-


Foto: Griet Steensma St.Jacob.

Jehannes Grôt,
Eartiids helle de jongerein fan Tsjummearum wol grapkes út hokker amper koene.
U.o. dizze: Sa libbe yn Tsjummearum in man neamd Jehannes Grôt. (Sa waard hy altyd neamd, Jehannes Alkema is syn eigentlike namme en wenne yn it earmhûs yn'e lytse buorren, bij 'vader en moeder' de âlderein kin him fêst noch wol.) It wie al in âld mantsje en hy swalke altyd op'e dyk om yn in groffe manchesteren broek en jas, swart en feal, en in grutte pet op'e holle. Ik tink dat at hy jûns de broek út die dat dy gewoan rjochtop stean bleauwe soe mar dat wyt ik net seker.
Syn âlde, troch tearen tekene antlit hie stéfêst yn beide mûlehoeken in jarre goatsje.
De man wie nammentlik in betûft prûmker. Hy hie altyd in prûmke tabak yn'e mûle en koe der blykber net sûnder. Doe't op in kear ien fan'e jongerein in leech prûmtabak pûtsje fûn, ik leau dat it Piet flyp of Sûre sip wie, kaam der in plantsje by harren op. Jehannes hie ek de gewoante om lege pûdsjes sjek oft prûmtabak fan'e dyk op te pakken om te sjen oft der ek noch wat foar him yn siet. Dat wie fansels in útlêzen kâns om him te fiter te nimmen. Hja diene it pûtsje omsichtig heal fol mei stront en leine dat op in plakje sa dat Jehannes dat stéfêst sjen soe. Se tochten sa dat at Jehannes dat pûtsje ek neisjen soe en dêr dan syn fingers yn stekt om te fielen oft der noch wat foar him yn siet, dat hy dan mei syn fingers yn'e stront taaste soe. En sa kaam it ek. Jehannes fûn it pûtsje en sa at al foartocht wie kaam út. Syn fingers sieten ûnder de stront en nei dat hy der oan roken hie feide hy se ôf oan it gers en dernei oan syn broek. Dat grapke hat trije kear plakfûn wyt ik wol en wy ha der doe tige om lake mar dernei wyt ik net wat der mei Jehannes bard is want ik ha nea wer wat fan oft oer Jehannes Grôt heard.

Sjoerd F Talsma
Fan hearen en sizzen In protte ferhalen bin foarhinne bard, ferteld en betocht, mar dit ferhaal is wier bard ik haw it sels heard. Sa wie der ris in man dy koe sa alle- machtichst hurd ride op redens, hy wie yn steat om syn eigen skaat efter him te litten. Sa gean der fer- halen oer him, en as ik liich dan haw ik it net betocht, dat op in kear soe der ek wer it iis op. It wie wol tsien graden ûnder nul dy dei, en it iis wie noch hiel tin mar dat deale him net om't hij sa hurd ride. Dan hoecht it iis net sa dik te wêzen. Hij ried fan it iene doarp nei it oare yn minder dan tiid. Hij fleach sa ôfgryslike hurd dat hij net seach dat der in wek foar him dage dat hij net mear ûntwike koe. Hij fleach mei in needgong it wetter yn, it wie kwealik te sjen en ik ha heard dat troch it skerpe iis syn holle der ôfsnijt waard. En troch de gong dy hij hie glied syn holle oer it iis, en efkes fierder wie der wer in wek en yn dat wek kaam hij wer boppe. En sa koe it barre dat romp en holle wer krekt sa op inoar sieten as foar- hinne en trochdat it sa fûleindich frear siet de holle ek fuort wer fêst. Hij klaude út it wetter en is gewoan troch riden. De man hat it nea oan in oar ferteld it wie in grut wûnder fansels en spitich dat dêr nimmen bij wie want ik hie soks wol sjen wollen.
Sjoerd F. Talsma 23-01-2014.

Peste
Steegje is net mear sa at it wie, no njonken Sjoerd Bouma yn de Wersterbuorren nei skoalle. Waard foarhinne in protte brûkt troch de jongerein by 'Hasse jeijen' fan dêr de klompen op de stienen, en de amer wetter is ek echt bard.
Se hiene altiid al in bytsje de gek mei lytse Wytse hân oant no ta. Mar dêr koe hy sels neat oan dwaan. Syn iene skonk is wat fergroeid en is wat koarter en bryker as de oare.
De oare bern moasten Wytse altyd ha as it om kwea-jonges streken gie.
At se immen te pakken hiene dan wie it Wytse wol.
Mei it fuotbaljen wie Wytse altyd de lêste hokker keazen waard en by side-plakboartsjen lieten se him soms oeren op syn plakje sitte.
Wytse wie altyd de pineut. Sa gong it ek altyd yn Paulus-steechje.
It steechje is sa neamd omdat Paulus Krotsje dêr wenne yn in âld ferfallen húske.
Hoe't Paulus eigentlik fan efternamme hjitte wist net ien, mar elk neamde it strjitsje sa omdat Paulus yn in krotsje wenne.
It steechje wie bestrjitte mei lytse giele stientsjes en at Wytse en syn freonen dêr lâns draafden op harren klompkes dan hie dat nochal wat kabaal en dêr koe Paulus net goed tsjin. Hy hie der mar in hekel oan en as dy jonges dêr dan werris lâns draafden dan hat hy wol ris besocht om ien fan dy dogenieten te pakken te krijen. Mar Paulus wie al âld en net sa fluch mear en boppedat wiene Paulus syn skonken ek net wat it wêze moast, mar dat wie nei't men sei it gefolch fan Polio yn syn jonge jierren.
Letter hat Paulus it oars besocht want as hy de jonges oan kommen hearde dan stie hy klear mei in amer fol mei wetter en as hy tocht dat se foar syn hûs wiene dan smiet hy de amer leech troch de foardoar.
Yn'e hoop fansels dat ien fan dy rot bern wiet wurde soe en net wer troch it steechje doarsten. Mar Paulus wie eins altyd te let en wiene de jonges alwer foarby.
Mar as der al immen wiet waard dan wie it Wytse fansels want dy rûn altyd efteroan troch syn ûngelokkiche skonk.
De oare bern hiene dan de measte wille en laken har de bûsen út.
Mar de lêste kear dat hja dêr lâns draafden kaam der gjin wetter en de doar bleau ticht.
Dat wie wol frjemd want Paulus reagearde altyd.
Nei noch in pear kear efterelkoar der lâns te draven hiene de jonges harren nocht der ôf. Der kaam gjin reaksje.
De jûns oan de itenstafel hearde Wytse dat heit tsjin mem sei dat Paulus stoarn wie en dat hy oansteande tongersdei op it hôf begroeven wurde sil.
Wytse skrok der wol fan. Hy hie it altyd begrutlik fûn om Paulus sa te pesten, mar hy woe ek graach meidwaan mei dy oare jonges fansels. Doe't hy de jûns op bêd lei koe hy dêr mar muoilik los fan komme en tocht as ik sa âld bin dan sille de bern my ek wol peste.
Mei triennen yn syn eachjes is hy yn sliep fallen.
Op tongersdei te middei kaam Wytse fiersten te let op skoalle en master wie lilk op Wytse. Mar Wytse woe net fertelle wêrom at hy sa let wie en dêrom krige hy straf fan master.
Hy moast nei bliuwe en straf-wurk meitsje krekt salang as dat it ôf is.
Want te let komme sûnder in goede reden dat mocht net, sei master.
Wylst syn kammeraten laitsjend de klasse út gongen begûn Wytse oan syn straf-wurk.Jûns krekt nei it jûnsmiel gong de doarbel.
Master woe even fan heit en mem witte wêrom at Wytse hjoed sa let op skoalle kommen wie en dat Wytse dêrfoar straf hân hat.
Heit en mem hearden der nuver fan op want Wytse hie neat sein oer wat der dy deis bard wie.
No koe Wytse der net mear ûnder út en moast hy it hiele ferhaal wol fertelle.
Oer it pesten fan Wytse en wat se altyd diene yn Paulus-steechje en en .... Hy koe it gûlen net mear tsjin hâlde en krige al wat meilijen fan de oaren.
En tusken it snikken en de triennen troch fertelde Wytse dat hy it net litte kinnen hat om op it tsjerkhôf nei Paulus syn begraffenis te sjen omdat hy him sa ferbûn fielde mei Paulus en syn beheinde skonken en dat dat him sa begrutte.
Master krige tige spyt dat hy Wytse straf-wurk jûn hie mar, sei hy, dat dat kaam omdat Wytse net fertelle woe werom as Wytse sa let op skoalle kommen wie.
Heit en mem treasten Wytse en seine dat se it hiel goed begripe koene dat Wytse sa'n begrutsjen mei Paulus hie.
En hja seine dat se der fuortoan better om tinke sille dat Wytse net mear sa pleage wurde sil.
“Ja” sei master “en ik ek, ik sil der ek better omtinken oan jaan en ik hoopje datst my ferjaan kinste dat ik dy straf-wurk jûn ha.” “Ja wis wol master” sei Wytse “want dat hie ik der wol foaroer.”

Sjoerd F. Talsma 25-02-2014.
Tige tank Durk, It sil om en de by 1960 west ha. It ys wie op de measte plakken betrouwber en der waard dan ek folop riden. Op de measte plakken sa as sein, mar ûnder de brêgen wie it noch wat oan'e tinne kant. Der ried in man as 6 a 7 efterinoarren oan fanôf Easterbjirrum nei Tsjummearum en dêr ried ik efteroan. De mannen wiene al wat âlder as ik mar ik koe se wol byhâlde. Oan't de spoarbrêge gie it goed en der ûndertroch ek noch wol, mar doe fleagen de mannen foar my as in gek fan it ys ôf. Ik dus net en dat hie ik better al dwaan kinnen want foar my wie der gjin ys, mar wetter! Sadwaande fleach ik foar dat ik it yn'e gaten hie it wetter yn en bedarre ûnder it ys. At der net immen west hie dy't my der ûnder weihelle hie dan hie ik grif fersopen. Ik bin dy jinge fansels noch altyd tankber, want op'e búk op it ys koe hy my noch berikke wylst der in protte minsken omhinne stiene en de Labo bus dêr op'e dyk noch stoppe. Durk Hoekstra wie dijinge hokker my rêden hat en ik leau dat Arjen van Steinvoorn Durk noch by de redens fêsthold. Iens wer op'e kant ha ik tige wetter oerjûn en bin dêrnei op nei hûs ta gien. Triljend fan'e kjeld siet ik by de kachel doe't myn heit hearde wat der bard wie en doe krige ik ek noch in skop ûnder de kont, want dat hie ik wol fertsjinne sei er. Dy âlde Amerikaan hat der noch in gouden klokje foar krige fan de boargemaster fan Barradiel. Sa'n 17 jier ferlien ha ik noch yn Amerika west by Durk om him ek fan my noch in oantinken te jaan. Mei tank dus oan Durk Hoekstra,
Sjoerd F Talsma 26-02-2014.