Liauckama schuilkelder ca 1987.

Underdûke

Doe't alles feilich wie, kaam ús heit wer foar 't ljocht.
Dyselde deis is hy noch fuortgien.
Earst nei famylje yn Mullum, doe nei De Gaastmar.
Mar hy koe net yn Fryslân bliuwe.
Ek de N.S.B.-boargemaster fan Barradiel liet him witte: "Gean fuort, gean fier fuort!".
Hy is nei Breukelen gien.
Dêr hat hy de ein fan de oarloch ôfwachte.
Wy moasten ek ûnderdûke.
Mem hat de rest fan de oarloch by heit yn Breukelen west.
Us Djoke wenne sa lang yn Frentsjer en ús Janny by famylje yn Seisbierrum.
Doe't ik fuortgong seine se: "Do moatst der om tinke datsto net yn hannen fan dy moffen falst, want se kinne dy brûke!"
Ja, se koenen my as gizeler brûke om ús heit te finen.
Of se koene my nei Dútslan stjoere om te wurkjen.
Ik reizge fan it iene nei it oare ûnderdûkadres.
Ik ha noch trije oerfallen meimakke: yn Axel, yn in trein en by in omke yn Seisbierrum.
Mar ik wist altyd krekt op 'e tiid te ûntkom¬men.
Ik fielde my soms as in stik opjage wyld.
Lolle Rondaan, Gerben Oswald, Gerrit Schuil, Folkert Bergsma, Rients Westra en Jelle Bruinsma kamen op 14 febrewaris 1944 yn Assen foar it ‘S.S.-Standgericht'.
Se krigen de deastraf.
Us heit waard by ôfwêzichheid ta de dea feroardiele.
Se setten 10.000 gûne op syn holle.
De deastraf fan myn omkes waard omset yn 15 jier konsin¬traasjekamp.
Omke Rients stoar op 30 novimber 1944 yn in kamp yn Oldenburg.
Omke Jelle hat it kamp oerlibbe. Lolle Rondaan, Gerben Oswald, Gerrit Schuil en Folkert Bergsma skreaunen yn de jûn fan 15 febrewaris 1944 in ôfskiedsbrief.
De oare deis waarden se deasketten by Amstelveen.
Op 6 maaie 1945 kamen ús heit en mem wer thús.
Nei oardel jier wienen wy wer by elkoar.
De jûns kamen der in pear hûndert minsken nei Liauckamastate.
Wy ha doe de ein fan de oarloch fierd mei in geweldich freugdefjoer'.

Ut: “Spoaren fan de oarloch” fan it Minskiplik Sintrum foar Underwiisbegelieding yn Fryslân.