Liauckama schuilkelder ingang ca 1987.

FERRIE YN SEISBIERRUM

(Seisbierrum, 1943)
'Doe’t ik seis jier wie', sa fertelt Feike Bruinsma,'kaam ik op skoalle yn Seisbierrum.
Dat wie yn 1932. Dat wie in tiid fan grutte earmoede.
Yn de tritiger jierren brochten de ierdappels en de molke hast neat op.
Heit, dy't doe boer op Liauckamastate wie, hie gjin jild om de arbeider te beteljen.
Simmers gong ik mei myn maten te bollepellen.
Wy fertsjinnen dan fiif sinten op in middei.
Fan dy sinten kochten wy knikkerts en dropkes by de winkelman.
Wat wie dat in feest! Doe't de oarloch útbruts, krigen wy mear jild foar de molke en de ierdappels.
De Dútsers hiene ferlet fan alles.
Mar se ferplichten ús hea en ierdappels te leverjen.
Ek moasten wy koalsied ferbouwe.
Yn de earste oarlochsjierren gie alles syn gewoane gong.
Mar dat feroare doe't yn 1943 ûnderdûkers op 'e pleats kamen.
Rients Westra, in omke fan my, socht feilige skûlplakken foar minsken dy't troch de Dútsers socht waarden.
De earste ûnderdûkers wiene twa studinten.
Se woene de loyaliteitsferklearring net tekenje.
Us pleats wie in prachtich plak foar ûnderdûkers.
De pleats lei, in eintsje fan it doarp ôf, ferskûle tusken de beammen.
It wie fansels in gefaarlike ondernimming, mar mei alle middels besochten ús heit en syn helpers it gefaar sa lyts mooglik te meitsjen.
Der kaam in moai skûlplak: in kelder dy't foar frjemden net te finen wie.
Yn dat skûplak koene de minsken dy't der ynsieten, it in hiel skoft úthâlde.
De K.P.ers, de mannen fan de knokploech, koene der ek yn sliepe.
Se diene dat faak.
En as der in oerfal kaam, soe ús heit der ek yn krûpe.