.
Ien waard ferkocht, dêr koene deúnkosten mei betelle wurde en de oare waerd ferparte.
Oan ‘t safier besloeeh it bêst, elts in side spek yn ‘e skoarstien, droege woarsten oan'e bâlken yn’e keamer.
En doe soe it hast noch mis gean, want heit sei tsjin omke: “No woe ik ha, do soest my in ryksdaelder jaen foar it wurk”.
Omke sei: "Bist net wiis, hoe kinst soks betinke “.
‘ t Wie rûzje !
Der waerd giin wurd mear wiksele.
It wie winter en hja wiene oan ’t hout seagjen.
Elts oan in kant fan de houtseagersbok mei de trekseage.
Twa lulke bruorren.
Tige fûl oanskuorre fansels, dat hja wiene beide bliid dat it iterstiid wie.
Nei ’t iten sei heit; “Dit it kin sa net” .
"Wiste wat wy niis yn’e bïbe1 liezen.
‘tGong oer dy man dy ’t alle skuld kwytskolden wie”.
Omke sei, “En wy liezen oer Joa zef en syn broers ".
En der mei loegen hja elkoar de hân, oer de houtseagersbok.
Oer de ryksdaelder ís net mear praet, allinne waerd besluten, moecht ït jitris barre, dan soe omke it wurk dwaen.
Mar der binne net wer bargen kommen.

K. T. Hibrna

Maart “Roosjenst ein”.

Yn in â1d boekje stie oer de namme “Roosjenstein” dit beskreon:
“De naam “Roosjenstein” is ontstaan doordat de dochters van een vroegere bewoner zich gaarne opdosten, door in ruime mate de hoeden van bloemen en rozen te voorzien, welke bloemen in het Fries met de verzamelnaam “roaskes” werden aangeduid”.
Mear stiet der net fan, hwa ’t die bewenners wierne en ym hwat foar tiid hja libben.
It scil sa ’n 5o-jier lyn weze, dat it Hiele “Roosjenstein ofbaernd is.
Foar dy tiid bestie it út in grut foarein fan in pleats, wer ’t de skuorre net mear fan bestie.
Der wennen 3 gesinnen yn it foarein, Durk v.d.Zee Azn, Durk v.d.Zee Dzn, en Teake Miedema en Pieter v.d. Zee, broer fan Durk wenne yn it saneamde lytshús.
Reinder v.d.Zee, dy ’t tiidens de brân der ek wenne, hat my forteld, dat nei de brân alles oersljochte is, sa dat in grutte betegele molkenkelder der noch ûnder de grûn leit en ek de reinwetterbak en oare dingen, sa as de fûnemint en.
It moat yn’e tiid dat de roazen der bloeiden ien fan de grutste pleatsen west ha fan Barradiel en net om’e nocht waerd de boer Meindert Ottes Hibma wol ris "De kening rar.- pietersbierrum” neamd.
It scil om en bij 1870 - 1880 west ha, dat myn pake Klaas Tsj. Hibma túnman wie en it wurk die yn ‘e tún by de boeren.
Pake wie oansein dat hy komme moast foar die tún, mar pake hie earst hwat oars te dwaen en kaem in pear dagen letter.
Doe’t pake ûnderwei wie nei “Roosjenstein” fielde hy him wat skurf en winske dat de boer mar net by honk wie.
Mar ja der stie Meindert Ottes langút wiid en breed te sjen.
Doer ‘t pake oan him ta wie sei der: “Goeie moarn, der wie ik al”.
Mar de boer seach fier oer him hinne en sei: “ik kin jo net”!
“No goed”, sei pake, dan gean ik werom.
Mar in pear dagen letter moast pake al wer komme.
Nei it sizzen van Reinder v.d. Zee wie der op “Roosjenstein” yndertiid in prieel.
Fan út dat prieel wei stie de boer faek syn arbeiders mei in kiker t e beloeren, waerd der sein.
Ek waerd er fort eld dat Meindert Ottes gâns jild forlern hat oan in preces oer ien as twa beammen.
Hoe dan ek, dizze greate pleats is letter utenoar gien.
Gernieren ha lange ha lange tiid it lân oernommen.
Doe ‘t ik een skoaljonge wie, moast ik der hinne foar ds. de Minjer mei sindingsbledsjes.
Der wennen doe o. a. Abram v. d.Zee, Gerrit Houtsma, Gerrit Groeneveld, (groentsje waerd hy neamd) en Hindrik Postma.
Doe ‘t de polder slatten waerd, ± 1920, leine yn’e opfeart inkelde skipkes mei wâldljue.
Hindrik Postma híe lést hân dat er ierappels kwytrekke wie en hie it oanjûn by de polysje.
De skipkeminsken naemen dat Hindrik net yn tank ôf en sadwaende kryge hy de Hiele kloft oan de doar
Mar krekt doe ’t hast op in slaen gean scoe,kaem de polysje der oan en Hindrik wie rêden.
Yn ’e rin fan ‘ e tiid is der folle feroare.
In protte bûtenút is wat bewenning oangiet ôfbrutsen, mar r”Roos jenstein” is der nog en wurd ek bewenne.
En wat de namme oangiet, de namme fan de bewenners, “Hanenburg” past ek wol by “Roosjenstein. <”p> K. H.
Roosjenstein II
Yn it foargeande stikje oer “Roosjenstein” ha wy neamd de bewenners fan Roosjenstein, mar ha doe fersomme om de fam. Kuiken te neamen.
Efterôf wolle wy die flater hjirby probearje goed te meitsjen, te mear omdat de fam. Kuiken fierwei de âldste rjochten hat, want sels de pake fan frouw Kuiken, âlde Abram haw ik nog wol kinnen as bewenner fan Roosjenstein.
K. H.

April----“De Hjerringboer”.

It wie op 2 novimber 1863, dat de klok fan Seisbierrum liedde foar inbegraffenis.
‘t Wie de pake fan myn pake dy’t te hôf brocht waerd.
Hy hjitte Sikke Hibma en hie de bynarnme “hjerringboer”. Hoe’t hy oan dy bynamme kaem is net dúdlik.
Mooglik kaem it by pake Sikke net al te rom om en fan dér yn’ t plak fan fleis, fisk iten waerd.
Ek kin it wol wéze dat syn lân bedonge waerd mei fisk, sa’t des tiids wol mear barde as der te folle wierne.
Neffens oerlevering moat dy pake Sikke wenne ha oane âIddyk op’e stjelp fan Zylstra dy’t yn 1967 ôfbaarnde en net wer opbouwd is.
Fan dy oer-oer pake is my oars net bekind d.an dat pake Klaas mei om it tsjerkhôf run is.
Hy hat us forteld dat er wilens de omgong in bûsmes lízzen seach, mar it net opkrije doarst, want dan moast er ut de rige wei.
Doe ‘t der letter om socht, wie in oaren him foar west.
Yn dy tiid wie der in haech om it tsjerkhôf.
Der wiene doe noch net folle stienen op it hôf, sa dwaende wiene der doe wol froulju dy’t dér harren rakken mei linnenguod, troch gattenyn’e haech op it hof setten te droechjen.
Hwat de stjelp oangiet is ús troch oerlevering bekind dat die âld pleats ek al troch de de fam. Zylstra bewerrne west hat en dat de fam. Zylstra yn 1825 hjir kommen is.
Dan moat de”hjerringboer” der hiel yn ‘t begjin fan 1800 boer west ha.
’t Jier 1825 stiet yn’e Fryske skiednis bekind as in rampjier.
Mei in fûle stoarm moasten op in protte plakken de dyken om’t séwetter te kearen, it bejaen.
Grutt e stikken fan Fryslân ha ûnder wetter stien, foaral it lege midden.
Tûzenen stiks fé, mar ek in protte minsken ferdronken.
Grutte earmoede en honger kaem dêrmei.
It soe mooglik wèze, dat dér troch ekr, pake Sikke it net mear foarelkoar halde koe, want it is wol wis dat syn soan Tsjipke him net opfolge is, want dy is letter "Gernier” wurden.
Myn pake Klaas wie de âldste soan fan Tsjipke en soe neffens gebrûk "Sikke” hjitten ha en as dat trochgien wie, hiene wy ek Sikke neamd west.
Ik sels ha as jonge ris oan myn pake frége hoe’t dat gien wie.
Pake sei doe: Myn heit fûn Slkke net in moaie namme, dat is een bokke namme, sei er en doe is it Klaas wurden.
Sa docht it blyken dat wy sels ek noch fan boerekomôf binne.
Der binne noch wol minsken dy ‘t der tige grutsk op binne, mar wy fyne it net fan sa folle belang.
Der wurd wol ris sein, “Der birnne twa soarten boeren, minne en str ieminne”, mar dat is net sa, der binne noch mear soarten, sa as molkboerenr, grienteboeren en der wierne koaleboeren en faeks noch wol mear soarten.
Hwa wit komme de hjerringboeren ek noch wol ris yn’t wurdboek te stean.

K. Hibma

December ------Kryst 1918
Der wie ris frege om wat te skriuwen oer ’t krystfeest yn ús bernetiid.
Wy wolle probearje eat nei foaren te heljen.
werom krekt 1918.
Omdat dat krystfeest ús it measte bybleon is.
Wy wiene doe 9 jier en de dingen dy ‘ t doe bard binne hawwe blykber san yndruk op ús makke, omdat ‘t krystfeest oars ferrún as w y wentt wiene.
It krystfeest wie doe foar de bern foaral, it moaiste feest.
Faaks komt dat troch de smûke gesellige sfear, de krystbeam mei syn skitterende fersiersels en baernende kearsen (der stie yn dy tiid altiten in man kLear mei twa amers wetter om brân te foarkommen)
Dy sfear wurd noch fersterke troch de winter( wite kryst ) , krystkaert en, reklame en folle mear yn’e tsjintwurdige tiid.
Mar dochs liuw ik, dàt, wer it om giet mei ‘t krystfeest, de berte fan Jezus de sillichmakker, kaem doe better ta syn rjocht, as no.
It heucht ús noch, de krystferhalen en hoe ‘t dy oerkamen, it sjongen fan de lieten en noch folle mear.
No moatte wy dér ek rekken mei hâlde dat der folle by kommen is dat it omtinken fan de bern freget.
SinterkLaes, die wie der doe ek al, wie doe lang sa royael net dan yn dizze tiid.
It krystfeest foar de bern waerd halden yn de âlde bewaerskoalle.
Der wierne trije Iokalen.
De beide foarsten der koe men ien fan meitsje.
Den wie oane side een pertael mei klompebakken.
De krystbeam stie yn it foarste lokael, wer ’t in doar wie nei it wenhûs.
Wat tige opfoel wie dat de elite troch dy doar kaem en aparte sitplakken hiene oan dy kant fan de krystbeam.
As bern seagen wy der heech by op.
Ien fan myn maten fan’e skoalle hat ris sein: "ik tocht as bern, as ik mar oan dy oare kant sitte mocht, dan wie ik hast aI yn’e himel.
Mar it hichtepunt foar de bern wie doe ek de presintsjes.
De lytse bern krigen boartesguod en de gruttere bern Iêsboeken en dy’t fan de sneinskoalle ôfgongen in tsjerkeboekje mei it nije testamint en de catechismus.
Wat wy letter wol ris spitich fûnen wie, dat it meast bern fan de Herv. Tsjerke wienen dy’t op ‘e sneinskoalle gongen en dat sa de oare bern net meidienen.
Mar no 1918.
De bern krigen wol harren presintsjes mar het wie net feest.
Gjin snobguod, gjin sinaesappel (wat yn dy tiid ek een traktatie wie)
Der stie al een amer mei drinkwetter, mei een sleef, mar dat wie dan ek alles.
Der wie rouw yn ús doarpen.
Ta goed begryp moatte wy even werom sjen nei dy tiid fan 1918.
Wy ha doe as bern ek een bytsje meimakke fan de (earste) wrâldkriig.
Der kamen ek yn Seisbjirrum en Pietersbjirrum, flechtelingen út België en Frankryk.
It iten wie, hjir ek krap en min, sa dat de itenspânne waerm hàIden waerd op it theestoofke, want oars stjurre it fet.
De oarlog 1914-18 rûn ôf.
Yn Ruslân waerd it revolutie.
De Tzaar en syn familie binne fermoarde.
Dat wie yn 1917.
In jier letter, doe’t Dútsklân it ferlern hie fan de Alliearden, wie it der ek reboelje en keizer Wilhelm naaide út nei ús lân.
Doe soe it hjir ek wêze.
Mar doe’t nei in oprop, tûzenden soldaten nei Den Haag gyngen die ‘t blyken dat men it keningshûs net misse woe.
Ek út ús beide doarpen ha der soldaten hinne west.
De wachtkeamer fan it station stie fol.
Mar doe kaem der in oare fijan.
De Spaanske griep.
Dat wie in fûleindige sykte, wer’t doe in protte minsken oan stoaren.
Ek yn ús doarpen binne mear as 10 minsken stoan.
Ek ien fan dy soldaten wie der by, mar ek bern dy’t rnei ús op skoalle gongen.
It wie in tryste wintermoanne.
De blidens omdat der net mear fochten waerd, feroare yn rouw.
It falt net ta, ek yn ús tiid, om te begrypen dat ferhael fan kryst, fan grutte blydskip oer alle folken en frede op ierde, mar lit ús dochs mar fêsthâlde oan lt ferhael fan it berntsje ynfe krêbe.

K. H.