Eind februari begin maart.
De boot moet over de dijk.
Links met pet: Sip van der Zee.
Met witte klompen: Auke Bonnema.
Gebogen met pet: Klaas Wopsz. Houtsma, heit van Metje Koudenburg- Houtsma.
Daarnaast met lichte pet: Jelte van der Zee (zoon van Sip).
Verder nog: Rients van der Zee, Tjitte Kramer en Simon Bonnema, rest onbekend.

Petear mei Kees (K) en Sytske (S) Post-Houtsma, 30 nov 1989.
Troch Binke Dykstra en Klaas Swart (K)

Sytske har Heit hat froeger yn syn jonge jierren fiskerman west en no sil Sytske ús it ien en oar dêr oer fertelle.
S. No, sa'k al sei, 't begjint yn 'e winter al mei it fûkbreidzjen en dan hûpriuwen en dan al yn 't begjin fan febrewaris, as it moai Waar wie, dan seinen se, no Wij moatte lotsje, dan kinne wij begjinne.
Dat lotsjen dat wie bij Sybe Leestma op Koehoal dér lotten se yn ’t kafé. Letter doe is heit ferhúze nei de rigele Nooitgedacht en dan wienen se bij alde Jan Heeringa binnen. Dan lotten se sa, sa lang as de rigele wie, safolle boaten a't der wienen sa folle waard der ek lotte, en lotsje trokken, mar dan alle kearen op 'e nij wer lotsje; dat gong sa net "nou haw ik nûmer twa, en der binne sân boaten, en dan haw ik ek nûmer njoggen, sa net, alle kearen op 'e nij wer lotsje.
B. Mar dan koenen je in pear neist elkoar ha.
S. Ja, elk in span, mar dan wie der wer in oaren ien.
K. Mar wie jim heit sels fiskerman, of wie der fiskersknecht ?
S. Earst fiskersknecht bij Sybe Leestma, letter hie heit sels in boatsreau, en bij Sybe Leestma fiske er bij de rigele Koehoal en letter syn eigen, doe wie it de rigele Nooitgedacht.
K. En wér fisken se op, hjerrings of op wat oars?
S. Hjerrings hoofdsakelik hé en dan wie der noch wat bot en tong en grutte rog hienen se dan wolris boppe op de fisk lizzen, mar de hjerring wie de hoofdsaak; en a't dan de earste hjerrings fongen waarden, dan wie heit sa fûleindich, dan hie hij se yn 'e hannen, en sieten der dan noch in pear yn 'e fûken, dan triuwde heit in pear yn 'e mûle om dy lêste noch út de fûken te heljen! K. Kosten de hjerrings doe wol wat? wie der doe wol wat te fertsjinjen?
S. Ja, yn 't begjin wol, mar it wie ek sa fansels: de keapljue, de negoasje en de koffers en alles, dy kamen al. Dan stienen de stokjes yn see, dan mienden de minsken dat der fiskjes yn 'e stokken hongen. Sa slim wie dat dan yn dy tiid. Mar at der dan wer goed fiske waard, dan wurde der bêst fertsjinne, dan koe it wolris lije, dan waard der wolris in dûbbeltsje oer de ringboei goait, nou?
K. Mar it wurk begûn al yn 'e Winter fansels mei de fûken yn oarder te bringen en sa wat hinne.
S. Ja.
K. En wannear kamen de fûken sawat yn 't wetter, dat se de see yn gongen om de fûken te setten.
S. Nou, yn 't lêst fan febrewaris, dan moast der gjin iis mear yn'e see wêze.
Se ha de boel ek wolris wer oer de dyk sjouwe moatten; doe't ús aldste geboaren is, dat wie op alve maart, doe wie it winter en doe stienen de hjerrings allegearre stiif rjochtút, doe ha se de hiele boel der ut helje moatten en doe't ús jonge ien jier waard doe wennen wij yn de Bjuzze, doe ha se de hiele boel der wer oer de dyk sjouwe moatten.
K. Yn Wat jier Wie dat, Sytske?
S. 1928- en sjoch yn l928/29 doe hienen wij dy strange winter, no doe ha se de hiele boel wer achter dyk wei sjouwe moatten. En dat binne stroppen nou?
K. Ja, ja,..en dan gie dat de hiele maaityd sa troch, oan't de hjerst ta.
S. Dat fiskjen? nee, maaie wie it dien, dan sei heit: nou komt der bloei yn it wetter, nou is't gebeurd; en dat koenen je ek wol rûke want dan stonk it sa no, achter de dyk wei.
K. Ja, dan wie it wurk dus allegearre gebeurd, dus de boel opredde, wat dienen se dan, Sytske?
S. Doe't heit jong wie dan gong hij nei de logger, dan wie heit simmerdei op 'e logger, mar letter wie er bij Jehannes en Thys Houtsma, no? Want hij hat in kear, doe wienen se krekt troud, doe koe heit wurk krije bij Wigle Anema, dêr oan 'e Alddyk. Nou, sei dy, dat kin wol, dêr stiet in gripe en dan moat jo mar oan't groedeprykjen. Doe kaam Wigle Anema middeis bij har en dy sei: nou, giet it wat? "Aardewerk is paardewerk, ik naai út, dêr stiet de gripe" Wat wolle jo dan? sei Anema. Nei Flaardingen, ik gean op 'e logger.
K. De see siet him yn 't bloed, en it fiskjen foaral.
S. Ja, hjer.
K. En hoe gong dat doe op 'e logger?
S. Nou, dan kaam er sa nou en dan even thús en dan hie der foar ús allegearre wat meinommen en ik krige in pop fan him mei in stiennen kop ik wie sa bliid mei dy pop dat ik smiet him in pear kear omheech en dy pop op 'e grûn en de kop op 'e stiennen - stikken!
K. Ja, dat kin dan gebeure, ja,ja.
B. En hoe faek kamen se dan thús?
S. Net sà faak
K. Wol ien kear yn 'e seis wike ?
S. Dat wit ik net sa presys, meskien wol, mar ik wit wol se bliuwden wolris oer, mar dan kaam der in tillegram, want mem en Metsje Piers dy hawwe ris in kear tegearre nei Vlaardingen west, nei dy femylje ta.
Nou wit ik net oft dat ferhaaltsje komme moat, ha, ha, nou, dat sil ik jim fertelle. Dy Metsje Piers, dat wie in hiele stiekemerd, de jûn soenen se mar efkes de strjitte op, no? Kom, sei se, wij geane even yn duzze winkel; gong hja nei in bakker, nou "wat was de bedoeling?" No in pûdsje mei kokyntsjes! "is dit het mevrouw?" Nee, ús mem sei fan kokyntsjes, hjir is't net, wij gean wer fuort. Doe gongen se nei inwinkel, se sei* "Ik moat in lyts poppeskelkje ha!" Wat bedoelt U mevrouw?" Alles útstalle, it is der net bij, kom mar mei, Antsje, ..Sa gongen se wer fuort.
K. Ja, dat krüst mei dy ferskate talen. „ S. Doe sei Jehannes (Metsje har broer, dy' op 'e logger foer) do hâldst op hjer! Doe sei se: wij wolle ek even yn 'e Roomske Tsjerke sjen, wij geane even op 'e knibbels!
K. Ja, krúske slaan.
S. Dêr waarden se der útstjoerd.
~ K. Dus, dêr woenen se har net ha! Dut is wol in moai ferhaal, mar hat mei de fiskerij neat te meitsjen.
S. Ja, dan gean wij der nou wer mei fierder, wér wienen we bleaun?
B. Nou, dat se dan op 'e logger gongen, en hoe lang duorre dat dan fan maaie ôf oant ...
S. Ik wit it net iens sa presys, ik tocht fan oktober. Want dan moast ús heit wer yn it braakhok. Winterdeis wie hij oan 't braken.
K. Dus fan 'e logger ôf yn 't braakhok, tsjonge, mar dat wie ek wol in grutte omwikseling. Jonge noch ta. En dan de hiele winter brake en oan 'e maatyd ta en yn de winter de fûken wer klear meitsje!
S. ja- K. Die jim heit dat allinnich, of holpen jim dermei?
S. Dy fûken?
K. Ja, dy fûken te breidzjen en sa!
S. Heit fûkbreide allinnich, mar dan hie hij fan hiel grutte stringen tou, en dy kamen om de beklingen fan de stoel en dan mochten Harke en ik de nullen fulle, nou dat gong op't lêst wol aardich handich. Wij koenen ek net oan heit syn fûken breidzje want heit wie linkshandich. Dan hie hij in katroltsje oan de solder en dan in hûp oan sa'n stik kramtried, dêr sakke dan njonkelytsen dy fûke yn nou, en dat wie in hiele lengte fansels, dy fûken.!
K. Jim heit wie in handich mântsje, dat dy hantsjes sil wol rap hinne en wer gongen wêze.
S. Nou, freeslik!.
K. En at dy fûken dan klear wienen, dan moasten dy ek wer taand wurde nou? En dat gebeurde dan ek yn it foarjier fansels .
S. Nou, dan hienen se in hiele grutte pôt en fjoer derûnder en dat waard fol wetter oan ' soart brocht en dêr kaam kasjoe, hjitte dat spul, kaam der dan yn en dan waard dat spul der yn smiten. En dan efkes siede en dan der út helje en op 'e platte kroade en dan kaam spul op 't stek te hingjen - se hienen in hiel grut stek om hûs hinne.
. K. Dus dat kaam dan yn kesjoek seinen jo, wat foar spul wie dat?
S. Nou, dat wiene fan dy brune stikken guod, in soarte fan tar.
K. Ja, dat wie om de duursemheid fan de fûken te befoarderjen, ha'k wol begrepen.
S. Doe wienen de fûken noch fan tou, nou is it haadsaak nijlon, nou?
K. Mar jim heit syn heit, dus pake Harke, wie dat ek in fiskerman?`
S. Ja.
K. En dy siet ek op Koehoal ?
S. Ja. Ja, dy hie de rigele Nooitgedacht, en doe hat ús heit pake syn reau kocht en doe is heit yn Nooitgedacht kommen.
K. Ja, dat wie doe in hieleboel drokte hjir op Koehoal en hielendal de seedyk lâns, nou?
S. Ja, mar it wie prachtich.
K. Mar de fiskers hjir op Koehoal dy hiene mei de Bildtske fiskers niks út te stean, nou?
S. Mem hie al Bildtkers op 'e tee en kofje. Jaha. Sil ik ris in ferhaaltsje fertelle! Der wie in Kommys op Tsjommearum, Hassendorp hiet dy, en nijsgierrich wat de fiskers fertsjinnen. Hij nei de seedyk, hij woe wol in mieltsje fisk hawwe. Nou, seit in sekere Jan Stienstra, ha jo ek wat bij jo? Nou ja, hij hie in sekje meinommen; nou, hou dat ding maar ris op, dan doen wij daar wat in. "Ho man, ho man, zo heb ik wel genoeg "Nee, der moet nog mar wat bij!" "Nou, en wat kost dat!" "Nou dat kost niets, dat krijgt U gratis! " Doe wist de kommies noch net wat der fertsjinne waard.
K. Nee, doe wist de kommies noch niks.
S. Nou, en Harke dat wie sa'n heale prater, dan seinen se: moast ris meikomme, Harke, moast ris sjen wat hjir op 'e bin leit. Nou, der lei in grouwe bot. "Hij libbet noch, hij libbet noch" rôp Harke dan, dat fûnen de Bildtkers prachtich nou! Ja, ja,ús mem hie wol in stik of fjouwer, fiif, bildtkers op 'e tee en kofje.
K. Dus dy sieten wol troch elkoar dan.
S. Ja, dy kamen fan de Westhoek en Albert fan Tunen wie der ek bij.
K. Ja, dat is einliks in hiel ferhaal fan de fiskers fan it Bildt, mar wij wolle it speciaal wat witte fan de fiskers fan Barradiel, sjoch.
S. Mar dy fisken hjir ek!
K. Dat Barradiel wie: fiskjen fan hjir, Koehoal oant Harns ta, en dat wie ek in hiele aparte mienskip, de iene koe de oare wol, en sa wat hinne.
S. Ja, seedyksters bliuwe seedyksters, dat wurde nooit doarpsminsken.
Dat wie echt apart folk, gemoedelik meiinoar. Ja dat wie sa, alle fiskers hiene in skjipke oan 'e seedyk en in keppeltsje hinnen en in hoanne. En dan hjerrings en faak wie der blyk bij en spierring no? En dy grutte botten, dan hie heit in kear yn it wetter en dy siet oan it stalt fêst en der kamen de botten yn, yn it swiete wetter. Tong, dêr wienen se hyt op, want dat wie ek in djoere fisk, no?
K. Ja, dat wie in djoere fisk. Ha jo wolris mei fisk sutelje moatten?.
S. Nee.
K. Dat dus net, mar wer levere jim heit dan de fisk oan? Se moasten ôffiert wurde en gongen se dan nei Harns?
S. Dat wie nei de kooperaasje, dat wie mei hynder en wein, en der wie wolris sa'n soart fisk, dan waarden de boeren der ek bij ynskeakele.
K. Wat foar boeren wiene dat dan, boeren dy't ek wat ticht bij de see wennen?
S. Jelte van der Zee die it ek in soart, âlde Pake Jelte.
K. Dat wie doe in hiel apart leven dêr oan de seedyk, no?
S. Ja.
K. Jammer dat dat allegearre fuort gongen is .
S. Och dat is sa spitich.
K. Is dat ek kommen om't de ofslútdyk der kommen is? Witte jim dêr ek wat fan?
S. Ja, doe wie it gebeurd. Doe is it ophalden en at heit-en-dy de rigele útsetten, dan kaam der in peal achterdyk te stean mei in koer der op sjoch dan koene se har dêrop oriëntearje om dy rigele wat rjucht te krijen.
K. En wêr setten se dy dan del, dy peal?
S. Achter dyk, sjoch dan koene se yn see har oriëntearje op dy peal.
B. Mar dan wie de peal dus heger as de dyk, dy stiek der dus boppe ut.
S. Ja, achterdyk.
B. Oh...hjirwei achterdyk! en stie de koer dan op 'e toer?
S. Nee, dy koer stie op 'e stôk ! Der moast de rigele mei rjucht makke wurde, nou? nou en ienkear hie heit de omstroom, en dan moasten se de lampe fersoargje, dat...
B. Wolle jo dat noch ienkear sizze?
` S. Omstroom neamden se dat, heit hie de omstroom, dêr koenen je om de rigele hinne farre; ús heit hie in lampe, in petroaljelampe, dat wie foar nachts en dan moast de skipfeart at se dêr lâns fearen, der om hinne, mar se steurden har der net folle oan, want se fearen rjocht ta rjocht oan, dwers troch de fûken hinne, dat koe har allegearre net folle skele.
B. Mar dan hiene se dus op it ein in lampe?
S. Ja, ja, dêr wie in lampe.
K. A't it nou tige fiskje woe, gongen se dan sneins wolris even achterdyks ?
S. Nee, heit net, dêr prakkesearde heit net oer, nee, nee, sneons tolve oere wie it dien. En ik wol net leauwe, ek net at it goed fiske, ien fan de rigele Nooitgedacht op snein begûn te fiskjen, nee,datdienen se net.
Kees. Want ik ha it wolris meimakke, as der in soart fisk wie, dan krige ik in seintsje, dan wie ik hjir op Sneontemiddei en dan sjoude ús heit de fisk oer de dyk en wij leinen te tellen.
S. Mar tolve oere wie it af! fisk op of net, útpraat.
B. En hoe waard dat tellen dan dien?
S. Elk syn beurt; sa fan: twa, en dan fjouwer, seis, acht, ensfh. En dan wie it hûnderd, en dan wie it twa hûndert, en dan wie it yitris( twa of fjouwer der oer hinne) en dan begûnen je wer op 'e nij te tellen.
Ik mien dat er trije tel yn in bin koe en dan waarden se yn dy bakken dien. Nee, twa fel yn in bin , seit Kees.
K. Mar at it nou tige hurd waaide, lit ús mar sizze it wie tige stoarmwaar, gongen se dan ek efterdyk, aventoeren se dan dat it wat stiller waard?
S. Ja, se gongen mei stoarmwaar net! en se ha ek wolris hân, dan wiene de berjochten(?) fan stoarm, of dat seach in fisker wol, dan hellen se de boat wolris op it grien en oars strûpten se der ûnder, hé.
Us heit-en-dy ha it ek ien kear hân, doe wie de boat losslein en doe wie der yn Holwerd oankommen, en doe hawwe ús Klaas, en yn dy tiid wie der in Jehannes Stellingwerf, dy binne hinnegongen op é fyts mei har bûtenboardmotor mei, mar doe sloech de see op plakken droech en doe lei dy boat fan har ek droech. Mar doe fan Amelân ôf halden se har iderkear yn 'e gaten, mar doe wie de loft freeslik buiig en doe kamen de tongerbuien, mar doe wienen der minsken fan Harns, dy wienen dermei har skip en dy hienen ús Klaas-en-dy sjoen en dy hienen har opfongen.
K. Ja, de kommunikaasje wie doe noch net sa goed as nou.
S. Mar dat wienen minsken fan Harns, dêr wienen se weikommen mei har skip en doe sei Klaas tsjin har, ús boat is it slimste net, mar ús motor. Nou, seinen se, dan lizze we dy wol op in droech plakje, want ja, doe roesde it noch al aardich, nou, seinen se, jim kinne iten krije sa folle as jim wolle, mar ús drinkwetter is mondjesmaat, want at it nou begjint te reinen, dan moat wij dat earst wer opheine! En doe wie it sa, ús heit-en-dy sieten hjir o sa yn noed, mar de reddingsboat hat har ophelle en wer thús brocht.
B. En is de boat doe ek wer mei werom kommen?
S. Ja, dat wie Albert fan Tunen, dy hie in frachtauto en dêr stie de boat op, en dy hat de jonges wer thúsbrocht.Mar dat wie doe wol eh…..nou...freeslik
K. Ja, dat wie in hiel besit nou, de fiskersboat.
S. Ja.a,-mar it stoarme en heit dy sei "at de jonges mar net troch it gat slaan, want dan komme se op'e Noardsee. Ja, in rare nacht ha heit en mem doe trochmakke.
K. Ja, kin je begripe... Alle boaten hienen doe in nûmer no, jim heit syn boat dat wie ek de BAR.. hoefolle ?
S. 17- en dêr is nou noch in kiste fan en dy is bij Jehannes Houtsma bedarre en dy ha him yn 'e keamer stean mei blommen der yn.
B. Wat foar kiste wie dat dan?
S. In hjerringkiste... Kees: in platte hjerringkiste.
S. Ja, in platte hjerringkiste. Kees: dêr koe in binfol yn!(200)
B. Oh, dus sa'n bin gong yn in kiste en dan gongen dy kisten op 'e wein.
S. Earst setten se de binnen op 'e wein, mar sjoch dat koste folste folle want at dy dingen fol wienen, dy lutsen hielendal skeef, dy kisten wienen folle better, folle makliker.
B. Dy wienen steviger fansels, en dy steapelen ek noch goed.
S. Ja.
B. En dy boat, Want dêr ha wij it ek noch nooit oer hân, wa makken eins dy boaten, witte jo dat? Wêr kamen dy wei?
S. Waarden dy net yn Berltsum makke?
Kees. Ja, dy Waarden yn Berltsum makke- ja.
S. Ja, hé? K. Dus yn Berltsum, dêr Wie de boatebouer fan fiskersboaten.
S. Ja!!
B. En jo witte der gjin namme fan, tink? S. Nee, dat wit ik net. B. Dus dy waarden wol altyd bij deselden weihelle, of tenminsten...
S. Ja, en dan kamen se wer út see wei, mei dy stokken derûnder, rôlen mei mekoar, rôlen se allegearre mei mekoar, al dy fiskers, it wie in moai gesicht, dan waard de achterste stôk wer ferlein en sa waard boat omheech lutsen, earst omheech, mar der ek wer bij del! Nou, en kaam er op 'e kop en dan waard er skjinmakke en dan waard er tarre. En dy âlde fiskershúskes, dy hienen allegearre neist it húske in skeef dakje, in hokje, en dat wie it boathokje.
B. En dan kaam er allinnich winterdei út it Wetter, tink.
S. Ja.
B. En salang er fiske waard bliuwden se gewoan yn see, of waarden wol op 'e dyk helle?
S. Mei stoarm, at it stoarm wie wol.
B. Ja, allinnich at it min waar wie.
S. Ja, se wienen altyd blij, mei stoarm, at se ûndergongen, want dan skeaten se ûnder wetter.
B. Ja, dan koe der fierder niks gebeure, dan rûnen se fol en dan leinen se , ja.
K. Nou, Sytske, jo soenen hjir noch wol hiel wat fertelle kinne, mar yn earster ynstânsje witte wij al hiel wat en miskyn komt der aanstons noch wol in oanfulling efteroan., mar ik soe sizze: dank foar dut ferhaal.
S. Ja, ja, mar dy steur ! Kees: nee je, se is der noch net! Ja, 't ansjofiskjen, hè ? Us Klaas en Haye Stellingwerf, dy hienen togearre in kom; nou, doe dy kear, doe wie heit der ek wol bij... mar enfin, dy steur! Mar dat wie sa'n monster, dat se hawwe in mastworp om de sturt dien, dy wie dat bankje, hoe hiet dat yn 'e boat? Mestelbank dêr oan fêst en sa ha se him nei de dyk aveseard.
B. Oh, ha se him sa meiskoard?
S. En doe mei ljedders ha se him sa oer de dyk dien,it bist koe net op 'e wein, dat doe hat Hein Groeneveld mei de auto (frachtauto) en in bûkberje op dy auto en dêr is dy steur op kommen, en sa ha se him fuortaveseart.
B. Hoe grut wie dar bist dan wol?
S. Ik miende dat ús heit-en-dy seinen fan trije hunderd pûn, mar doe seinen de bern fan omke Simon fan trije hûnderd kilo, sjoch, dat liket mij net goed , seis hûnderd pûn. Mar it is sa, heit-en-dy ha ek Wolris in boatfol fisk hân dan sei heit tsjin Thys en Jehannes, de boat is fol fisk, dan moat de alde blauwe der mar foar, dat dan brocht dat ald hynder de boat op 'e gloaiïng. Sjoch, dat is dan ek noch wol in leuk ferhaaltsje der bij, is't net wier?
B. Ja, dan lutsen se de boat mei fisk en al derút om 't oars sa'n gebealich wie.
S. Ja.
K. Mar sa'n steur, dy wie djûr fansels, dy hat wol wat opbrocht!
S. Ja...mar nou noch in ferhaaltsje. At Heit-en-dy in seehûn fongen, dan snijden se ien flerk ôf en dêr gongen se mei nei it gemeentehûs, dan krigen se trije gûne preemje.
B. Werom, woenen se dy seehûnen net yn see ha dan ?
S. Doe wienen se skealik, wol ik leauwe.
B. Jawis.
S. Jehannes en Thys binne wolris mei in boat yn see west mei in laden gewear, dat se se skeaten...ja!
K. Der is al hiel wat feroare yntiids, want elts is nou hiel wiis mei in seehûntsje. Mar doe wienen der tefolle!
S. Ja, dat wie in moai gesicht, dan seagen je se oankommen, sa'n swarte bol, dat wie de kop...
B. Enne, dêr ha wij it ek noch nooit oer hân, siet der ek ferskil yn it gewicht, yn de grutte fan de fisk? It gong per tal, mar net per gewicht .
S. Ja, twahûnderd wie in tel, der kamen fjouwer oer hinne en dan begongen se wer op nij te tellen. Heit hie ek wolris...ja, in flint, dat wie dan wer in hjerring fan grut formaat einliks, dêr wienen se ek wol Wiis mei.
K. Nou, dat is nijskierrich om dat allegearre te hearren!
B. Ja, ik ha wer wat! werom dienen se der fjouwer oer hinne?
S. Samar, service, je! se koenen har ris fertelle.
B. En dan begongen se wer op'e nij.
S. En at der te folle skarkes wienen, dan kamen dy oan toutsjes oan 'e muorre, droege fiskjes, nou?
B. Skar waard droege?
S. Ja.
K. Nou, dy Wienen lekker ! nou!
S. Ja, ja.
B. Halden se sels ek altyd in protte fisk?
S. Nou, der waard wol om tocht of je alle dagen wol in bakt fiskje hienen. Ja, de earste hjerringen net fansels, dy wienen te djoer.
K. Nou Binke, wij witte earst wer heel wat, wij kinne no wol stopje mei it petear net?.