Fam. H.Houtsma Hoarnestreek 8.

Dut gebou is der nei de twadde wrâldoarloch kommen.
Foarhinne wenne fam. Houtsma oan ‘e Seedyk; mar harren gernierspultsje is yn’e oarloch troch in brânbom, falle litten troch in fleanmesine, dy’t oansketten wie en flechtsje moast.
Dy bom kaam yn it hea telânne en dertroch wie it al gau gans in brân.
Ear ’t men der erch yn hie.
Der mocht net wer oan’e Seedyk boud wurde; want men hie doe al begrepen, dat as de Seedyk mei de tiid ophege wurde soe.
Derom waerd dit gebou, der’t letter in skuorre foar ferwurkjen fan wytlof by boud wurde soe, doe oan ‘e Hoarnestreek oprjochte.