Binke Dijkstra en Klaas Swart: Petearen mei âld fisker ein desember 1989

Petear mei PIETER ALBERTS DYKSTRA út Seisbierrum 30 nov. 1989.

Pieter Dykstra is in âlde man fan 88 jier; hij is oan de Séedyk geboren en hat dêr yn syn jonge jieren in hiel soart beleefd en hat in bulte te fertellen oer de fiskerij yn dy tiid. Binke sil nou in tal fragen stelle oan Pieter en dan sille wij ris sjen wat moai ferhaal dat wurdt.
Binke: Hoe wie jo femylje, wa fiske, wat diene jo, wa út de femylje fiske?
Pieter: Alle fjouwer broers Fisken: ús heit, Gjerryt, Durk en ik, en ik bin de leste dy't fan ús heit it fiskjen leart hat, en ik haw it Machiel wer leart.
Dat wie ús heit yn '20 - '27. Yn l927 doe haw ik de fiskerij kocht fan heit, de helt, en doe hat Machiel it leard.
B. Ja, jo fisken earst mei heit, en doe Machiel wer mei jo.
P. Ja.
B. En bij welke rigele fiske heit.
P. Pake, dy hat altyd op 'e Slachte fieke. Slachtedyk, en hij hie Barradiel (BAR) 44.
En ast alle nûmers witte wolst, dan kin ik dy wol opneame, mar ek...
B. No, a't jo wolle, graach, a't jo dat noch witte? neam se mar op...
P. Sybe/Jelle 4l, Eelke Sybesma 42, Rintsje Visser 43, heit (Albert Dykstra) 44, âlde Auke Dykstra 45, grutte Thomas 46, Swart, dy wenne ek op 'e Slachte, dy hie 47 en Willem Hiemstra hie 48 en Bote Visser en dat wie alles..
B. Pake wie it rigelehoofd he.
P. Ja, dat is er altyd west, doe yn 26/27 is it ophålden hé?
B. Wanneer bin jo begûn te Fiskjen ?
P. Yn l9l9, doe wie ik l8 jier.
B. Oant hoe lang ha jo Fiske ?
P. Oant '39 ta.
B. En doe wie it hast gebeurd ?
P. Ja - doe ha wij de hiele maaitiid 300 hjerrinkjes føngen.
B. Dus doe wie 't neat wurdich.
P. Nee, doe wie it dien.
B. Bij dy rigels, doe waard der ek altyd lotte en sa, wêr wie it plak dêr't dat dien waard, hoe hiet dat ?
P. Dat wie ûngelyk, it wie Froeger oan 'e seedyk bij Rintsje Visser, en letter bij Boate Visser, dy hie dat grutte hûs kocht, dat hûs dat sa stiet - noard-súd, en dêr waard lotte en Easterbierrum dat wie yn't café.
B. Dat wie altyd wol op 't selde plak.
P. Ja, dat wie altyd op itselde plak, enne dêr kaam dûmny ek, ja, de dûmnys út Easterbierrum, dy kamen dêr ek en dan de gelovigen fan Easterbierrum(erharne) en fan de Slachtedyk, dy gongen dêr ek hinne, mar der wienen ek guon dy kamen der net.
B. En werom kamen de dümnys der dan ?
P. Om 'e segen te freegjen.
B. Ja, ja, at it goed gean soe mei it fiskjen.
P. Ja, natuurlik, dat wie sa'n praatsje, nou ? De meesten skieten der op, mar eh..
B. A't it holp dan wie it moai meinommen! (gnieze !)en...waard der elk jier op 'e nij lotte ?
P. Ja – wis !
B. A't der nou meer Fiskers wienen, hoe gong dat dan mei de nûmers? om en om, of...
P. Nee, do lottest alle kearen; mar foardat it lotsjen begûn dan hiest drege ferhalen, mochst net langer as sa, mochst net skeander stean, no ?, sjoch froeger doe mienden se dat se in bytsje skeef stean moesten, hè, sa...skeef, mar letter doe kaam it út oerdwars? dat it oarsom folle better wie.
B. Dus der waard fan te foaren goed ôfsprutsen hoe as dat gong, en dan moast elk him der oan hâlde.
P. Ja, alles, men lotte alle kearen, en alle kearen op 'e Slachte fan ien oant acht, dan kamen de houtsjes wer yn in kistke; it junkje, ien fan Weiden, dy krige se dêr út en ik lies se foar, ien - Halbe Dykstra of Rintsje Visser of Boate Visser, 't koe neat skele wa.
B. Ja, krekt wa 't him krige.
P. Ja, der waard alle kearen lotte en acht, dan gong it wer: njoggen - tsien – alve-tolve - tretjen, fjirtjen -fyftjen - sechtsjeni dat wie it lotsjen.
B. Dus a't je dan ien hienen, dan hienen je ek...
P. Nee...dêr lottest om !
B. Ja: ja'

P. Do lottest der om - wat nûmer ast hiest.
B. Ja, alle kearen wer...
P. Do koest ek wol acht as en njoggen bij elkoer krije, krekt hoe’t it útkaam.
B. Ja, om elk nûmer wurde lotte, net om en om. Hie elke Fisker yn elke rigel like folle span stean ?
P. Ja, dêr weerd ek oer praat.
B. Ja, alles earlik.
P. Ja, elk...ja sjoch, dy bij Eesterbierrum dy wie mei 28, de Slachte fiske mei 30.
B. It fiskjen hie fansels ferskriklik te krijen mei tij; en wanneer gongen je seeyn?
P. Mei heel tij.
B. Altyd mei heal tij.
P. At it wetter net fuort woe gongen we ek wol earder.
B. Fan hoelang oant hoelang waard der fiske ?
P. Dat wie ûngelyk, de léste jierren dat wij fiske ha, wienen wij altyd te let –dat begün yn febrewaris al de lêste jierren. Froeger ? nou dan wie it heal maart, dan wie it al betiid.
Sw. It iis moast eerst al út see wei tink ?
P. Ja, yn 14 - l8, doe hat it lang minder west.
B. Dan koenen je ek net earder begjinne fansels.
P. Nee--- Easterbierrum(er Herne) hie al netten en dy wienen plat slein...
Pauze foar kofje.
B. Wer binne wij bleaun... eh.. doe sei omke, se begongen begjin maart of sa, wanneer it koe, en dan oant hoelang ?
P. Wat earder as't yn 'e tiid keamst, wat better; oant maaie ta sa ûngefear.
B. En dan wie it gebeurd ?
P. Dan wie 't gebeurd.
B. Dan wienen de hjerringen wer Fuort.
P. At heit dan noch gjin dykwurk hie, dan hâlde hij der in stik of seis foeken, noch wolris meer, en dan gong ik as skoellejonge foar as nei skoaltiid ek wolris mei nei see.
B. Ja, hurd bij de foeken lâns.
P. Ja, want oaren dy gongen op 'e logger en dat wie yn maaie.
B. Ja, want Pake het ek wol op'e logger fearn, nou ?
P. Ja, achter de tiid op 'e logger fiskje...
B. En wie dat in logger út de ... hjir út...
P. Ut, Scheveningen.
B. Dus út Scheveningen.
P. Nee, út Vlaardingen - Vlaardingen 2l hat Durk altyd op fearn en Piter Visser ek.
B. Ja, Piter Visser, want dêr ha wij noch in foto fan.
Sw. Mar koenen se dan mear fertsjinje op 'e logger, of wienen de hjerrings dan fuort...wêrom gongen se op 'e logger ?
P. Omdat se gjin nocht oan it lânwurk hienen !
S.+ B. Ja, ja.
P. Se mochten net in boer sjen.
B. Ja, dan gongen se eerst yn de hjerrings en dan nei der tiid op 'e logger, ja, krekt. Nou je, en at se dan like goed fertsjinnen as bij it lânwurk, dan koe dat ek wol fansels. !
P. Ja, Durk hie gjin nocht oan it lânwurk.
B. En op 'e logger, Fertsjinnen se dan wol aardich ?
P. Jawis, dat ha'k je dochs sein, net ?
B. Jawis, moai. -Eefkes op myn briefke sjen....De fisk dy waard doe yn in bin, koer, op it skouder, (oan lân brocht) oer de dyk tôge.
P. Ja, yn in bin, 100 pûn.
B. Wêr waard dat dan hinne brocht, achter dyk, ûnder dyk ? wer leinen se se dan eerst del ?
P. Under dyk fansels ! direkt nei ûnderen ta. Dêr kaam de wein lans, letter de auto’s.
B. Earst waard it mei hynder en wein fuortbrocht.
P. Ja, Pake dy wie hjerringrider, fan de (Eesterbierumer herne) en de Slachte, en die naam it oan, mar de Houtsma's dy wienen reserve 's, at se bijspringe moesten, dan sprongen se bij, at der mear kamen as at hij hâlde koe. Hij hie in âld heaiweintsje: en in âld hynder; dan sei Siebe Houtsma wol: "nou dat brúntsje kin der wol bij”, dan komme der twa hynders foar de wein, dan kinst se wol hâlde? mar oers dan sprongen se bij. It is wolris mei rinnende weinen gongen, sa folle hienen se fongen.
B. Nee wol ! En wie it dan noch wol wat wurdich at se safolle hienen ? nee tink.
P. Nee, net in soad ... mar se brochten altyd wat op .
B. Ja, se namen it wol allegearre mei... '
P. Sjoch, yn de tiid Fan '14 - '18 sil ik mar sizze hè, dy tiid. Letter is de oarlech mei Dútslân ophâlden. hé, letter is Durk ek noait meer op 'e logger west, hé. Gerrit is yn '14 trout en Durk is ek yn '14 troud.
B. Doe gongen se net meer fuort, nee.
P. Nee, want se koenen doe ek net op 'e logger, want it wie oarloch.
B. Dat koe ek net.
P. De Fiskerij is helendal feroare, hé.
B. Nei dy tiid.?
P. Ja.
B. Wat Feroare der dan allegearre?
P. Nou, earst hiest in lange wjuk en in koarte wjuk, en de koarte wjuk wie oan de wâlskant; in easter en in wester; en letter hienen we twa lange wjukken mei ferlengnetten, l5 foet, en 15 foet dy kant út.. En dan hiene we koarte netsjes en dan hiene we 75 foet skudnet, 5 netten fan 15 foet en in doar fan l2 foet en in knypgat fan 6 foet en doe wienen dy plakken folle grutter en folle minder foeken en...
B. En koenen se langer ein ynsette fansels, jawis , koenen se folle grutter foeken sette.
P. Froeger...dat wie't âlde... yn de tritiger jierren is dat feroare.
B. Ja, doe fisken se lang sa'n soad net mear.
P. Jah...wiswol !!
B. Mar dan koene se fierder de see yn tink ?
P. Ja, seker.. gruttere foeken - grutter plak .
B. En hoe gong dat nou as der wat oars fongen waard as hjerring; se fongen ek wolris wat oars tink ik - wat dienen se dêr dan mei ?
P. Dat wie foar de linker bûse... - bot.
B. (en eat help wolris wat ?) dat wie ek wmol wat wurdich ? '“ P. Us heit fong in heel kuorfol, dan hie in oar 'n heal. En oan van der Haring, dy kaam fan Frjentsjer, dy hat wol 25 jier op 'e Slachte kocht - de eersten betelle hij net, de lêsten ek net, ja do krigest dyn sinten wol, mar dan hie hij gjin jild.
B. En dan yn 'e midden a't der jild hie, betelle hij alles.
P. En in hânkoer fol bot- dan sei heit: 55 stûren - nee, nou dan gyngen se fuort foar in ryksdaalder, sa'n koarfol... Dy Roomsen, dy fêsten dan ~ hoe hiet dat ~ nou dan ieten hja fisk, dy tiid, dan moast hij it meast Freeds fisk ite, is dat net "Fêsten dan- hoe hiet dat- nou, dan ieten ee net oars as fisk.
B. Dan krigest meer foar de fisk.
P. En tong gong nei Harns en as't in salm fongst ek, lytse salmkes ek, sa hé, sa grut. ek nei Harns.
B. Ja, sa'n 40, 50 sentimeter, dy gongen allegearre nei Harns.
P. De koöperaasje is yn 1921 opheven, tenminsten, dan koest der ôf, doe is ús heit der ôf gien.
B. Dy is doe foar himsels begûn ?
P. Nee, los, selsstannich, losse hannel.
B. At dat wat woe, dan koest moai winst meitsje fansels.
P. Nou, dat wie niks better as hjoed - dy firma dy die Blauw yn de blauwen ?(Buis?) Dy wie directeur fan de Koöperaasje. Wij mochten allegearre graach biljette, en dan wûn hij it, mar úteindelik hij moet beneden de frije handel ... wist wol, al skeelde it mar in pear sinten. At der in protte wie, dan skeelde it hast neat, mar as der in bytsje wie, dan sei dy Firma: nou is der mar in bytsje, nou koartsje wij jo.
B. Ja, sa is't ek bleaun tink, sa is 't bleaun yn alles.
P. Dat is hiel gewoan hjoed.
B. En at der nou in hiel protte wie, wat dienen seder dan mei ? At it nou niks wurdich wie...
P. Op ‘e gloaiïng...
B. Ja, hé dan smieten se it fuort.
P. Sybren van der Veen ried dan foar ús - trije boaten - dan gong er earst mei in pear koerfol, op in frachtsje nei Harns, en at Sybren sa swaaide, dan wisten we wel dat we se wol weidonderje koenen.
B. Dan hoegden jimme der ek net foar te fleanen.
P. Dan koenen wij it dochs net oprêde, dan goaiden we 't oer board, dan skepten wij se der ut.
B. Ek spitich... en gebeurde dat faak, dat der fierste folle wienen?
P. Nee, do hast, dan siet de see fol.
B. Ja, dan wienen der gewoan tefolle, ja, ja, en dan brocht it niks op, it wie wol ris wat mei't waar fansels .
B. Hat omke wolris wat slims meimakke ? Dat de boel stikken rekke, of sa ?
D. Hurde wyn, dêr bliuwen wij hast nooit foar thús.
B. Dan gyngen jim wol de see yn ? „
P. Jaseker... mar iis, dêr koest niks oan dwaan. foeken... at der iis kaam, dat snijde stikken, dêr wie neat tsjin bestand, nou ? mar hurde wyn ? Heit sei: as't mei fûle wyn net yn see doarst, dan kinst de saak wol opstoke. mar hurde wyn, stoarm, dat kaam alle jierren, de iene kear wat mear, de oare kear wat minder. Ik wit noch bêst, doe fiske Machiel foar 't earst mei mij wol 'k leauwe, doe wie 't ek in stoarm en doe hienen wij der foar in stik of tsien , tolve yn ---(en nou folget in eintsje dêr't Pieter wat oan it dwyljen wie: en teljen de foeken, en dat wie febrewarie, en ... weage brekken kalm skin - en it smit op 'e kûm mar hij Fleach tsjin de Slachte oan doe koest... En se seinen nou ôfmjitte en twa plakken ôfmjitte en fandelje en hearringen op ‘e dyk en doe wie it al donker, alles klear, want se woenen dy nachts yn see, mar it waaide sa dat alles lei plat, ien spantsje stie rjochtút, dat hie ús heit kocht fan Túnstra út Boer, van Dalen, en dat spultsje stie rjochtút, de oare tsien leine allegearre plat
B. üh...
P. Plat, lei de brot.
B. Dus doe hat it wolris min west.
P. Mar ús heit hie altyd wat oars as in oar, ús heit sei: lit de rommel lizze, dy stikkene rommel, mar der nije foeken, dêr sette ik in span foeken en skudnetten, en wij hienen de oare deis wer fisk !
B. En dy oaren hellen earst dy rommel der út en dy hiene niks ?
P. Us heit koe doe niks mear, mar hij sei tsjin mij: set dêr mar in span foeken del, lit dy rommel mar lizze !
Sw. Dus se kosten ek mear, ja wis, dat wie goochem betocht.
B. Dat hie hij wol aardich yn 'e holle.
P. Ja, pake hie niks leard, mar hij wie net sa dom hear.
B. Mar dat seit ek net alles, a't je in soad leard ha.
P. Nee, dat ding ha ik jim net sjen litten, mar heit, ... doe ik dy fiskerij kocht, dat wie yn 1926, doe bin ik troud, mar heit beskriuwde dat, in stikje papier mei sa'n 30 sinten, en hij sette der alles op fan de hiele fiskerij, wêr't it laai, wêr't it skuorke wie, en alles beskreau er, dat ha ik noch.
B. O, ja, hat omke dat noch ? moat omke net wei dwaan hjer ! moat jo goed op passe. ”
P. Gerrit krijt it, of Marie, dat wit ik noch net. Ja, dat leit yn 'e doas. Dat hat ek yn Harns west, datselde pepier, mei dy Süderseesteun, doe fregen se in bewiis; ik hie dat bewiis dat ik de fiskerij kocht hie, dat foardiel hie ús heit mij jûn.
B. Goh, wat moai.
P. Ja, as't sa'n bewiis hast, kinst net meikrije, do jaust dat bewiis. datsto op pepier hast dy keardel dy't der oer gie, hoe hiet er, dat wie ek in rotsak, as hij der heal foarwei koe, dan gongst der bij wei, wist wol ?
B. Nou, omke, wij binne al in hiel ein mei it petear, ik moat noch even sjen, oh ja, wij seinen: mei stoarm foel 't mei, mar troch iis gong der wolris wat stikken, mar de foeken dy't fier yn see stienen, waarden dy wolris stikken fearn ?
P. Ja seker wol, dy smoarge, rottige oerfaarder nou ?
B. Dy boat nei Amelân ? dy faarde de boel oan stront ?
D. Seker, at de wyn bûten wie, dan bleauw er goed út de wâl, mar at de wyn binnen wie, dan krûpte er wol ûnder de wâl lâns nou ? dan gie er dwars troch de rigele, nou, en seeplysje, as it seachst, dan koest it bij de seeplysje ferhelje, mar oars neat.. nee, dy rotsak... nee.
B. Goh, wat gemeen.
P. Ja.
Sw. Dêr mocht hij ek net komme fansels.
P. Nee, hij mocht net troch de rigels, mar ja, as't nou bij nacht faarst.
B. Dan sjocht net in mins it, nee. Eh., hoe faak waard der ferskjinne ?
P. Dat is ûngelyk, de earste jacht stie der wol in wike as fiif oant seis yn, mar dan om de fjirtjen dagen. Ik ha ris 8 nije foeken der útskuort, op 'e wâl skjinmakke en droege, it wie om de peaske hinne wol 'k leauwe, doe wiene se ek skjin en koenen der yn....al settest se iepen, se swommen der net út, se koenen der net út, sa'n hearringen.
B. Dus omke hat ek noch in soad netten breide, of omke sels net?
P. Nee, mar in bytsje. Froeger wie it allegearre fan hennep, mar doe't wij begongen, en nije foeken makken, kaam der katoen. Koest de stikken katoen keapje, mar dan moesten se wol ynmekoar setten wurde, en der in ein oan breidzje.
B. Doe koest al hiele lapen netten keapje.
P. Ja, hiele lapen no, en doe waarden se grutter, knelwite, froeger sette heit sa'n 40 oant 45 op, en dan wider, 200 en op't lêst wiene se al 50 grutter en op ’t lêst wiene se al 300. En sa grut wienen dy wiidwurken ek hé, dat wie de wide tretjen, dy wie achter de foarhoepen dan krigest de neare tretjen, dy wie oan dy koarte foarhoep, dat wie de neare tretjen.
Sw. ja..
P. Dy wie tretjen mesken lang, mar wij ha se letter wolris langer makke, dat woe better wippe.
B. Wol omke ek earst eefkes ite, of kin wij it petear noch even ôfmeitsje ?
P. Nou, geen mar troch.
B. Hoe lang bliuwden de foeken heel, hoe lang gongen se mei ?
P. Ik hie acht fan 1914 en fan 1913 ha ik ek noch twa hân, doe't ús muoike nei Amearika gong mei de jonges allegear, en yn 1915 hat er noch ris in pear makke en oars hat er noait wer nije foeken makke.
B. Dus, hartstikke sterk.
P. Ja, mar at it boelgoed wie, dan kocht er altyd in pear extra.
B. Dan hoechde er sels net te breidzjen.
P. En wat âldere, dy ferkocht er wer.
B. En dat skeelde wol yn tiid, fansels.
P. Alde minsken, dy dogge neat mear, hé, dat wie doe ek al sa, it wie fiersten te djoer en doe kaam katoen, doe kochten wij ketoen, en doe koenen wij dat ek hurd krije njonkenlytsen, mei tar, dat wie spesiale tar derfoar..
B. Dan wie it noch sterker, fansels, ja,
P. Ja, dan koe it better tsjin it wetter hé.
B. Dan fergong it ek net sa bot.
Sw. Hoe better je 't spul ûnderhâlden, hoe langer je der mei ta koenen, ja dat is mei alles sa.
P. Earst wie dat sa net, earst wie it ketoen slap, witst wol, betiid yn 't foarjier dan wolst wol fiskje, mar april, maaie, dan moat it hurd wêze.
Sw. Mar tane diene jim elke maaitiid wol, nou ?
P. Ja wis.
B. En wa makke de skudden, wa draaide de skudden ?
P. Pake Durk, dy wie wat goochem, dy hie ielfoeken yn 'e grutte put dêr, en âlde Durk Japkes, Durk Boates dy draaide syn skudden, skas der boven op.
B. De ieltsjes nei Durk ta, en wat skudden nei Pake ta. Se waarden alle maaitiden taant, hoe dienen se dat dan ?
P. Earst mei eek, mei bast fan ekene beammen, dat moest 24 oeren siede en dan kaam dy der yn en dan kamen der wat foeken yn, hele lytse protsjes, letter wiene it grutter protten. Doe kaam der eek dat wie fyn mealt, en der koenen 7 foeken yn, dan hiest se samar klear; en wer letter kasjoe...B.:hoe hiet dat, seinen jo, omke, nooit fan heart.
P. Kasjoe - dat wienen stikken (sukke dingen sawat) dan krigest in kistke, dêr sieten 2 x 2, 100 pûn, 95 pûn, l05 pûn, dy sieten yn houten kisten, Fan sederhout.
B. Wêr krigest sok spul dan wei, waard dat ynkocht dan ?
P. Ja, it kaam fan Lankhorst, wer't it weikaam wit ik net .
B. Nee, dat waard der kocht, en dy ferkocht it wer troch oan jim.
P. Lankhorst hat altyd in toukeapman west.
B. Nou, dêr ha wij it krekt ek al efkes oer hân, at it fiskjen dien wie, wat dienen se dan; Pake gong nei it lân, tink, mar...
P. Pake ? dy hat ek nooit op 't lân west.
B. Nee, ek net ? wat die pake dan altyd.?
P. Op 'e hijploegjes der waard alle jierren in stik fan bûtenachterdyk waard in haad makke, en hije (wist wol?) en dan hiest in grutte balke mei in hynder der foar en sa jagen se dy balken der út, ja.
B. Dus pake Albert hat ek nea op it lân west.
P. No, op 't lêst wol, fansels
B. Doe koe der net meer oars....
Sw. Dy haden der sieten allegearre peallen yn en dy moasten fernijd wurde en dat wie dan har wurk.
P. Ja, mar oars, it is hjir altyd noch peallen? (gloaiing ?)Se binne der hjir yn 1932 útkomme mar oars, it is hjir altyd noch peallen west, dat wie de hoofd….Earst hiest in foarkiste, en dan krigsst in mûlpôle en dan krigest de hoofdpeal en dan noch in peal en dan krigest de achterkiste. Dat Dat wie alles sa dreech as ’t mar wie,en dan hiest in bult stien. B. Dat wie ek in gebealch, fansels.
P. Ja, dat wie in soart wurk, mar ...( net te ferstean).
B. Dat is ek al wer wat dêr't ik neat fan wist.
P. Nee, want dy wienen der net mear. It wienen allegearre stiennen riggen hjir achter dyk.
B. Nou ja, en dan gongen der dus guon op de logger en guon op it lân it wie mar krekt wat se woenen en wat se koenen.
P. Durk is ek op it sûkerfebryk west.
B. Oh, ek noch, dat wist ik ek net.
D. Jawis, mei de hjerstmis, mei Jousma en noch twa, mei syn fjouweren, ek ierpelsykje, per dei in heal punsmiet, yn trije dagen wienen dy dingen der út.
Sw. Mar ja, de Fiskerij is ôfrûn, doe't de Afslútdyk der kommen is.
P. Yn 1939 wie it ôfdien en dat ding is yn 1932 al tichtgongsn. Want heit ferkocht dat lân, dêr siet sa’n brune grûn op, wol 60 tomme brune grûn, dat wie goedeap doe, de heale pleats foar f 8.575,- en ik ferkocht it foar f 1000,- oan Jan Kumker ??