DE WAADFISKERIJ.

It Ferhaal Fan Douwe Wietsma, Liauckemaleene 3 te Pitersbierrum.

Ik bin Douwe Wietsma, berne oan de seedyk, en dêr ek altyd wenne; dêr ek Fiskermen west.
Der is mij Frege om wat oer it libben oan de seedyk te fertellen, en yn it bisûnder oer de Fiskerij.
Hoe lang as de Fiskerij dêr al net útoefene is, wit ik net, mar men kin wol oannimme dat der yn begjin 1800 al fiske waard oan de seedyk op de wize lyk as wij dat ek diene. It gong dan yn haadsaak om de hearringfiskerij. Fan de ûnderskate soarten hearring dy't der bestiene, wie dut der ien fen. Ik kom letter yn myn Ferheal hjir wol op werom. Duzze Fiskerij waard yn de maaitiid útoefene, al nei gelang it waar wie.
It hong der in soart fen ôf hoelang as de winter duorre, want de see moast Frij fen iis wêze. It koe soms yn it lêst Fan febreweris wêze, mar ek wol maart wurde.
Duzze soarte heerring keam yn de maaitiid op trek de waadsee yn. De Fiskerij op duzze hearring waard mei Fûken dien. Men sette in skut regelrjocht de see yn, op it ein fan it head, sa'n 40 meter lang, en dêr kaam heaks in span Fûken op te steen, ien op de westkant en ien op de eastkant. fan dy skutrigele. Yn it earst fan duzze Fiskerij, ik praat nou oer jierren tebek„ waerd duzze skudrigele fan wylgetienen makke, dy waarden yn elkoar flechte en dan mei eken stokken yn see set. De fûken waerden breide fan hennep, en waarden foardat se yn see gongen taend mei de bast fan ikebeemmen. duzze foeken waarden mei de hân breide, en dat wie in putsje yn de wintertiid.
Der waard op tij fiske, op heal tij, mei it sakjen fan it wetter gong men bij de fûken lâns. De boaten dêr 't men mei de see opgong wienen wat men neamde hearringboaten, sa'n seis meter lang. Yn myn tiid wienen duzze boaten al grutter. It wienen echte seeweardige boaten; it moest al hurd waeie as men de see net opgong. Yn Berltsum binne gans fan dy boaten bout, bij in sekere Van Maanen. men kin dut slach boaten, en noch folle meer âld fiskersark noch fine yn it fiskerijmuseum.
Duzze Fiskerij duorre it hiele jier net; it begong, sa't ik al sei yn Febrewaris, maart, en duorre oant mids Juny. De fisk waerd oan de dyk ferhandele, meastentiids oan lytse keapljue, dy't dan mei hynder of kedde, en ek wol mei de hûnekarre de fisk wer útsutele. Der wienen ek fiskers dy't her fisk rikken en dy waarden dan as bokkings ferkocht.
Men fiske yn rigels, mei 4 of meer boaten; elke fiskerman hie den 8 of mear span fûken. Yn it begjin waerd der om lotte wêr 't dy of dy stean moast. As in Fiskersman yn earster ynstansje nûmer 1 hie, dan koe it wol wêze dat er de twadde kear nûmer 5 luts, mar ek wol in oar nûmer. Der waard ek in "rigelehaed" beneamd, dy't der op tasjen moast dat de iene net meer langte krige as de oere. De fiskerman dy't de lêste lotting hie, mocht wat meer skud sette; dat waard de "omtroom" neemt, want duzze man moast in lampe op it ein fan de rigele sette, foar de skipfeert.
De rigels hienen ek allegeerre nammen. Ik sil inkele neame. Yn de westhoek, dêr't de Bildtkers fisken, neamden se Nooitgedacht. Op Koehoal de Volharding. De Palmarigel de Slingerhaan, Kromherne. (myn Ferhaal giet yn headseak oer de fiskerij benoarden Harns.) Der wienen fiskers dy't in hiel boetsgerü hienen. Dy hienen dan in knecht. Mer de meeste Fiskers hienen in heel boatsgerij, werbij dan twa togearre dienen. Ik bin ris neigongen wat de minsken mei de fiskerij fertsjinnen, en dan praat ik oer fier foar de eerste wrâldkriig; es men per boat 400 gûne besommen, hie men in goeie teelt, sei men dan. mar der binne ek maeitiden west dat se gjin droech brea Fertsjinnen. En den wie it bittere earmoede oan de seedyk. De fiskerman dy't in knecht hie, koe him dan net iens betelje. Yn dy tiid hongen se ek te folle fan de keapljue ôf.
Doedestiids wie der noch gjin Fiskôfslach, dy is letter kommen.Nou Freegje jo je ôf: wat dienen dizze minsken fierder yn it jier. Want se koenen net bestean fan allinich dat fiskjen. ( Ik wol dut noch al efkes sizze, dàt myn Pake my ris ferteld hat. En dy wie ek fiskerman. Dat se de hearringen wol oer it lân brocht hawwe, foar dong, went se wienen doe neat wurdich.)
` As den maaitiids de fiskerü dien wie gong in grut part fan de minsken bij de boer op it lân te wurkjen. Want der wie doedestiids genôch wurk op it lân. Der wienen ek minsken dy't in eigen stikje lân hienen. En der dan Fierder ek bij arbeiden. Nou wie it oan de seedyk sa: men libbe der goedkeap. De meesten hienen in eigen húske. En in peer skiepkes oan de dyk, en in peer hinnen. In inkele in baerch foar de winter. En de see joech genôch brånstof op: der spielde altyd wol hout oan, dêrt it hûs dan wer mei opknapt waard. Nou wie it ek sa dat nei in strange winter in hiele protte minsken ek hielendal oan de grûn sieten. En bij de winkelman, wij soenen nou sizze: yn it read stienen.
En wat seach men der dan wer nei út dat men wer fiskje koe. Sa't ik al oanhelle gongen Folle nei it fiskjen nei de boer ta om te wurkjen. Mar der wurken ek gans minsken bij de ûnderhåldswurken , lyk as de seewarring. Alderen ûmder ús witte noch wol fan de kustwurken, dy 't der foarhinne wienen: rigels peallen mei lytsere balstiennen der tusken. Dêr wie in soart ûnderhâld oan. Yn de winter wienen der ek minsken dy't oan it Flaaksbraken wienen. Foar de earste wrâldoarloch koe men oeral de braakhokken fine. Dan wienen der ek gâns minsken dy't nei it hearringfiskjen nei de loggers gongen. Net allinnich op de Nederlânske, mar ek op de Dútske leggers. Sa die de iene dut wurk en de oere dat. Ik wol ek noch oanhelje dat der seedyksters wiene dy't in deihier Fertsjinnen mei seewier, dat yn de simmer oanspielen kaam. Dat seewier waard dan op 'e gloaiïng helle en dêr dan droege. De âldsten ünder ús witte noch wol dat se op seswier sliept hawwe. Ik wit it noch hiel goed, en it sliepte lekker.
Yn it begjin haw ik al oenhelle dat de fisk oan de dyk ferhannele waarden. Der is letter feroaring yn kommen. Want sa't ik al sei, se hongen te folle fan de keapman of. Der waard net allinnich hearring fongen, mar ek mear, Sa as bot, skar, tong, gibben en roggen. Soms in inkelde Salm, dat wie dan in bûtenkânske, want dy brocht wol wat meer op. Ik haw al sein dat der letter feroaring yn kommen is mei de handel.
Foar de eerste wrâldoarlog hawwe de Fisksrs meiinoar in kooperaasje oprjochte, dat wie in hiele ferbettering. Doe wienen se net meer alhiel oan de keapljus oerlevere. Der waarden ek iispakhuzen bout, dy waarden winterdeis fol iis steapele. En omdat Dutslân yn oarloch wie waarden de hearringen yn spoarweinen laden en gong dat spul nei Dútslân ta. De besommingen gongen dêrmei ek omheech. Yn dy tiid wreide de fiskerei him doe stilwei meer út, fral it materiaal waard stilwei grutter. De fûken waarden fan ketoen breide en dat wie ek in hiele foarútgong. Dut fiske folle skerper as hennep. Ek de tienen skudden waarden net meer brûkt, it waard nou allsgearre fan net makke . De nettefebriken kamen ek opsetten en koe men machinaal net keapje. Nei dat der in koperaasje oprjochte wie kamen der yn Harns ek bokkingrikkerijen, dat wie ek in Hiele ferbsttering. Duzze bokking gong ek in soart nei Dútslân ta.
Yn de tweintiger jisrren wie der ek in fiskôfslach kommen, dat wie wer in hiele febettering. Dêr kamen ek mear koopljue op ta wat de handel te'n goede kaam. It wie bij de sesdyk in goede tiid, der waarden goede fangsten en dertroch goede besommingen makke.It ferfier gong doe al mei de auto. Ik moat noch wol fertelle dat fier foar de earste oarloch de fisk mei boereweinen nei Harns brocht waard. De fisk waard doe noch yn kuorren ferfierd. De fisk kaam doe net altyd goed oer, want it wienen doe noch sânpaden. As de riders de middeis fuortgongen kamen se nachts hiel let wer thús, ek al omdat der ûnderweis noch alris in kroegje stie, dêr't wolris gebrûk fan makke waard.
Ik wol noch even werom komme op dat seewier. Yn de eartiids noch Sudersee groeiden hiele fjilden fan dat wier, en dy wierplaten wienen o sa belangryk foar de hearringfiskerij. Want as yn de maaitiid de grutte skoalen hearring de waadsee binnenkaam, wiene se kûtryp en dan trokken de skoalen nei de Sudersee en skoaten har kût yn de wierplaten. En omdat it ferskil tusken eb en floed yn de Südersse lang sa grut net wie as nou yn it waad, keam it seewier dêr net droech te lizzen. mei troch de ynfloed fan de waarmte fan de sinne op dat seewier waarden dêr de jonge hearringen berne.
Myn Ferhaal giet nou Fierder oer de tweintiger- en tritiger jierren, in strieminne tiid. De krisis kaem opsetten, mar dat net allinnich. Der hongen ek donkere wolken boppe de seedyksters en dêrmei de fiskerij. De geruchten gongen dat se in dyk fan Hollân nei Fryslân oanlizze woenen. En nou hiene de minsken dy't it witte koenen al foarsein dat it dan mei de hearringfiskerij út wêze soe. Wij as seedyksters leauden dat earst net. It sil wol wat meifalle, sei men. mar de dyk waard oanlein. En doe de dyk der ienkear lei doe feroare der al wat. In pear jier binne der noch enoarme fangsten west, en yn de krisisjierren wienen de hearringen hast ûnferkeapber. Se gongen doe meast nei de fiskmoalfebryk ta. mar doohs sakke de hearringfiskerij geleidelik ôf. Ik hie al Ferteld Fan dat seewier. Doe't de ôfslútdyk der ien keer lei, wienen de hearringen har paaiplakken kwyt. Nou sil men sizze: dat kin dochs ek wol yn de waadsee. mar dat koe net omdat der in folle grutter ferskil tusken eb en Floed kaam. De hearring paaide hjir ek wol, mar it kût kaam mei leech wetter meestentiids droech te lizzen en koe net ta syn rjocht komme. Mei de ansjovis is it de selde kant útgongen. Der binne noch inkelde Fiskers west dy't de Fiskerij noch wat oanhâlden hawwe, mar der siet gjin bestaan meer yn.
Yn de tritiger jierren is der foar de seedyksters ek hiel wat feroare. De seedyken binne doe ferhege en dermei moasten in part fan de Seedykshúskes ôfbrutsen wurde. Dat wie de earste ferheging dy ’t ik meimakke hie. Doe ’t de ôfslutdyk der kommen is binnen ei de ramp yn Seelân de Deltawurken útfiert. En dêrmei de seeyken wer ophege wurde en moasten de leste húskes ôfbrutsen wurde. Dat hat foar duzze aparte mienskip, want dat wienen de seeyksters, in hiele toer west om har húskese ferlitten. Dêr hie in part fan har libben lein.
Der binne al ferskeidene seedyksters dy’t ik kennen ha, ferstoarn, en binne der dus net. Mar dy’t fan ús generaasje noch libbet, sil altyd noch mei har gedachten oan de seedyk wêze, dêr’t se safolleleafde en leed meielkoar belibbe ha.
It is o sa jammer dat dy fiskershúskes ôfbrutsen binne.
En mannichien seitnou: it libbet net mear oan dy keale seedyk; mar it is nou ienkear sa. En sa heart dut stikje seedykster libben ta it ferline. Dat komt nooit wer werom.
Sa haw ik probearre noch ris wat te fertellen oer it libben fan de seeyksters.