Ferrie!

Op 22 novimber, yn 'e nacht fan sneon op snein, kaam Frans werom mei sa'n 50 Dútsers.
Se sloegen op 'e rúten fan 'e foarkeamer en raasden dat de doar iepen moast.
Us Janny en ús nichtsje, ek in Janny, skrokken wekker.
Us Janny die de doar net iepen.
Se fleach nei de sliepkeamer fan ús heit en mem en rop: "Heit, dêr binne de Dútsers!"
Heit skeat oerein en krige syn pistoal ûnder it kjessen wei.
De Dútsers hienen in rút ynslein en wienen al yn 'e foarkeamer.
Heit fleach nei it keammerke dêr't de yn¬gong nei de skûlkelder wie.
Hy wie te let!
De doar stie iepen en se soene him grif sjen as hy der hinne rûn.
Hy flechte nei de bûthússouder en krûpte ûnder it losse hea.
De Dútsers stoarmen myn keammerke yn.
"Hände hoch...!" raasden se en skopten en sloegen my nei ûnderen.
Se flokten en raasden wêr't heit wie.
"Dy is fuort", tocht ik.
Se triuwden ús mem nei it keammerke dêr't de yngong nei de kelder wie en dêr't Gerrit en Gerben sliepten.
"Dy binne gelokkich feilich", tocht se.
Mar doe, en it wie oft har hert stil stie, hearde se sizzen: "Hjir is de kelder".
"Ferrie!" skeat it troch har hinne.
Om't de Dútsers mei hangranaten drigen, joegen Gerben en Gerrit har oer.
Bûten stie Frans ferskûle achter it stookhok.
Om't se heit net fine koene, fregen se Frans oft der noch oare skûlplakken wiene.
"Ja", sei hy, "soms sliepe der ek ûnderdûkers tusken de striepakken".
Se hellen alles oeral, stutsen mei foarken yn it hea, mar fûnen neat.
In soldaat krige de opdracht it hea, dêr't heit ûnder ferskûle lei, mei de hannen ôf te taasten.
Wat doe barde, sil altyd in riedsel bliuwe.
De soldaat rekke him trije kear oan syn bil, syn side en syn holle.
Heit ferweegde him net en de Dútsker sei neat.
Se hâlden ús mem goed yn 'e gaten.
Mar even fergeaten se har.
Dêr makke se fuort gebruk fan troch piper oer de grûn te struien.
Troch dy piper koe de speurhûn neat rûke.
Hy koe ús heit net fine.
De Dútsers wiene razend.
Se sloegen en skopten my wêr't se my mar reitsje koene.
Se drigen de pleats yn 'e brân te stekken.
Lokkich diene se dat net.
Heit wie der noait libben útkommen.
De Dútsers sochten de hiele nacht.
It wie al tsjin melkerstiid doe't se fuortgongen.
De beide K.P.ers Gerben en Gerrit namen se mei.
Frans Michon wiisde yn it doarp ek it hûs oan fan omke Rients Westra, syn broer Klaas, Folkert Bergsma en noch in tal oare K.P.ers.
Hy brocht har ek nei Bitgum, it wenplak fan Lolle Rondaan.
Njoggen manlju foelen yn de hannen fan de Dútsers.