KRÉFT en KOP.

De leste partij tusken Ingelum en Tsjommmearum waerd "de partij tusken kréft en kop” neamd.
It wiene beide "ienmansparturen”, sa’t men dat yn de keatserstael neamt.
Beide parturen dreaunen troch ien persoan, hokker nuttich wurk harren maten ek dienen: by Ingelum wie dat de lange Jan Koopal en by Tsjommearum de bloune Sjoerd Heeringa.
By Jan Koopal soe men dan mear “de kréft” en by Sjoerd Heeringa mear “de kop” sykje moatte.
Der siet hwat yn dizze únderskieding.
Koopal wie mear dynamysk, Heeringa mear taktysk;
Koopal hie mear enthousiasme, fan Heeringa gie mear rêst ut; Koopal wie mear de man fan de oerkrêft, dy’t der by it keatsen nedich is, Heeringa mear de man fan it oerliz, dat krektsa nedich is.
Koopal: hwat in krê en feart, as er mei syn Hiele atletyske lichem syn skroeijende ballen yn in klassike opslach lansearde.
Mei hwat in machtige slagen jage er de ballen efter ut it perk wei oer de boppeline.
Mar hwat in rest en wissichheit gie der út fan Sjoerd Heeringa.
Hoe kalm joech er syn instruksjes oan syn maten.
Hy naem de tiid foar de wedstriid en gong ris buten it perk stean foar oeliz mei syn maten.
Mei hoefolle ynsjoch stelde er him op yn it perk.
It wie as loek er de ballen dêr op him ta.
En mei hwat foar in takt lei er Jan Koopal dy’t tofoarren it drege patúr fan Frjentsjer mei forwoeste krêft omfier roun hie, suver lam bytiden.
L.c. 10 augustus 1961.