Petear mei Griet en Auke Bonnema,
Seedyk 16 ûnder Tsjummearum op 29 maart 1990, opnommen troch Grytsje en Sybe Andringa.

S. Wij sitte hjir nou bij Griet en Auke Bonnema, beide om-en-de-bij de 65 jier, beide seedyksters, en sille ris neigean wat se ús noch fertelle kinne oer it eardere seedykslibben. Se binne wol in eintsje ferhuze, foarhinne ûnder Easterbierrum, troch de seedyksferheging moasten se dêrwei, mar koenen in húske ûnder Tsjommearum, dêr't in alde omke ut stoarn wie, oernimme; dat is kreas ferboud, mar se binne nou dan wol Tsjommearumers wurden.Mar dat is net sa slim. It binne bern fan Simen en Tryntsje Bonnema-Bonnema.
Yn it boekje oer Koehoal fan de Suderseeferiening steane op in foto Simen Bonnema, mei syn feint Tjitte Kramer. Yn it boekje fan Buwalda oer de Bildtse fissers stiet in foto fan Auke, mei de sinnefisjes, mei op de eftergrûn ús stjelp.
Meskyn wurdt it net iens sa'n grutte protte, want se hawwe sels net fiske, mar wij hawwe ek al wat gegevens, mar dat is net sa slim.
Simon Bonnema fiske op de rigele Nooitgedacht. Nou binne wij nijsgierrich wa't mear op dy rigele fisken.
A. Heeringa, Jan Tjeerds Heeringa, mei syn soannen. Ale ek. Froeger Jan Heeringa mei Rinse Terpstra. Ja, en ik tink dat letter Ale foar Rinse yn it plak kommen is, en doe fiske Tseerd ek noch.
S. En fierder op de rigele Nooitgedacht, ik tocht fan Sipke en Rients van der Zee .
A. Ja, Keimpe Kramer ek, dy kaam fan St. Japik, en âlde Lieuwe Heeringa, en omke Klaas en Pieter Heeringa, en Tjitte en Klaas Bonnema, nee dy fisken op Koehoal, mar wol Piet Stienstra mei R.van der Zee.
S. Mar wêr fiske âlde Lieuwe Heeringa dan mei, mei Piet Stienstra?
A. Nee, Inne, der fiske Rients doe mei. Alde Lieuwe Heeringa dy fiske doe ek mei Jan Stienstra, en Jan Heeringa ek.
S. Jan Stienstra, wenne dy dan yn Tsjommearum?
A. Nee, yn de Westhoek. Der Wienen noch al westhoeksters dy't dut útkommen binne. Omdat it dêr te droech waard.
S. Dêr gong ik ek fan út dat se op dy menier hjir kommen binne. Meskyn dat jim bij jimsels nochris neigean kinne, ris even op pepier sette, wa't op de rigele Nooitgedacht fiske hawwe.
Dy rigele wie op it ein fan it haad yn de bocht, nou? Dat haad dêr't it skil oan kaam.

Dan komt der in skoftsje dat der te folle yn-in-oar om praat wurdt.
De konklúzje dérfan is wol dat de rigele Nooitgedacht oan it haad fan de skilbank wie, en de rigele Koehoal efter it haad efter Pier Bonnema, en dat Auke en Griet net ôfwitte fan it regdlement, mar ek dat de omskriuwing "1000 jellen bewesten Koehoal" net korrekt is.

S. It fûkbreidzjen, dat gebeurde bij jim yn 'e hüs? Fertel der ris wat fan Griet.
G. Heit hie dan in stôk; hoe't er it einliks hie dat wit ik net. Der siet dan in ketrol oan, want dy foeke waard hoe langer hoe langer, en dan moast it sa nou en dan wer ophelle wurde. As sa'n fûke dan ôf wie, moasten de hûpen der yn en dat gebeurde dan yn it efterhús, yn it skuorke seinen wij dan, en dan wie der wer in grutte ketrol oan it dak. Der wie dan gjin solder yn en dan koe er hiel heech oplutsen wurde.
De oare moarns hong er dan altyd in grutte taaiman yn de fûke.
GAW. dat sil dan wol mei Sinteklaas west ha.
G. Ja, dy hie Sinteklaas dan brocht. Prachtich, net?
De stôk dy siet boppe tusken in pear klossen oan de solder fêst, mar op de hichte dêr't heit siet te breidzjen, dêr wie in hoepke want oars soe dy fûke altyd mar nei jin ta gliidzje. Troch de hûp dan breide er fierder. As hij dan wer in eintsje fierder wie, dan moast de saak wer wat omheech, en sa groeide de fûke. Pake Auke dy hie dan de koperen hoeken, gewoan yn it kezyn en dêr siet dy. Mar ús heit hie se oan heakken tusken de solder en de flier. En dêr siet er dan te breidzjen.
S. Dus it gebeurde om Sinteklaas hinne.
G. Ja, yn de lange winterjûnen, en dat wie gesellich.
S. Dus altyd op jûn, oerdeis net ?
G. Nou, as it min waar wie oerdei ek wol, mar oars jûns. Let yn de hjers wie heit ek wol oan't hekkeljen en dan kaam er der oerdei net oan ta. Yn it foarjier begûn er al gau wer yn it skuorke, de hûpen yn inoar riuwe, de foeken wat neisjen as der ek gatsjes yn wienen, dat wie dan syn wurk. Jûns wienen se meast oan't fûkbreidzjen.
Seistû net dat der yn duzze boekjes in petroan fan dat fûkbreidzjen stie? Hat de frou dat ek fûn? Op dat rântsje dat stiet der yn dat boekje hoe as it moat. De iene mesk moast al grutter as de oare, oars neamden se it skyltsjes. Mar dêr komme wij aanstons noch wol efkes op.
S. Oer dat fûkbreidzjen dan noch efkes. Alle winters waarden der nije fûken breide ?
G. Ja, alle winters, dat witte wij net. Der wie wolris in kear ien, in oare kear twa, it jern wie der ek djoer, en it koe net altyd lije. Dat hie hjoed-de-dei wer hiel oars west. Nijlonjern dat wie folle sterker, mar dat wie der doe net; en dus as it in goed jier wie, dan waarden der twa makke, en wie it net sa'n goed jier koe it net mear as ien lije.
S. Sa gong it, want derút blykt it dus wol dat it gemaak lang net alle jierren like goed wie. Hoe is dat nou Bij jim oerkommen as bern, it libben fan in fisker, wat betreft de húhâlding ? Hjoed-de-dei soenen je sizze: neat gedaan, lang net genôch, mar hoe wie dat doe ? ”
A. Doe wienen de minsken gauer tefreden dan hjoed en doe wisten de minken ek net oars. Wat dat betreft binne wij goed bedoarn. Nou al. Mar froeger dan gong dat sa; as de minsken net mear as in gûne ferstjinnen dan waard der net f 2.- útjûn. As der in min jier west hie, nou dan ha wij noait honger hân, mar dan wie it wol krapper as gewoanwei.
Mar it wie doe prachtich; doe fong heit op in kear in salm, en dy wie djoer yn ferhâlding ta gewoane fisk, en dat wie in bûtenkânske en dan koe der in bytsje extra yn de hûs gebeure, dat wit ik noch, nij behang plakke en sa wat mear.
S. Ja, seker. Sa wit ik ek noch sa'n soarte ferhaal, mar dat gong net oer in salm, mar oer in steur.
A. In steur wie noch wer folle djoerder, en it kût fan in steur...
S. Dat kin wêze dat it dat wie, kaviaar...
Mar Pier Bonnema hat op in kear in steur nei Brussel stjoerd, omdat hij noed hie dat er hjir yn Harns der net genôch foar krije soe. Dat ferhaal hat Klaas Piers ús froeger alris op pepier set.
G. Us omke Klaas Aukes hat ek in kear ien hân, dy wie 4 meter lang, mar wit net wat se doe barden, mar it wie doe wol djoer.
S. Mar om noch efkes op de steur fan Pier Bonnema werom te kommen: Hij helle doe iis út Harns, ferpakte de steur mei it iis yn in kiste, en stjoerde dat saakje samar nei "in fiskkoopman yn Brussel" Nei in pear moanne krige der in postwiksel fan mear as hûndert gûne!
S. Wü hawwe it mar ien kear meimakke. Mei de fisk wie de hiele füke ek fuort: de fisk hie him in kear omdraait. De fûken fan nou binne folle sterker.
G. Mar wat ik ek sa moai fûn dat stie doe ek net yn dat stik fan de Ljouwerter krante - wat se hjir doe opnommen hawwe. As dy fûken út de see kamen dan kamen se earst yn 'e fearten dan moasten se weakje en dan waarden se ûnderdyk opset lykas at se yn see stienen. Dat neamden se: "staaie". ( Yn it Frysk Wurdboek komt dat wurd ek foar. Staaie = spanne, fan line as tou). Heit-en-dy wienen dan oan it foekstaaien, en dan waarden se skjinmakke mei de giselstôk, in kromme stôk snijden se dan út in beam, der moast dan in lyts krom eintsje oan sitte as hânfet.
Ik haw dat noch wol sjoen bij Wop en Antsje.
A en G. De hiele boel kaam dan utelkoar, fan binnen en fan bûten. Se stienen der dan ek wol fan binnen yn; nou, ja, foar safier as se der bij koenen fansels.
S. Dat útsprieden op 'e grûn, hoe neamde Griet dat? Ik sil it efkes opskriuwe, fertel ûderwilens mar troch.
G. Nee, se waarden dan yn syn geheel wer opset, yn de berm, nou? dat neamden se "fûkstaaie".
A. En dan waarden se skjinmakke. Dat skjinmeitsjen gebeurde tuskenyn ek wol ris.
S. Mear yn April - Maaie; as it seewetter wat waarmer waard, dan kaam de "groei" of de "Bloei" yn it wetter.
A. Mar dan moasten se ek noch taand wurde. As se ophâlden, mar soms ek tuskentiden wol, want yn it lêstoan koenen se net sa lang mear stean dan waarden se smoarch. Ja, ja, want heit dy taande se ek, tuskentiids ek wol. No ja, de taantsjettel dy is der achter op 't hiem bij ús.
G. Mar ik miende dat it neityd...
S. Tane, dat gebeurde doch...
A. As se út see wienen, mar ek wol tuskentiden.
S. Under wilens dochs net ? „
A. Wienen se dan droech, mar dan taanden wij se en dan gie it ek wol troch.
G. en ek wolris dippe. Hij hie der dan noch wat stean fan dat taanspul. It gebeurde mei caoutschû út India
S. Froeger mei útseane skyl fan ikebeammen, dêr waarden se earst mei behannele, mar letter kaam it caoutschû.
A. Wij ha hjir noch wol in pear âlde; wij ha noch twa bakken yn it hok stean, dêr waard it dan yn stjoerd.
S. Ien fan allen fertelde dat it ferstjoerd waard yn sederhouten kisten Leadachtich, seit Griet. Hiel sterk hout. Dat soe kinne. Wij kinne se aanst noch wol besjen; fan dat segarekistjehout.
It lotsjen bij de rigele Nooitgedacht, want der bin jim dochs it beste bij thús, dat gebeurde bij A. Willem Heeringa yn it café, hjir op Koehoal, op 'e Harne. Dat neame wij hjir de Harne, mar der wurdt mei bedoelt de Harne bij Koehoal.
GAW. Dat café waard net altyd Koehoal neamd.
G. nee, feitlik noait, mar wol seinen se op 'e Harne.
Mar dat wie letter doe't Tjitte Janke kommen binne, der't de skilbult lei.
S. En wat foar houtsjes hienen se der dan bij ? Wit jim der ek fan?Dan sil ik jim dat wol efkes fertelle. Op 'e Easterbierrumerharne hienen se houtsjes, der stienen de persoan dy't fiske, op. Willem Visser wie bijfoarbyld W. V.
Mar hjir op 'e Tsjommearumer Harne, ik neam it mar leaver Koehoal, hienen se houtsjes, der hienen se de merken fan de stokken en de fûken op. Nou, sa wit ik noch dat Sipke van der Zee it merk: in krúske, in streekje, en wer in krúske hie. Dat witte jim meskyn net?
G. Heit hie in krúske en in streekje. S. Want foar mij sels ha ik dat merk fan Sipke altyd fertaald yn: XIX is it romeinske sifer 19, en de S fan Sipke (en Sybe) wie de njoggentjende letter fan it alfabet. Mar as it ek sa wie, dat wit ik net. Nee, mar sa hie dus elke fisker hjirre dan in koutsje mei dat merk.
A. En dat stie oeral op. dat merk stie oeral op.
S. Nou, en dan woe ik jim noch de fraach stelle: in tal hjerrings, hoe folle wie dat? De iene seit 200, en de oare 220.
G. 220, mar dan gongen der noch 4 oerhinne; foar alle wissichheid dat it tel der wie.
S. Achterdyk wei earst oer de dyk sjouwe en dan ûnderdyk telle.
G. En wat ek moai wie: as heit-en-dy b.v. noch al wat bot hienen, dan moasten wij mei helpe om dy botten moai yn de bakken te lizzen, want dan mochten se net mei de kieuwen, siz mar op inoar lizze, dan koenen se gjin lucht mear krije, want se moasten libben oankomme. Mar ja, dan wie it sa moai, dan wienen je mei de lesten oan 'e gong yn sa’n bak en dan joegen se in pear kear in slach mei de sturt, en dan koene je wol wer op 'e nij begjinne.
S. De bot dy gong wol daliks nei Harns ta en de skarkes dy waarden yn 'e kear bewarre?
A. Ja, mar bot ek wol, mar skar dy wie doe neat wurch, dy ieten wij dus meast op as sinnefiskjes. Mar yn 'e kear dienen se se faak as der net safolle wienen, dat wie dus om wat grutter kwantum te krijen.
S. It riden fan de fisk. Yn froeger tiden gebeurde dat mei boerehaaiweinen, mar dat wie foar ús tiid, feitlik.
A. Letter is de auto kommen.
S. Kinne jim jim ek noch herinnerje wa as dy fisk doe ried?
A. Ja, dat wie Buys, earst noch foar Buys...
G. Ja, dat wie Tjitte de Jager yn ider gefal. Mar meastal Buys, dat wie in Harnser, dy wenne foaroan yn de stêd, yn de Bildtstrjitte, mar it gong út fan Buys en dy brocht se nei Harns.
Ja, ja, dat gong foar de Coöperaasje. En Lichtendahl, dy helle se sels op.
S. Ja, seker, ik soe mij foarstelle kinne dat Sipke fan der Zee se oan Lichtendahl ferkocht. G. Ja, en Jan Heeringa ek.
S. Lichtendahl hie dan in wite auto, in T-Ford. Dat wie nou wer in idee fan mij, dat ik dat noch wit, mar ik sjoch him noch riden.
G. Buys wie ek wyt.
S. Past ek wol bij fisk.
A. Yn de oarloch, doe kamen de fiskkeaplju se opheljen. Letter rieden se net mear, earst miskyn wol, mar letter net mear.
G. Earst, nei de Afslútdyk hienen heit-en-dy noch boaten fol fisk,
A. En dan waard der biste iten fan makke. Puf hiet dat, as se waarden oer it lân riden, as yn de put, Griet? Dan koenen je in amerfol fisk ophelje. Letter dan kaam Frits Pylger Miedema, út Frjentsjer, dy hie ek fisk, doe wie it net mear de muoite wurch, sadwaande hienen se moaie farske fisk, dy gongen sa fuort dat doe wie der gjin Coöperaasje mear.
S. Letter moat der ek yn Zoutkamp in fiskmoalfebryk kommen wêze, as se goedkeap wienen, dat se dêr hinne gongen.
A. Mar dan gongen se as "puf", sa neamden se dat.
S. Neidat de ôfslútdyk kommen is, is de fiskerü stadich minder wurden.
A,. De earste pear jier wie it alderraarst, ja mar doe...
S. De fiskerij duorre fan begjin Febr. as it hiel gunstich wie.
A. It moast wol hiel gunstich wêze, mar oars fan begjin maart, oan't maaie út, al nei gelang hoe hyt as de simmer waard; dan woe it net mear.
Dan krigen je ansjofisk.
Ja, dat hawwe Tsjeard en Jan Heeringa ek dien. Ale en Rinse ek noch. Gjerryt en Philippus ek, mar heit-en-dy ha it noait dien. Want dy; ansjofisk dat wie dochs net sa bysûnder. Ris in kear, mar it wie treffen, je moasten o sa'n geluk hawwe, want dat koenen je oan it wetter sjen. Marius Palma, dy hie altyd geluk, dy hat it noch al lang dien.
Ja, dat seinen se fan âlde omke Geart ek altyd, krekt as wolle dy hjerrings mar nei him ta.
S.A. 30.10.1990.