Bij de foto’s.
1 De skiednis seit,der rounen gongen Fen d'âlde stins nei't doarpke ta.
2 Do waerd der dochs in trepke foun.

TebekYn'e tiid no. 54

Vrijdagavond 23 januari 2009 organiseerde de Oudheidkundige vereniging Barradeel in "ltWaed" een lezing die ging over de bewoners van het kasteel Liauckama, de omgeving, de openluchtspelen van 1938 en 1939 en als laatste de opzienbarende zoektocht in 1938 naar de onderaardse gangen die lopen van het oude slot naar de dorpskerk en de voormalige Adelen en Latsmastate.
Vijf wichelroedelopers wezen onafhankelijk van elkaar aan waar de betreffende gangen liepen.
OP twee grote schermen werden meer dan 70 foto's. tekeningen en plattegronden getoond.
In de Franeker Courant verschijnt een paar dagen van te voren dan altijd een artikel over de lezing, waarbij een ieder van harte wordt uitgenodigd.
Dat liep deze keer even anders zodat alleen de leden aanwezig waren.
Over deze zoektocht naar de gangen, schreef Jan Durks van der Mei uit "Pietersbierum" een lang gedicht.
HU woonde toen op wat nu Walburgastrjitte 6 is.
Over hem werd geschreven: Onvervalst S.D.A.P.'er, geheelonthouder, kaatssportkenner, wethouder, dorpsman,enz.enz.
Opvrijdag 10 juni 1935 publiceerde hij in een krant het volgende gedicht:

Liauckema-State.

Opdroegen oan de biwenner fen de âlde poartepleats.

Sa smûk, troch beammen ticht forskûle,
Mei 'n poarte en in brede grêft,
Troch folk biwenne, hird en wreed faek,
Bikend om hjar oerribele krêft.
Fier yn ‘e lânnen, oan de sé hast,
Mei in greidepaed nei bûrren ta,
Sa laei yn lang forfleine tiden
Dêr d 'âlde stins fen Liauckema.

De m0ntsen yn hjar griis habyt faek,
Dy seach men swallgen fier en hein,
En mannich âlde, earme swalker
Hat foar de stins syn leed hjar sein...

De poartedoar dy kaem dan iepen
En jountiidsbrea waerd foar him set.
Ho 't hy dér kaem ef hwet er dien hie,
Det wier syn saek, hjar hind’re ‘t net.

It wier in minske, dy’t dêr hong ’re
ln minske mei in skriemend hert...
For sa'n ien waerd de doar ûntsletten,
Al kaem er nachts ek wit ho let.

Mar kaem de fijân foar de wâllen,
Den rôp de needklok oer it gea,
Den ward der fochten, kâld en wreed faek,
En sloech men frjeon en fijân dea...

Det alles is al lang histoarje,
De swiere stins, dy is fordwoun,
Mar d'âlde poarte stiet noch stevich
Te weitsjen der, op âldfaers groun.

En as de simmersinne sakket,
Den falt syn skaed yn d'âlde grèft,
ln fûgel sjongt it ivich liet dér,
Fen lok en leed, ûneindich sêft.

Dêr laeit de bouboerspleats to drôgjen,
Dêr heart men nou de blide bern.
Hwert' eartiids frjeon en fijân fochten,
Dêr kin men nou it jongfé sjen.

De boer rint mei de frou de grêft roun,
In fiere klok liedt oer it gea.
In nije Maitiid is der kommen,
De âlde tiid is lang al dea.

ls det wol wier? ho doar jim 't sizze,
De âlde tiid dy libbet yet.
De nije tiid, dy hat it âlde,
Opnij yn 't folle libben set.

Der kaem in man ut fiere lânnen,
Dy, t berne wier by Liauckema,
En as in pylger is er swalke,
Yn 't jounskoft nei de Poarte ta.

De skiednis seit, der rounen gongen,
Fen d 'âlde stins nei 't doarpke ta,
Det woe de frjemdling ûndersiikje,
Dêr moast er sines nou fen ha.

Mei 'n kop'ren stokje hat er swalke,
In "wichelroede"hjit sa'n ding!
Sa roun er lâns de âlde paden,
En libbe er yn herinnering.

Syn tinzen wieren byde deaden,
Hy hearde by de âld tiid,
Mar as er miende hwet to finnen,
Den ljochte't strakke antlit bliid.

Hy krige help, it paed waerd útset,
't Roun op de greate tsjerke oan.
It doarp roun út, de kranten skreanen,
De gong wirdt foun, it liket skoan.

ln froumins kaem, hjar tinzen hongen,
As nevels yn'e simmerloft….
Hja sei: hjir binne nufre dingen,
De man dy't earst wier hat hjir boft.

Hjar man hong oer de finnehikke,
En seach fol earbied nei syn frou,
Hy knikte ris en sei do súntsjes:
"Dy wit hwet mins, det siz ik jo"

De man, dy't earst wier, lake súntsjes,
En tocht: "ik krij dos wol gelyk”.
len fen syn helpers rôp do: "minsken,
De baes en ik, wy wirde ryk".......

Mar ja de baes tocht by syn eigen:
lk freegje noch in oare man,
De rop dy gong troch 't âlde Fryslân,
Dy wist der mear as sluchtwei fen.

De dokter kaem en roun yn tinzen,
De âlde slotgrêft yn it roun,
En op it hiem, by de âlde poarte,
Sei hy: "hjir wirde gongen foun."

Do kaem de boer mei ’t folk yn aksje,
En waerd der groeven, ier en let,
Mar d'yngong nei 't beloofde lântsje,
Dy yngong, och men foun him net.

Dy minsken út it doarp, dy rounen,
De hiele dei hwet ôf en oan,
De kranteman skreau lange stikken,
Dy gongen troch it hiele lân.

De boer, dy krige lange brieven,
Fen medium en telepaet........,
As der”verborgen dingen"binne,
Hat mannichien hast oars gjin praet.

De boer bleau kalm, en hy tochte:
"Och wier ik it mar nea bigoun!"
Mar op in dei, myn goede frjeonen,
Do waerd der dochs in trepke foun.

Det moast nou dochs de yngong wêze,
Fen't paed, det ûnder d'ierde lei.
Mar efkes hat de hope libbe,
De glim fen 't lok wier rêd foarby.

Gjin yngong en gjin oare gongen.
De wichelroede kaem opnij.
De man fen fierren sei do skruten:
"lk leau, jim binne ticht der by”....

Wer grave en wer fantasearje,
Mar alles bleau allyk it wier.
Gjin seine skynd'er op te rêsten,
It wurk det foel de gravers swier.

Do is opnij in hearskip kommen,
Syn namme makke er net bikend!
ln frjemde man en sunder namme?
Soks wier men hjir dochs wier net wend.

De iene sei, it wier in gûchler,
Mar'n oare tocht: hy is ofsier,
De kranteman mei 't kyk tasteltsje,
Stie klear en tocht: ik neem hem hier.

Mar ho mar hear, it frjemde hearskip
Moast neat fen kranteminsken ha.
" Als't zoo moet"sei er," goede menschen,
Dan ben ik nu mijn taak al ba!"

De krante man is efterút gien,
En "unbikend"kaem nou foaroan.
Dêr stapt er hinne en it koper,
Det glinst're yn syn wite hân.

Hy sei perfoarst, der binne gongen,
Fen't âlde slot troch ’t greidelân.
It folk, det rekke yn extase,
En dounse oer't hiem do hân oan hân.

De âlde dokter wie ek kommen,
Hja wieren frjeonen, sa't men sei.
Det blykte ek, de jouns by't foartgean,
Naem d'iene smûk de oare mei.

De dokter smookte as in Switser,
En sei: "de striid wirdt troch âs woun.
Noch efkes en wy gean mei d'auto,
Fen't slot nei 't doarp, lâns d'ûndergroun".

En d'oare deis opnij oan 't graven,
Op't plak, hjar oanjown troch minhear.
't Muzyk studearre in nije feestmars,
Hwent elkien sei: nou komt it klear.

Der waerden djippe gatten groeven,
En oeral kamen minsken wei,
Altiid mar grave, altiid peile,
Sa gong de earste tiid foarby.

Dochs 't bleau by siikjen goede frjeonen,
Der waerd gjin inkele stien mear foun,
Wol waerd, sa't jouns ek sein wier,
Opnij de oare moarns bigoun.

Noch djipper waerd yn d'ierde groeven,
Mar sikerwier,'bleau fantasij!!!!
't Mysteary bleau, mar't djippe graven,
Bigjint men siker net opnij.

Hâld op, frjeon! Lit't forline rêste,
De fantasije bliuwt bistean,
En op det paed kin wol de minske
Syn hiele wûnd're libben gean.

Hwet west hat det leit goed besletten
Yn'd âlde groun fen Liauckema.
Lit it for ús mystearje bliuwe,
It komt de nije tiid net ta.

De âlde poarte stiet te lúst'r jen,
En d'âlde tinkt der sines fen.
Yn de undergrounen heart er grom'ljen:
"Lit ús mei frede, frjemde man."

Ja lit opnij de frede komme,
Det freegje wy op dizze dei.
ln streep troch alles hwet der barde,
En den, myn frjeonen, is't foarby...

Dêr leit de âlde pleats to drôgjen,
Dêr stiet de poarte, heech en kein,
Dêr haw'de geasten fen ús foarfaers
Opnij wer tsjin de minsken sein:

"Bliuw ôf fen alles hwet foarby is,
Bou mei oan dizze wûndre tiid,
Hwent eltse dei, en ek elts libben,
Det hat genôch oan eigen striid.

Ús tiid hat west,jim tiid scil komme,
Sa is nou ienkear wrâlds birin,
En dêrom, yn 't forline grave,
Hat sikersonk nou dochs gjin sin.

Us geast, dy bliuwt by d'âlde tiiden,
Gean jimme fierder, frank en frij,
Lit ús dochs rêste by ús sibben,
Det freegje, né det bidde wy.

Pitersbjirrum
J.D.v.d.M.

Als er belangstelling is om deze lezing b.v. op een zaterdagmiddag nog eens te herhalen.
Laat het ons dan even weten.

Harm Zaagsma Terppaed 8 8855CE 05l7 591337.