Frans Michon

Op 19 febrewaris 1943 kaam der in nije ûnderdûker by ús op 'e pleats.
Hy hiet François (Frans) Michon.
Hy wie Nederlanner, mar hie tsjinst nommen yn it Dútske leger.
Om't hy bang wie dat hy nei Ruslân moast, desertearre hy út it Dútske leger en socht in ûnderdûkadres yn Harns.
Doe’t hy by winkelman Roorda yn Harns kaam, seach hy der siik en beroerd út.
Roorda woe him wol helpe.
Hy brocht Frans Michon by ús.
Us mem hat him goed fersoarge en nei trije wike wied er wer aardich opkalefatere.
Yn it begjin gong alles goed.
Hy holp mei op 'e pleats en ik koe it goed mei him fine.
Ik fûn wol dat hy in soad praatsjes hie en wat tè folle opskepte oer wat er allegear yn Dútslan belibbe hie.
Wy fertrouden him net hielendal.
Sa'nen koene wy net op 'e pleats hâlde.
Us heit en omke Rients brochten him nei Easthim.
Mar hy fielde him dêr net feilich en frege oft er werom komme mocht.
Sa kaam Frans Michon wer by ús. Hy woe mei alle geweld by de K.P., mar nimmen fielde dêr foar.
Hy prate tefolle en stelde allerhande fragen oer ûnderdûkers en fersetswurk.
Echte K.P.-ers woenen sa min mooglik witte.
Se koenen dan ek gjin maten ferriede, as se pakt waarden.
Nee, Frans koe net by ús bliuwe.
Dêrom joegen se him de rie mar wer nei syn âlden yn Hollan te gean.
Mar hy gong net nei syn âlden.
Hy gong nei de S.S. yn Amsterdam.
Dêr fertelde er, dat hy alles fan de K.P. yn Seisbierrum en de oanslach op plysje Van Wijnen yn Harns wist.