AId Nijs 1987

Maaie en alderheljen.......Alde en nije tiid.

12 Maaie waerd earder neamd âIde maaie en 1 maaie, nije maaie.
Alderheljen 12 novimber en nije âLderheljen 1 novimber.
12 maaie wie de tiid fan ferhúzjen (ferfarren) en 12 novimber fan hier beteljen, bestelle bij de boer as arbeider, boerefeint en boerefaem.
Mar de kalinders wiene wol wat Ongelyk.
Wij liezen yn “Frysk en frij”, oer “in skuor yn ’e kalinder”.
It wie sneon de 23ste maaie fan it jier 1620.
Willem Lodewyk (ús Heit), siet krekt wer yn syn wurkkeamer.
Doe waerd hy ynienen tige raer.
Hy krige in oerhael.
Men klaeide him út en brocht him op będ".
Hoe soe it komme ?
Willem Lodewyk hie in brief skreon oan Maurits, syn neef yn Hollân.
De datum boppe it brief wie 13 maaie, neffens de Fryske kalinder, en dy dei is ek syn stjerdei wurden, (De ŕIde en de nije tiid)
Lestendeis wie it wer safier, klokfersette op 27 septinber.
De “simmertiid" wie der ek aI sa ’n 60 jier lyn.
Dat wie doe in soart minsken, foaral op it platte lân, min nei it sin en der hat sels troch dy “simmertiid" in plattelânspariij in sit hân yn ‘e 2e keamer.
Hij hiet “Braat”.
De ”simmertiid" neamde men “de nije tiid”!
Der hat gâns wat oer geande west.
Wij hiene hjir foar 1940 de “Amsterdamse tiid”, de “sinnetiid”, mar doe’t de Dútsers hjir de baes wiene, kaem der 40 miinuten bij.
Dat joech ek wer in hiele opskuor, want der wiene sels boeren dy ‘t mienden dat it net koe om de melkerstiid en inkele doarpen hâlden de toerklok op’e âlde tiid, mar dat joech ek wer betizing.
It hat yn dy tiid west, dat trije froulju mei de bus nei Wytmarsum soene.
De toerklok stie noch op ’e âlde tiid, mar de bus ried op ’e nije tiid en der kamen ek noch die 40 minuten bij.
Hja koene der net útkomme mei, rekkenjen en hiene op it lęst de wekker mar op it skiljen set !

nov. 1987.
K. H.

Iepen dei op 4 april 1987. (Open dag)

Ferline sneon hat der de sa neamde “Open dag” wer west, útgeande fan de lân- en túnbou organisasjes, bedoeld, om it publiek sjęn te litten wat der hjoed de dei omgiet en feroaret yn ús lân- en túnbou.
Diskear stie de doar iepen fan it alhiel fernijde glésbedriuw fan Sytse en Tsjipke Hibma oan ’e Stasjonswei.
It hat ússels as âld túnker ek goeddien dat troch dreech oanhâlden fan myn broer en syn soan, hjir oan ‘e Stasjonswei in bedriuw stiet, dat der wéze mei.
Wij kinne it hjirbij net litte om in stapke tebek te dwaen yn ’e tiid.
It neie glésbedriuw stiet op it selde plak wer ’t pake Klaas Tsjipkes griente ferboude.
Der wie doe in tichte hage omhinne, mar it personiel fan Hindrik Bakker Sr, űnder oare Frits Elzinga en Piter de Jong, koene oan ’e reek út pake Klaas syn piip, as it stil waer wie, wol witte wer ’t Klaas dwaende wie.
Dat wie yn ’e goede âlde tiid mar “dy tiid hâld gjin skoft”!
Yn 1915 is ús heit Tsjipke, tegearre mei Harmen Westra, as earste mei glés begűn.
Men neamde it doe, warerhúzen”, mar guon dyt ’t gek oan stekke woene neamden it “lekhúzen”.
Der kaemen al gau mear bij .
It wie yn de oarloch 1914-‘18.
De haedfrucht wie tomaten en der wie foaral yn Ingelân tige ferlet fan.
Fia de haven fan Harns koe ‘t mei it skip nei Ingelân en der waerden goede prizen foar betelle.
Mar net lang nei dy tiid kaem de “krisistiid”, tige earmoedich.
Nei de oarloch ’40-‘45, libbe alles wer op en kamen der in protte feroaringen.
De iene útfining nei de oare en sa kin men no alle jierren it âllernijste wer sjen liite.
Dérom de "íepen dei”, er dy is hjir tige slagge oan ’e Stasjonswei.
Der steane yn it gasteboek sa ’n 250 nammen, mar der: ha grif wol 400 besikers west, ek út oare provinsjes fan ús lân.
Ien fan de dingen wer ’t men it measte niget oan hie, wie wol, hoe it mogelijk is, om sa ’n greate opbringst te heljen út sa ’n pűde mei stienwol en dat de planten alles wat nedich is foar de groei, lyk as wetter en meststoffen, der út helje kinne.
Fierders it Iuchtsjen, betsjinjen fan in skerm om de kjeld fan bűten te kearen, mjitten fan de fochtichheid ensf. fia in computer regele wurde kinne.
Dit systeem fan, it telen op stienwol as substraat, is hjir oan de Jukemaleane a inkele jierren yn gebrűk bij de fam, Hartman en Ammerlaan en it foldocht tiige en sadwaende kin de iene fan de oare leare.
Wij fine it noch altyd spitich dat safolle túnkers, der sa foar en nei mei ophâlden binne en as âld Seibierummers allinne de Hibma ’s oerbleon binne en Metz yn Pietersbierrum, mar wij binne der oan ‘e oare kant wiis mei dat guon út HoIIân hjir hinne kommen binne.
Alle dagen sjogge wij in hiele kloft jonge minsken de Stasjonswei lâns fietsen nei har wurk bij Hartman en Ammerlaan.
Dat is goed foar de wurkgelegenheid en wij soene wol wolle dat der wat mear űndernimmersgeast wie, minsken dy ‘t de bui oandoarre.
En dat wij it yn Fryslân like goed kinne, der is it bewiis fan levere mei de 1ste priis foar de wytlof yn Easterbjirrum en in 1ste priis foar de komkommers yn Seisbjirrum helle op ien fan de grutte WestIânse feilings.

K.H.