Petear yn Nij Bethanië, bij Jan Kramer -Tsjummearum. l2.l.1990
Gesprekslieders: Klaas Swart en Wietse Leistra.

Sw. Jan Kramer is in âlde Bildtker, hij seit hij is noch net sa â1d, want hij is noch mar 94 jier. En hij kin sokke moaie ferhalen fertelle oer de fiskerij.
Kramer hat meast yn it Blidt Fiske, mar hij hat ek yn de Bjirmen syn fiskerij hân, dat nou sille wij Kramer wat freegje en dan fertelt Kramer syn Ferhaal wol, tocht ik. Kramer, jo moatte mar ris begjinne mei te fertellen: hoe âld wienen jo doe’t jo begûn binne te fiskjen, en wiene jo in fiskerssoan, wie jo heit ek fisker, en hoe gong dat yb syn wurk ?
Kr. Nou, ik wie in fiskerssoan en ik bin begûn te fiskjen, doe wie ik 14 jier
Doe moast ik Fan myn heit te rigelfiskjen op 'e Swarte Haan, dêr hat ek myn broer fiske mei myn omke Fan Swarte Haan, Sybe van der Zee.
Sw. Ja, dat wie dochs yn de jierren 1910 - 1920, doe binne jo begûn.
Kr. Ja.
Sw. Wie it doe wat in florearende saak, Kramer ?
Kr. Nee, it hat nea in florearende saak west, want sjoch, a't jo wat fongen, earst wie it in bealich fol wurk om it der yn te krijen, no, yn febrewaris begûnen jo meast al, dan wie it kâld en raar - mar dan fongen je eerst mar in peer hjerringen, net de muoite wurdich... mar a't jo wat meer fongen, dan wiest bliid thús. Sa gong dat wol sa wat, dat gong de hiele maaitiid sa'n bytsje troch, hear. Hiel inkeld ris dat je seinen: nou kinne wij ris in goede deihier fertsjinje, mar fongen je tefolle, dan gongen hja oer it lân, nou !
Sw. En wêr leveren jim de Fisken ôf, dy't jim fongen ?
Kr. Nei de Westhoek, nei Teake Tsjepkema en Eddy Liuwen (Erryn Leeuwen?) dat wienen de mannen.
Sw. En dêrwei gongen se dan nei Harns te, en sa ?
Kr. Dat wie de Koöperaasje, fansels, dy gongen nei Harns. Mar sjoch, dat gong froeger sa: dan wienen de meeste oan it braken no, en dan wienen se in bytsje oan it hoepriuwen en dy boel, en dan gongen se nei Teake en Erryn Leeuwen om jern, en dan moesten se breidzje... dat gong allegearre op 'e pof, hjer, want se hienen net in sint.
Sw. Ha jo yn jo jonge jierren ek wol op 'e logger fearn ?
Kr. Nee, dat net.
Sw. Dus, yn de winter foekbreidzje en sa, ek wol bij in boer arbeidzje, of dat net ?
. Kr. Oh, net folle ! Ik ha't wolris dien, mar net folle !
Sw. Dus, jo wienen altyd mei de Fisk bezig ?
Kr. Ja, heit sei bij syn leven: as't Fisker bist, dan kinst elke sint sels fertsjinje.
Sw. Ja, ja, it wie in frij berop. jo wienen sa frij as in fûgel, jo wienen eigen baas, dat is ek sa. mar wannear binne je dan nei de Bjirmen ta gongen, Kramer ? wat jierren ?
Kr. 25 jier, of langer, 30 jier...
WL. Nog langer, want it wie foar de oarloch ! Na de oarloch waard hier al niet meer fist.
Kr. Ja, mar wij fisten hier noch al langer, toch later.
WL. Na de oarloch ook noch ?
Kr. Rinse Zijlstra en ik en Hessel, dy gong noch mei.
WL. En dan hienen jim regels hier op Koehoal, tussen Koehoal en de Westhoek yn dan.
Kr. Ja.
Sw. Mar, Kramer, koenen jim wat mei de Eaeterbierrumer fiskers, hjir yn de Bjirmen,; of hienen jim wolris rûzje, wie der ek wat rivaliteit ûnderling, of net ?
Kr. Nee.
Sw. Dus, it wie allegearre as kollega's...
Kr. It wie in werklikheid sa de minsken dy't hjir wennen dy gongen allegearre wat gewoan , mar mei de fiskerij, dy hienen wat mear sinten as wij yn it Bildt.
Myn omke hie it faak oer Kees Fan Pibe van de Zee, nou dy is ..."foeke meale ?“
Bij Durk broer, ik sei, hoe kin dat - sa, mei tolve bern, en dan gongen se nei 't westen te ferkeapjen - dy foeken wienen folle grutter, mar ja, ...fuort.
Sw. Mar werom gongen jimme nou út it Bildt wei, hjir ûnder Koehoal te fiskjen ? wie it hjir better, dan ?
Kr. Ja, sa stedichoan wurde it dêr minder.
Doe’t de fisk noch hjir kaam (fan de Sudersee?) doe koenen jo op Statehoofd en op Swarte Haan likegoed fange. Dêr stiene twa boaten, twa Bloks neamden se dy, en dy fongen doe like folle as wij.
Sw. Kinne jo ek wat nammen fan rigels nsame út it Bildt wei? Jo hienen it krekt oer de Slingerhaan, Volharding, en Statehoofd.
Kr. Earst krigen jo Klaas Blok, mei twa boaten, dan krigen je (Han, Ton, of Anton?) (of, neffens Buwalda: Omstraom) mei twa boaten.
WL. Teugenover 't Vliet.
Kr. Dan krigen jo t.o. Bolwerk, ek mei in stik of sân boaten, en dan krigen jo de Volharding, van Albarda.
WL. En dan fierder de Westnoek yn, wit ja dat ek ? Kr. Ja, eerst de Volharding. en dan krigen jo Slingerhaan ek mei twa (of twaalf) boaten, en dan de Westhoek mei 2 boaten, (opmerking S.A.: de hiele list fan de rigels yn it Bildt wordt oanjûn yn it boek fan Buwalda: Geskiednis fan de Bildtse Fisserij, bis. 17)
Sw. Dat Fiskjen yn 'e Bildthoeke, gong dat krekt gelyk mei lotsjen, lykas dat yn ‘e Bjirmen gong 2?.
Kr. Ja, yn febrewaris dan waard der lotte oer de plakken nou, foar de boat en foar fûken, dat wie allegearre it selde., as yn 'e Bjirmen.
Sw. Mar werom is no de Fiskerij ophâlden hjir yn de Waddensee, Kramer ? Um it smoarge wetter en it oanslykjen ?
Kr. Nee. Sw. De fûken wienen fuort dus.
Kr. Sil ik jim sizze wer't him dat yn sit ? Ofslútdyk!
Froeger leinen de hjerringen har kût yn de Sudersee, yn it wier, tûzenden, miljoenen sokke stikken kût leinen op dat wier, hé. en doe seinen de minsken: wij sille grut dwaan, wij meitsje in ôfslútdyk, en doe kamen dy hjerringen ek út de Noardsee, like goed, doe kamen se hjirre noch wol, mar der binne in soart hjerringen stoarn.
WL. Mar de eerste paar jaar na de ôfslúting doe waard hier eerst noch wel fisk fongen, niet ?
Kr. Nee.
WL. Och, ik meende dat ik wel is hoard had, dat de earste twee, drie jaar nadat de ôfslútdyk klaar was...
Kr. Nee, hjer, it was in een keer krekt gebeurd, in een kear allegaar útsturven.
Sw. Ja, mar nei dy ôfslúting is der noch in skoft wol aardich ansjovisk fongen, no.
Kr. Ja, ansjofisk wol, mar wij hienen it nou oer de hjerringen, nou ?
Sw. Ja, dy hjerringen, skande dat dat dien wie.
Kr. Ja, dat ha de minsken sels dien! Se moasten sa noadich de ôfslútdyk meitsje, doe wie it gebeurd. De hjerringen kamen wol, mar it kût rekke wei. och, dat wienen slompen, slompen kût, dat wie rozich, hé.
Sw. Mar fongen jim ek wolris wat oars as hjerringen ?
Kr. Jawol, tong, en skar, en bot - mar skar is Folle lekkerder - dêr joegen se neat foar, en se fongen wolris in salm.
WL. Dy wienen djoer tink.
Kr. Ja, achttjin pûn, tsien pûn, tweitich pûn, dy wienen djoer, ja. Ja, myn neit hat se wolris yn de fûke han.
Sw. Mar, Kramer, no binne jo 94 jier âld, en as jo nou werom sjogge op jo leven, sa’t je dat leefd ha as fiskerman, ha jo der dan spyt fan, of siize jo : nee, ik bin altyd in gelokkich man west.
Kr. Nee, ik ha der noait spyt fan hân. Sjoch, frijheid is blijheid - en ...eigen baas mar it wie wol swier, hjer !
Sw. Mar it is wol in sûn berop west, oars hienen jo net sa âld wurden.

Nou, dat wie in pracht ferhaal, en wij wolle jo ochsa betankje, wij sille dut noch wolris ôfdraaie, en at de mooglikheid der is. dat jo it hearre kinne, dan sille wij jo ophelje om it ôf te lústerjen.
Kr. Dat fyn ik fijn.

Utskreaun troch frou A. Bosma - Bloemink op 1.2.1990